Home > Frysk > Frysk yn Achtkarspelen

Frysk yn Achtkarspelen

Praat mar frysk logoFrysk taal- en kultuerbelied yn Achtkarspelen

It gemeentlike taalbelied fan Achtkarspelen is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Ut dat útgongspunt wei fine wy it wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate èn fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan elkoar..

Nota Frysk taalbelied

De gemeenteried hat op 6 juny 2013 de Nota Frysk taalbelied fêststeld. Mei dizze nota hat de gemeente in ramt foar it Frysk taalbelied. De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbelied is it kreëarjen fan rânebetingsten foar behâld en it fuortsterkjen fan de Fryske taal.

Frysk taalspultsje

Doch mei oan it Frysk TaalspultsjeBisto benijd nei hoe goed asto dyn gemeente kenst en ofsto de Fryske taal in bytsje yn 'e macht hast? Gean dan daliks los mei it Frysk diktee oer de gemeente Achtkarspelen 2012! Klear? Doch dan ek nochris it taalspultsje fan 2011 en dy fan 2010.

Sprektaal gearkomsten

Sprektaal by de riedsgearkomsten is likegoed Nederlânsk as Frysk. Dat jildt ek foar oare gearkomsten, lykas harksittings. By in harksitting wurdt eltsenien de kar jûn yn it Frysk of Nederlânsk it wurd te dwaan.

Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear

Yn de 'Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Achtkarspelen' is omskreaun hoe't de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik ferkear. De oardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens. Dit hâldt yn dat de gemeente in kar makket foar it brûken fan de Fryske òf de Nederlânske taal.

Korrespondinsje en offisjele stikken

In Fryske brief wurdt troch de gemeente yn it Frysk beantwurde. As jo in klacht ha, kinne jo dat sawol yn it Frysk as it Nederlânsk yntsjinje. In klacht yn it Frysk, wurdt yn it Frysk beantwurde. As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dizze klacht ek yn it Frysk behannele wurde. Offisjele stikken wurde yn prinsipe yn it Nederlânsk útbrocht. Jo kinne freegje om in Fryske oersetting bygelyks fan in ôfskrift fan gegevens út de basisadministraasje persoansgegevens.

Trouwe

As jo trouwe, kinne jo kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk of it Frysk. It trouboekje dat it breidspear meikriget is steld yn it Nederlânsk en it Frysk.

Logo AfûkTaalkursussen Afûk

De taalkursussen fan de Afûk dy’t hâlden wurden foar de boargers yn ús gemeente, wurde troch de gemeente subsidiearre. Sjoch foar mear ynformaasje oer de mûnlinge kursussen op www.afuk.nl. Jo kinne de kursussen Frysk ek digitaal folgje fia www.edufrysk.nl.

Plaknammen en strjitnammen

De plaknammen op de kûmbuorden wurde likegoed yn it Nederlânsk as yn it Frysk pleatst. Dat jildt ek foar de buorden mei de nammen fan de buorskippen. De strjitnammen yn de doarpen yn ús gemeente binne yn it Frysk fêststeld, útsûndere de besteande strjitnammen yn ‘e doarpen Bûtenpost en Surhústerfean. Foar nije bestimmingsplannen yn de lêstneamde doarpen wurde ek Fryske strjitnammen fêststeld.

Subsydzje Fryske taal en kultuer

Foar aktiviteiten en eveneminten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer kin by de gemeente subsydzje oanfrege wurde. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei mefr. D. Verbeek,  tillefoannûmer 14 0511.

TomkeTomke-projekt

De gemeente jout subsydzje foar It Tomke- projekt. Dat is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar pjutten, mei as doel it befoarderjen fan de lês- en taalûntwikkeling fan bern yn gearwurking mei de âlden. It materiaal fan it projekt bestiet út in lêsmap, boekjes om mei nei hûs te nimmen, posters, ynformaasjebriefkes oer de t.v.-út- stjoerings en foarljochtingsgearkomsten foar de pjutteliedsters. Sjoch foar mear ynformaasje op www.tomke.nl.

Logo heitenmem.nlTaaltaske jonge âlden

Jonge âlden krije by oanjefte fan harren bern in taaltaske oanbean. Dit taaltaske hat as doel jonge âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. Yn it taaltaske sit ynformaasje oer meartalich opfieden en oare aardige saken, lykas in knuffel, in slabke, sokjes, in Tomke-boekje, in cd, it boekje ‘Ik en ik’ en ynformaasje oer www.heitenmem.nl

Foarljochting nije ynwenners

Nije ynwenners krije in wolkomstpakket mei ynformaasje oer de twataligens yn Achtkarspelen. Yn it wolkomstpakket sit ûnder oaren de brosjuere ‘Taal fan it hert’ oer de Fryske taal en kultuer en ynformaasje oer de kursussen Frysk fan de Afûk. Ek organisearret de gemeente ien kear yn it jier in ynformaasjegearkomste foar nije ynwenners yn it gemeentehûs.

praatmarfrysk logoPraat mar Frysk

Wy dogge mei oan de ‘Praat mar Frysk’-kampanje fan de Afûk. Doel fan dizze kampanje is de boargers bewust te meitsjen fan har eigen taal en identiteit en de mearwearde fan harren meartaligens. Op de webside www.praatmarfrysk.nl fine jo mear ynformaasje en kinne jo fergees ferskaat materiaal bestelle, lykas de ‘Praat mar Frysk’ lippen, buttons, posters en kaarten. Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is ambassadeur fan de kampanje foar ús gemeente.

Downloads

Contactgegevens

Wilt u...

Bellen?

14 0511 (zonder netnummer)
bellen vanuit het buitenland

Mailen?

gemeente@achtkarspelen.nl

Langskomen?

Stationsstraat 18 9285 NH Buitenpost (route)

Openingstijden gemeentehuis

Alle contactgegevens