Home > Frysk > Wapen en flagge

Wapen en flagge

undefinedOp 25 maart 1818 nimt de ‘Hoge Raad van Adel’ it beslút om oan de ‘Grietenije van Achtkarspelen’ it wapen te jaan mei de neikommende omskriuwing: ‘Zijnde van zilver, beladen met een kerspelkerk met acht torens, staande op een groene grond gedekt met een gouden kroon’.

Dêr kin fierder noch oer sein wurde dat de karspeltsjerke griisread fan kleur is en de toerspitsen blau binne. Achtkarspelen hat in saneamd sprekkend wapen: der is in direkte relaasje tusken ôfbylding en namme. De acht tuorren slaan op de acht tsjerkedoarpen (karspelen) dy’t yn 1818 yn Achtkarspelen leine. Dat wiene: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, Koaten (no Koatstertille), Koartwâlde (tusken Surhuzum en Surhústerfean), Lutjepost (heart no by Bûtenpost), Surhuzum en Twizel.

Flagge

De gemeenteflagge – in symboalyske werjefte fan it gemeentewapen – hat de Rie fêststeld op 28 april 1958. De flagge hat yn de breedte in middenbaan en oan de boppe- en ûnderkant in smelle baan. De trije banen hawwe fan boppen nei ûnderen de kleuren read (de kleur fan de tsjerkemuorren), wyt (de sulveren ûndergrûn fan it wapenskyld) en grien (de skyldfoet út it wapen). Yn de middelste baan is oan de linkerkant in achtpuntige blauwe stjêr te sjen (de acht tsjerketuorren).

StynsgeaBoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleaster-Strobos

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De Harkema

SurhústerfeanSurhuzumTwizel, Twizelerheide Koatstertille

 Koatstertille

Contactgegevens

Wilt u...

Bellen?

14 0511 (zonder netnummer)
bellen vanuit het buitenland

Mailen?

gemeente@achtkarspelen.nl

Langskomen?

Stationsstraat 18 9285 NH Buitenpost (route)

Openingstijden gemeentehuis

Alle contactgegevens