Feanster Music Night en Naomi Mast winners kultuerprizen Achtkarspelen
De Feanster Music Night en skriuwster Naomi Mast, beide út Surhústerfean, binne de winners fan de kultuerprizen 2023 yn Achtkarspelen. Dat waard woansdeitejûn 24 maaie bekend makke yn de riedseal yn Bûtenpost. ‘Yn Achtkarspelen is in soad talint oanwêzich. Soms hiel sichtber, mar somtiden ek noch net of minder’, seit wethâlder Tjibbe Brinkman. ‘Dêrom rikke wy dit jier wer twa kultuerprizen út.’