Gedichten en lieten

Home > Inwoners > Gedichten en lieten

Gedichten en lieten

Meindert Talma út Zuidhorn, en âld-ynwenner fan Surhústerfean, is yn de perioade 2017-2018 doarpsdichter fan Achtkarspelen. Meindert makket de kommende twa jier Frysktalige gedichten / lietsjes oer bekende en minder bekende ynwenners út de gemeente Achtkarspelen fan likegoed hjoed de dei as út it ferline.


Juny 2017

Meindert Talma:
‘21 juny 1985 wie in bysûndere dei yn de skiednis fan Surhústerfean. Foar it earst waard yn it doarp in echt iepenloft popfestival hâlden. Simpelsat (mei ûnder oaren optredens fan Blue Murder en The Dutch) fûn plak yn en om Poppingahiem. Dat wie op sawat hûndert meter ôfstân fan it hûs dêr't wy fan 1976 ôf wennen. Ik wie er de hiele middei en jûn by; it wie ek myn earste popfestival dat ik meimakke.’

New Wave Heaven yn Surhústerfean

Op in moaie waarme junydei
die ik myn skuon oan en gong ik nei
Simpelsat by Poppingahiem,
it earste popfestival yn it Fean.
Ik wie sechstjin en twa meter fiif.
Wat wie ik bleu mei dat lange liif.
Ik siet yn it gers. Hie allinnich mar each 
foar alle froulju dy't ik dêr seach.

Wylde famkes mei it hier woest omheech.
Eyeliner, kistjes en swarte klean.
New Wave Heaven yn Surhústerfean
Ik woe myn noas fol mei sjippe en gel.
Ik woe myn hannen fol mei dat skoandere fel.
New Wave Heaven yn Surhústerfean.

Al dy oeren siet ik stil yn it gers
neist myn buorjonge Klaas de Groot.
Hast alle bands haw ik wol sjoen.
De measten fûn ik net sa folle oan.
Ik hie mear each foar de froulju,
de fleurige famkes yn harren swarte klean.
Noch nea wie der sa'n grutte nije golf
fan New Wave famkes yn Surhústerfean.

Wylde famkes mei it hier woest omheech.
Eyeliner, kistjes en swarte klean.
New Wave Heaven yn Surhústerfean
Ik woe myn noas fol mei sjippe en gel.
Ik woe myn hannen fol mei dat skoandere fel.
New Wave Heaven yn Surhústerfean.

Meindert Talma


Maaie 2017

Meindert Talma:
‘Goffe Hoogsteen (2-1-1920 – 17-9-2011) hat yn ’e oarloch tige aktyf west yn it ferset. It wie by har thús yn Surhuzum in trochgongshûs fan joaden en ûnderdûkers. Syn heit formearre ek in knokploech en sadwaande kaam Goffe Hoogsteen ûndermear yn Ljouwert telâne wêr’t hy mei dien hat oan de ferneamde oerfal op de Blokhuispoort. Foar syn fertsjinsten yn it ferset en syn oare ynspanningen (16 jier lang siet er yn de gemeenteried fan Achtkarspelen. Earst foar de ARP, letter foar it CDA) waard him yn 1964 de sulveren earemedalje, ferbûn oan de Orde van Oranje-Nassau, takend. Fyftich jier nei de oarloch haw ik Hoogsteen ynterviewd foar in bylage yn de Feanster (27-4-1995) oer it ferset yn de gemeente Achtkarspelen.’

GJIN HELD (GOFFE HOOGSTEEN)

Us heit hie in knokploechje formearre.
Trije kamen út Gerkeskleaster.
Myn neef Willem kaam út Surhústerfean
en ik wenne yn Surhuzum by ús heitendy.
Wy hearden dat it yn Ljouwert hielendal mis wie.
In stik of wat deasketten. It wie der allegearre ferrie.
Dat der moast in nije knokploech hinne.
In pear moanne ha wy yn Ljouwert ûnderdûkt sitten.

Refrein:

Faak wie 'k bang, mar it wie gjin kwestje fan doare.
Wat wy dwaan moasten, dat moast gewoan barre.
Mar helje my net omheech, ik wie en bin gjin held.
Ik die wat myn gefoel my ynjoech, sjoch my net as held.

Wy dienen mei oan de oerfal op it Hûs fan Bewarring.
Ienenfyftich befrijde finzenen yn totale ferwarring.
De útdrukkingen op harren gesichten
bin ik myn libben nea ferjitten.
De foardoarbel gong, doe’t wy fuort soene. 
Twa SD’ers dy’t der yn woene.
Trije ûnderdûkers hienen se by harren.
Ien werkende my en sei myn skûlnamme. 

Refrein

Dy beide SD’ers ha wy útklaaid en yn in in sel skopt.
Doe’t ik as ien fan de lêsten de finzenis útgong,
rattelen alle bellen. ‘Snel, snel!’ hearde ik ien razen.
Wy sprongen op 'e fyts. Ha noch nea sa hurd trape.
Wegen wiene ôfsluten. De Dútsers hienen in muorre.
As dy ôfsluten waard, dan waarden je kontrolearre.
Wy koenen der noch krekt troch hinnekomme.
It wie ús slagge! Wat wiene wy ferromme.

Refrein

Nei in pear wiken gong ik wer nei Ljouwert ta.
Ha se my dêr ferdikke dochs noch oppakt mei in razzia.
In dikke Belch kaam op my ôf ûnder it ferhoar.
Hy sei: ‘Jij bent een terrorist, ik heb je wel door.’
Ik sei: ‘Wat is een terrorist?’ Lulk rôp er: ‘Vuil zwijn!’
Doe hat er my in pear kear hiel de strôt nei binnen slein.
In heal jier ha’k hast net slikke kind.
Ik ha der noch soms lêst fan. Dy mislike fint…

Refrein


April 2017

Meindert Talma:
‘Botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost is wer iepen. It tema fan De Kruidhof is dit jier ‘feroaring / verandering’. Myn nije Wâldsjongersliet ‘Roggeblommen’ (Korenbloemen), dy’t ek te sjen binne yn De Kruidhof, past goed by dit tema.
Yn april 1996 kaam ik yn de Feanster in artikel oer de yn Koatstertille wenjende  Harrekyt Willem Wijngaarden (22-8-1944 - 12-2-2014) tsjin. Nei 20 jier wie it him einlings slagge om as sanger in plaat te meitsjen: in cd mei dêrop 3 nûmers fan syn grutte held Heino, yn in Nederlânske oersetting mei ‘De Korenbloem’ (Blau blüht der Enzian) as bekendste nûmer. Ik skille him oft we him ek ynterviewe mochten foar ús tydskrift De Blauwe Fedde en sa seach ik de Friese Heino foar it earst yn it echt.’

ROGGEBLOMMEN

Ja ja so blau blau blau blüht der Enzian
Wenn beim Alpenglühen wir uns wiedersehn
Mit ihren ro-ro-ro-roten Lippen fing es an
Die ich nie-ie-ie-ie-ie vergessen kann.

Wa leit dêr yn it fjild fol roggeblommen
sa moai, sa suver en sa helder te sjongen?
It is Willem Wijngaarden út 'e Harkema.
Noch eefkes en dan moat er wer op hûs ta.
Mar earst noch even sjonge en koekeloere
nei de elpee dy't er kocht hat foar 20 gûne.
Nei de holle fan Heino mei it ljochte hier,
nei de donkere bril, de koltrui en kolbert.

Refrein:
De boeren siedzje weet; gjín roggeblommen.
Dochs bin der altyd wer fan dy blauwe blommen.
Dêrom, al hat er gjin jild;
dy elpee fan him, ja dy sil der komme.
Want de roggeblom ferskynt, ja se komme
ek sûnder dat de boeren it wolle.

Hja ha al faak genôch tsjin him sein:
'Willem jonge, meitsje in plaatsje,
want dû kinst sa ferrekte moai sjonge.
Wêrom dochsto dat no net, Willem jonge?'
Mar om in singeltsje te meitsjen,
kostet al gau sa’n twatûzen gûne.
Hy hat in gesin, mar gjin dikke baan.
Hy moat gewoan in goeie kroade ha.

Refrein

Hy wit net dat in Enzian in gentiaan is,
in alpenblom út it lân fan Heino.
Dêr't de Alpenfamkes sa moai oer joadelje:
'Holla hia hia holla di holla di ho.'
Mar je hoege net alles te witten.
Foar Willem telt mar ien ding:
in eigen plaat mei ferskes fan Heino
yn in Nederlânske oersetting.

Refrein

Ja ja so blau blau blau blüht der Enzian.

Meindert Talma

Lees de Nederlandstalige versie


Maart 2017

Meindert Talma:
‘De stichting Historische Kring Gerkesklooster-Stroobos hat fan 5 maart ôf op de boppeferdjipping fan de herfoarme tsjerke yn Gerkeskleaster in dokumintaasje- en tentoanstellingsromte ynrjochte. De skiednis fan it kleaster en it doarp litte hja hjir sjen. Ik tocht fuortendaliks oan in eardere doarpsbewenner út Strobos dy’t, lykas de eartiidske kleasterlingen, syn libben wijde oan de spirituele wrâld. Tweintich jier lyn kaam ik yn de Feanster faak in advertinsje tsjin fan ‘Medium Johan’ út Strobos. Ik skille him oft we him ek ynterviewe mochten foar ús tydskrift De Blauwe Fedde. Dat mocht en sa kaam ik yn maart 1997 yn ‘e kunde mei dit heldere mantsje.’

MEDIUM JOHAN

Medium Johan is heldersjend,
helderhearrend, helderfielend.
Medium Johan is in kaartlizzer
en paranormaal genêzer.
Medium Johan is 16
en echt wat oars as oars.
Guon sizze: 'Dy Johan Lindeman
nimt de minsken by de noas.'

Refrein:
Buorfrou seit: 'Der is by him in stekje los.
Tsjoenders ha we net nedich yn Strobos.'
Mar de measten binne bliid mei wat Johan docht.
Johan sjocht dingen dy't in oar net sjocht.
As Medium Johan in wanhopige
doarpsbewenner fan syn pine ferlost,
is dat wer in moai lyts wûnder,
in moai lyts wûnder yn Strobos.

Hy wennet tegearre mei syn mem,
in folslanke frou mei lang hier.
Hy hat ek in gids, syn namme is Karim.
Hy kent Karim sûnt syn sechsde jier.
At syn âlders wer ris rûzje hiene,
flechte er nei syn keamer en dan kaam Karim.
Hy hold hiele petearen mei dizze wite
gedaante, hy fielt him noflik by him.

Refrein

Brêge:
As beuker seach er al ferstoarne minsken.
Earst hie er dat hielendal net troch.
Want se seagen der krekt sa út as de libbene
minsken dy't hy tsjinkaam yn Strobos.
'It is hjir soms krekt in disko,' seit syn mem.
'Allegear jongfolk dy't wat fan him wolle:
"Johan, ik moat dy wat freegje!"
En dy jonge hat al safolle oan 'e holle.'

Johans mem hat it sels ek. Mar se hâldt
har mar wat rêstich op 'e eftergrûn.
Har mem hie it en har suster ek,
dat, sy stean der hielendal net frjemd tsjinoer.
Har mem hat der nea wat mei dwaan kind.
Oars wie se fuortynienen nei Frjentsjer tabrocht.
Dus, dat har soan it no ek hat,
is se bliid om en hie se ek wol tocht.

Refrein

Meindert Talma

Lees de Nederlandstalige versie


Jannewaris 2017

It gedicht ‘Klaske en Jan’ is it earste liet dat Meindert Talma makke hat as Wâlddichter / Wâldsjonger fan Achtkarspelen.

Meindert Talma:
‘Ik wie oardel jier doe’t we, fanwege de ûnwennigens fan ús mem, ferhuzen fan de gemeente Medemblik nei de gemeente Achtkarspelen. Us heit en mem wenje noch altyd yn it Fean. Mar ik hie dus ek samar in West-Fries wêze kind, en dan wie ik nea Wâlddichter / Wâldsjonger wurden.’

KLASKE EN JAN

Jan Talma is in fleurige boeresoan
út Kollumersweach fan krekt tweintich jier.
Op in sneintemiddei yn Sumar
hat er de frou fan syn libben yn it fizier.
It is in kreaze boeredochter út de Tike
en har namme is Klaske Couperus.
Jan seit tsjin syn maten: ‘Dy is fan my,
sjoch wat in prachtich moai frommes!’
Klaske is frij ferlegen, Jan mei graach prate.
Sa folle se inoar moai oan.
Ien kear makket Jan de ferkearing út,
mar de oare deis is it al wer oan.
Yn ’66 trouwe Jan en Klaske
en komme op ’e Sweach te wenjen
yn it hûs fan Jan syn âldste broer
mei allinnich de heechst nedige dingen.

Klaske en Jan, boeredochter en boeresoan.
Se binne sa fereale op inoar, se kinne de hiele wrâld oan. 

Nei in jier is it foar Jan safier.
Hy wurdt ûnderwizer yn Opperdoes.
Klaske is tige ûnwennich yn Noard-Hollân.
It fielt foar har as in kâlde brûs.
Op in kear smyt de jeugd kluten modder
tsjin Jan en Klaskes ruten.
Jan fljocht er fuortendaliks efteroan,
en syn aksje docht fertuten.
Jan krijt ien te pakken, in kop grutter as him.
Hy smyt him thús yn it hok.
De jonge gûlt: ‘Meester, ik doe het in m’n broek!’
Jan seit: ‘Je doet maar en haal nu de rest op.’
Eefkes letter stiet de hiele kloft foar it hûs
dêr’t hja skruten harren spyt betoane.
Se witte dat se sokke keunsten
net mear by Jan Talma hoege te fertoanen.

Klaske en Jan, boeredochter en boeresoan.
Fuort út it heitelân en se binne noch sa jong.

Trije moannen leit Klaske op bêd,
mar dan is it einlings safier.
‘In soan!’ ropt Jan, en hy hat gelyk;
in hiel grutte poppe mei in bulte swart hier.
Se jouwe him de namme Meindert
nei syn pake út ’e Kollumersweach.
It foarjier fan ’70 is in datum
dêr’t Klaske al hiel lang nei útseach.
Einlings werom nei Fryslân,
de fertroude Wâlden en wol Surhústerfean,
dêr’t Jan oan de slach kin as master
oan basisskoalle de Hoekstien.
Meindert wurdt mar leafst fjouwer wiken
by pake en beppe Kollum ûnderbrocht.
As de ferhuzing klear is, moat er nei it Fean.
Mar Meindert wol yn Kollum bliuwe en spuit 
fan de alteraasje oer pakes sneinske klean.

Klaske en Jan, boeredochter en boeresoan.
Se binne gelokkich wer yn Fryslân werom.

Meindert Talma

Lees de Nederlandstalige versie

Contact opnemen

Stationsstraat 18
9285 NH Buitenpost (adres en route)

gemeente@achtkarspelen.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!

06 53 55 87 57. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Opmerking/verbeterpunt voor deze website?