Keunst

Home > Inwoners > Keunst

Keunst

Keunst yn it gemeentehûs

Yn de hal fan it gemeentehûs yn Bûtenpost kinne jo ûngefear fjouwer kear yn it jier in eksposysje besjen fan amateur- en profesjonele keunstners. Der komme ferskate techniken oan bod, lykas akwarel, akryl- en oaljeferve, keramyk en foto's. Stichting Keunstkrite Twizel organisearret de eksposysjes yn it gemeentehûs. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei stichting Keunstkrite www.keunstkrite.nl.

Keunst yn de iepenbiere romte fan Achtkarspelen

Yn elts doarp yn 'e gemeente kinne jo ien of mear keunstwurken besjen. Foar in oersicht fan de keunstwurken kinne jo nei de webside fan Keunstwurk: http://publieke-kunst.keunstwurk.nl/. Kies by 'gemeente' foar Achtkarspelen.

'Rondje Kunstzinnig Achtkarspelen'

Elts jier organisearret stichting Keunstkrite út Twizel yn gearwurking mei keunstners en galeryhâlders yn 'e gemeente it 'Rondje Kunstzinnig Achtkarspelen'. It prachtige kûlisselânskip fan Achtkarspelen is in grutte ynspiraasjeboarne foar de keunstners dy't hjir wenje en wurkje. Mei de auto of op 'e fyts kinne de besikers fia pittoreske binnendiken de eksposysje fan ferskate keunstners berikke. Foar mear ynformaasje sjoch: www.keunstkrite.nl.

Simke Kloosterman

Simke Kloosterman (1876-1938) wie in bekende Fryske skriuwster dy't yn Twizel wenne hat. Yn it Simke Kloostermanhûs (Tsjerkebuorren 27) is ien keamer ynrjochte as letterkundich museum en dat is nei ôfspraak te besichtigjen. Ut Simke's bondel 'Spreuken' fine jo hjirûnder in gedichtsje of spreuk fan sawat alle moannen fan it jier.

Jannewaris = Foarmoanne

Jannewaris! Nijling!
Wat hastû mei ús foar?
Mar krekt yn ‘t kear stiet noch de doar,
En alles moat noch komme,
Is ‘t leed of lok, wy witte it net,
Mar yn Desimber is ‘t beret.

Febrewaris = Sellemoanne

Op âld iis friest it fûl.
As it frieze wol, dan friest it mei alle winen.

Maart = Foarjiersmoanne

Praat my net fan Maart!
Njoggen dagen sinneskyn,
Tweintich dagen Noardewyn,
En ‘t oare is ek fenyn!

April = Gersmoanne

April!
De titelroazen bloeie
De wyn dy sit yn ‘t súd,
En al wat libbet poarret,
Ta hule en wynsel út!

Maaie = Blommemoanne

De maitiid te rûken oan gers en krûd en blomt;
It grien rint oan de tûken, it grien rint oer de romt.
De hôven pronkje bûten roai!
Natoer wat bistû wûndermoai.
(út: Te maaie fan D.H. Kiestra, Fryslân Sjongt)

Juny = Simmermoanne

It seineharjen klinkt oer it fjild,
De ripe raaien bûge,
Strak wurdt de nije risping bliid,
Yn ‘t lege fek oploege!
Hoe stiestû no yn folle toai,
O Junyjonkheit, pril en moai!

July = Heamoanne

No sjongt de rogge de simmersang!
De dagen binne hjit en lang!
en d’ierde har dracht is lok en liet,
O wat is no ‘t libben oeribele swiet...
July! dû kening fol trêft en fol swier,
No ha wy de heechste hichte fan ‘t jier!

Augustus = Rispmoanne

In swiere wolkenfracht,
Fol skaad, fol ljacht,
Kruit oan in einder op,
Stil wurdt de fûgelrop...
Ien fleach...gesûs...in slach,
Wrâld leit yn stil ûntsach,
Augustus is ‘t,
Dy ‘t jier syn lot beslist.

Septimber = Hjerstmoanne

No geane de earrebarren fuort,
En de swellen wurde wei,
Hoe’n apels blinke der read yn ‘t hôf!
Hoe koart wurdt al de dei!
En de 18e set mei stoarm en rein,
De hjerst fan Septimber wyld út ‘e ein!

Oktober = Wynmoanne

Strak bloeit de lêste blom,
En seit de nachtfroast ‘kom’,
Ik brek dyn tear libben ta slom,
De mist, dy weeft ‘r ‘t hinnekleed om,
De keale beammen steane stil en stom,
De dauwe, dy hinget syn kralen der om...
Oktober, dead mei dyn doffe trom,
Wat dochstû ús sear mei dyn martljend gebrom!

Novimber = Slachtmoanne

No is ‘t de moanne fan de deaden.
En fan ‘e libbenen, dy’t de dead en djippe sliep wol wytgje,
Mar noch net witte...
De deastriid fan natuer is dien,
En o! har slomme djip.
Op d’ útein fan in rûch beferzen tûkje,
Dêr sit in fûgeltsje,
Syn reade boarstje,
Is fûlread yn deadlikheid,
Fan mist en skiere loft,
Hy sjongt! o my, hy sjongt aloan!
Dead is mar tydlikheid,
Opstanning ivichheid!
Novimber!

Desimber = Wintermoanne

‘t Is Krysttiid, wyt en stil,
De swiere klokken letten,
No is it libben binnendoar,
Besletten,
Blide berte,
Ut hill’ge skerte,
En winnend ljocht,
Hastû ús earm ferbûke minskdom brocht,
Desimber,
Heilbringer!
Nachtbetwinger!

(Alles út: Simke Kloosterman, Spreuken)

Contact opnemen

Stationsstraat 18
9285 NH Buitenpost (adres en route)

gemeente@achtkarspelen.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!

06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Opmerking/verbeterpunt voor deze website?