Wâlddichter Achtkarspelen

Home > Inwoners > Wâlddichter Achtkarspelen

Wâlddichter Achtkarspelen

Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Dêr hat er opliedings ta learaar Ingelsk en Frysk folge, mar is úteinlik dichter wurden. Yn 2005 waard Arjan keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert. Hy jout rûnom yn Fryslân workshops poëzy-skriuwen foar bern. Der binne ferskate boeken fan him útkommen, wêrûnder oant no ta fjouwer dichtbondels.

De meast resinte ferskynde mei de kryst fan 2016 en hjit Aurora Bossa Nova. Meast resint ferskynde in Citybook-ferhaal oer Ljouwert, skreaun yn opdracht fan Vlaams-Nederlands Huis deBuren út Brussel. Dat ferhaal, neamd ‘Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte’, is ek yn it Nederlânsk en Ingelsk oerset en is fergees as audioboek te downloaden. As Wâlddichter fan Achtkarspelen wol Arjan him fierder ûntwikkelje as skriuwer en dichter.

Gedichten en lieten

Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen in doarpsdichter beneamd. De doarpsdichter skriuwt minimaal fiif gedichten it jier, wêrfan minimaal trije yn it Frysk. Hy of sy draacht de gedichten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten wurde pleatst op www.achtkarspelen.nl/gedichten en yn De Feanster. De Wâlddichter Achtkarspelen is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dizze perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten.

Argyf

Nei de gedichten en lieten fan de Wâlddichter/Wâldsjonger 2017-2018 Meindert Talma.
Nei de gedichten fan de Wâlddichter 2014-2016 Suzan Bosch.
Nei de gedichten fan de Wâlddichter 2012-2014 Ate Grypstra.
Nei de gedichten fan de Wâlddichter/Wâldsjonger 2009-2012 Sytse van der Werf.

Wethâlder Max de Haan en Arjan Hut, de nije doarpsdichter

Contact opnemen

Stationsstraat 18
9285 NH Buitenpost (adres en route)

gemeente@achtkarspelen.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!

06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Opmerking/verbeterpunt voor deze website?