Wâlddichter / Wâldsjonger Achtkarspelen

Home > Inwoners > Wâlddichter / Wâldsjonger Achtkarspelen

Wâlddichter / Wâldsjonger Achtkarspelen

Meindert Talma is yn de perioade 2017-2018 Wâlddichter / Wâldsjonger fan Achtkarspelen. Meindert Talma (1968) wennet yn Zuidhorn en is opgroeid yn Surhústerfean. Nei syn stúdzje skiednis yn Grins hat Meindert besletten om muzikant en skriuwer te wurden. Fan 1997 ôf ferskinen fan syn hân trettjin albums, trije romans, in dichtbondel en in ynterviewboek. Meindert hie optredens, solo en mei ferskate muzykformaasjes, oeral yn Nederlân en België. Ein 2017 ferskynt it twadde diel fan syn roman/albumsyklus 'Nederlands Onbekendste Popster'.

As Wâlddichter / Wâldsjonger wol Meindert de kommende twa jier Frysktalige gedichten / lietsjes meitsje oer bekende en minder bekende ynwenners út de gemeente Achtkarspelen fan likegoed hjoed de dei as út it ferline. Live wol Meindert dy portretten (mei byldmateriaal) fan Wâldsjers útfiere yn de Meindert & Igor & De Jonge Boschfazant & Kesanova Show dy’t eltse twadde tongersdei fan ‘e moanne yn de Kroeg van Klaas yn Grins is en eltse fjirde tongersdei yn Neushoorn yn Ljouwert.

Gedichten en lieten

Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen in doarpsdichter beneamd. De doarpsdichter skriuwt minimaal fiif gedichten it jier, wêrfan minimaal trije yn it Frysk. Hy of sy draacht de gedichten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten wurde pleatst op www.achtkarspelen.nl/gedichten en yn Weekblad Actief. De Wâlddichter Achtkarspelen is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dizze perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten. Dizze gedichten fine jo ek op dizze side. 

Argyf

Nei de gedichten fan de Wâlddichter 2014-2016 Suzan Bosch.
Nei de gedichten fan de Wâlddichter 2012-2014 Ate Grypstra.
Nei de gedichten fan de Wâlddichter/Wâldsjonger 2009-2012 Sytse van der Werf.

Suzan Bosch, doarpsdichter 2014-2016 en Meindert Talma, de nije doarpsdichter

Contact opnemen

Stationsstraat 18
9285 NH Buitenpost (adres en route)

gemeente@achtkarspelen.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!

06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Opmerking/verbeterpunt voor deze website?