Wapen en flagge

Home > Inwoners > Wapen en flagge

Wapen en flagge

Owapen en flagge gemeente Achtkarspelenp 25 maart 1818 nimt de ‘Hoge Raad van Adel’ it beslút om oan de ‘Grietenije van Achtkarspelen’ it wapen te jaan mei de neikommende omskriuwing: ‘Zijnde van zilver, beladen met een kerspelkerk met acht torens, staande op een groene grond gedekt met een gouden kroon’.

Dêr kin fierder noch oer sein wurde dat de karspeltsjerke griisread fan kleur is en de toerspitsen blau binne. Achtkarspelen hat in saneamd sprekkend wapen: der is in direkte relaasje tusken ôfbylding en namme. De acht tuorren slaan op de acht tsjerkedoarpen (karspelen) dy’t yn 1818 yn Achtkarspelen leine. Dat wiene: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, Koaten (no Koatstertille), Koartwâlde (tusken Surhuzum en Surhústerfean), Lutjepost (heart no by Bûtenpost), Surhuzum en Twizel.

Flagge

De gemeenteflagge – in symboalyske werjefte fan it gemeentewapen – hat de Rie fêststeld op 28 april 1958. De flagge hat yn de breedte in middenbaan en oan de boppe- en ûnderkant in smelle baan. De trije banen hawwe fan boppen nei ûnderen de kleuren read (de kleur fan de tsjerkemuorren), wyt (de sulveren ûndergrûn fan it wapenskyld) en grien (de skyldfoet út it wapen). Yn de middelste baan is oan de linkerkant in achtpuntige blauwe stjêr te sjen (de acht tsjerketuorren).

Wapen en flagge AugustinusgaWapen en flagge BoelenslaanWapen en flagge BuitenpostWapen en flagge DrogehamWapen en flagge Gerkesklooster - Stroobos

Wapen en flagge HarkemaWapen en flagge KootstertilleWapen en flagge SurhuisterveenWapen en flagge SurhuizumWapen en flagge Twijzel

Contact opnemen

Stationsstraat 18
9285 NH Buitenpost (adres en route)

gemeente@achtkarspelen.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!

06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Opmerking/verbeterpunt voor deze website?