Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Dêr hat er opliedings ta learaar Ingelsk en Frysk folge, mar is úteinlik dichter wurden. Yn 2005 waard Arjan keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert. Hy jout rûnom yn Fryslân workshops poëzy-skriuwen foar bern. Der binne ferskate boeken fan him útkommen, wêrûnder oant no ta fjouwer dichtbondels.

De meast resinte ferskynde mei de kryst fan 2016 en hjit Aurora Bossa Nova. Meast resint ferskynde in Citybook-ferhaal oer Ljouwert, skreaun yn opdracht fan Vlaams-Nederlands Huis deBuren út Brussel. Dat ferhaal, neamd ‘Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte’, is ek yn it Nederlânsk en Ingelsk oerset en is fergees as audioboek te downloaden. As Wâlddichter fan Achtkarspelen wol Arjan him fierder ûntwikkelje as skriuwer en dichter.

Gedichten en lieten

Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen in doarpsdichter beneamd. De doarpsdichter skriuwt minimaal fiif gedichten it jier, wêrfan minimaal trije yn it Frysk. Hy of sy draacht de gedichten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten wurde pleatst yn De Feanster. De Wâlddichter Achtkarspelen is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dizze perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten.



It gedicht ‘Droktemakker’ is makke foar en foardroegen by de presintaasje fan in meartalige poëzijrûte en leskiste op basisskoalle De Wâldiik yn Boelensloane op 13 jannewaris 2023.

Droktemakker

Sil ik oait leare gjin lûden te meitsjen?
Se flústerje: ssssssst
Mar as ik laitsje,
Dan laitsje ik lûd
As ik gûl
Dan gûl ik as in wolf, lûder as in wolf!
Sels as ik myn skatsje sjoch
Dan pompt myn hert bûdûm dûdûm dûdûm

Sil ik oait leare stil te wêzen?
Ik draai yn myn sliep
It bêd kreaket en pipet
Ik prommelje en foeterje
Trommelje en toeterje
En dream ik fan myn skatsje op de scooter, ju
Dan sjongt myn hert bûdûm dûdûm dûdûm

(Wannear’t myn skatsje snúft
‘It rûkt hjir net sa chill’
Kin ik neat ûntkenne ….
Sels myn sketen binne net stil)

Miskien is myn liif in soarte fan orkest
Hat alles wat ik doch in dikke soundtrack
Ik slok en ik smak
Ik ram mei in klap
Twa glêzen op tafel
En skodzje de kola
Dop fan de kola
Pssssssssssjjj!

En flústeret myn skatsje: ssssssst
Dan rop ik keihurd SORRY HEAR!!!
Dan gûl ik as in wolf, lûder as in wolf
En stamp de doar út bûdûm dûdûm dûdûm

Sa reizgje ik by de earen del
De grutte earen fan de ierde.

It gedicht ‘Fertrou op my’ is foardroegen by de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis 2022 en basearre op it priiswinnende boek ‘It Neidiel fan de Twivel’ fan I.E. Bloem.


Fertrou op my 

(foar Bas en Julia, Milaan, 2020)


no stean ik op it fleanfjild
en moat werom nei Fryslân ta
nei myn suske, nei ús mem
mar bin ik noch deselde Bas?

lichte wolk, sjongend sân …
de m-m-moanne weagjend yn myn hân …
dyn  wêzen trof my as in tongerslach
sa djip yn my ferdwûn de nacht
o, leave Julia, doe’t ik dy seach
do, myn sinne, foar it earst
ik wist it daliks, en daliks … wist ik neat

it hert dat trillet my, o net normaal
it sjongt amore mio yn de moaiste taal
ik kom ta libben yn Italia
o cara mia, dit lân, sa fier fan wa’t ik wie - 
dy stammerjende jonge … dy bleke Fries

m-mar myn nije maten (binne it wol maten?)
se  laitsje en se húnje, se laitsje as hyena’s
ha ik it mis? Se tinke datsto ‘wappy’ bist
en ik in domkop deropta (och Julia)

hjir stean ik op it fleanfjild 
en wat ik ek woe, sa goedbedoeld,  it misbetearde 
dochs  … stammerje doch ik amper mear 

want as in firus diggelet it fjoer troch my!
in moardzjende koarts, oanstutsen troch dy
myn leafste, myn moaiste Julia!
hjir helpt gjin Pfizer, Jansen of Moderna
fertrou op my … De Nije Bas.

It gedicht ‘It Freugdefjoer’ is makke foar en foardroegen by de Midsimmermoeting op 22 juny 2022.

It Freugdefjoer

Nachts leit ús stêd oan see.
We kenne mekoar fan de doarpen en fan de skoallen.
We drinke en we dreame wat. Lampen oerstallich.
Heech is it balkon.
 
Sa lêze we de simmer. Sy is djip as fantasy.
Se skriuwt as de wyn sa licht. Slingers mei oranje flachjes
bynt se oan de toppen fan juny.
 
We lêze ek de nacht. Oait wie sy in see fan swart.
Sjoch har no--- tin, tsjuster toudûnsjen.
Se draacht it universum as in bodysuit.
Skitterjend soepel. Nau op de hûd.
 
Eartiids, altyd, op midsimmerjûn, bouden wy in freugdefjoer.
No witte we wol better. It waar slacht om en om en om.
Heech balkon. De nacht is koart, in knypeach
yn de simmer.

Drinke fan de nachtsee. By it earste teken 
fan frede, sakje we nei de dunen ôf.
We sjogge oer de wâlden nei it easten
en wachtsje op de sinne.

It gedicht ‘De Ferbining’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2022.

De Ferbining

ús dagen wenje yn in tún fan ljocht
mei soarch oanlein
mei oandacht ûnderhâlden

sinne oranje, blauwe moanne
oeral leit it ljocht te plak
yn in hûs dat leafde makket

en al krimpt en waakst de wrâld
as in eilân op it waad

yn dit hûs falt de moarn
troch grutte finsters
en streamt troch romme keamers

en waarm is it, ljochtpatroanen hingje
as skilderijen oan de muorren

ús dagen, in hûs

sels yn de nacht, de noardernacht
as der gebeure moat
wat gebeure moat

it hûs, in thús

sels yn de nacht
in soele wyn slûpt troch de gongen
yn it hûs dat leafde makket.
 

It gedicht 'Leave frede' is makke foar en foardroegen by de betinking fan de Slach by Blauforlaet op 13 april 2022

Leave frede

wêrom waaie de flaggen
frysk en frij
op de brêge by Blauforlaet?

net foar de eare en gloarje
fan lieder of lân
net om it sizzen: wy
binne better as oar folk

en gjin kolonne fan tanks
mar frachtweinen en trekkers
dinderje foarby

swier ronkje de motoaren
oer de sulveren skittering
net fan nasjonale grutskens
mar fan ljocht op boartlik wetter

tusken alle bruorren 
en alle susters
is frede in brêge

It gedicht 'Farwol en oant moarn' is makke foar en foardroegen by de âlde gemeenteried op 29 maart 2022 yn it gemeentehûs yn Bûtenpost

Farwol en oant moarn

                  In my dreams I am always saying goodbye and riding away
                  (Stevie Smith)

wie it mar wer sa as froeger
bromt in man op it terras
tsjin syn maat
krekt as ik de bus útstap 
heal leech klinke de glêzen
de middei is hast foarby
in flarde fan in petear
it iene ear giet it yn
en dan bliuwt it hingjen
as in elpee mei in kras derop

wie it mar wer sa as froeger
ik sjoch mysels
yn de bus
werom nei Surhústerfean
de sjauffeur ken ik net
mar dochs is hy deselde as 
yn alle oare bussen
dy’t ik my herinnerje
en op de radio
draait in klassike hit
dy’t my tagelyk 
yn de tiid reizgje lit

mar sels as ik útstap yn de Wâlden
en de melodyen fan it Frysk om my hinne sjonge
kin ik de Wâlden o sa misse

juster sprekt in frjemde taal tenei
net langer binne wurden fan gelok
streekrjocht oer te setten nei moarn

wat ik besykje te sizzen, is, kom, we geane, 
bliuw net hingjen yn wat west hat
reizgje fierder
ja, we sette de sokken deryn!
stappe net op de fyts, yn de bus, of de auto, nee, 
we klimme op hynders
en sykje âlde wegen 
dy’t stadich oplosse 
yn de mist
en krekt as yn in dream sizze we farwol
en noait komme we werom

no is de boarne, hjir is de stream 
ús hynders drinke
in soele wyn driuwt troch de greiden en de doarpen, oer brêgen en nachten

neat wolle we misse
oeral binne we by

It gedicht 'Bewolke Wâldlânskip' is makke foar en foardroegen by it listlûkersdebat op 8 maart 2022 yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.

Bewolke Wâldlânskip

                    (oan de swevende kiezer)
 

Guon fan ús, wy sweve noch en ...dêr ha we rjocht op!
lit ús no lekker as skieppewolkjes
oer de doarpen dobberje
sûnder beswierenlos fan de ierde
we struie skaden oer de Dempte Feart
en oer de Warmoltsstrjitte, oer Minnes paadsje en
de Mûntsetille

We sweve en meitsje in bewolke wâldlânskip
sûzjend as in wynrêd draaie we ús nochris om
mei de rêch nei de mieden
mei de snút nei de sinne

We hearre se wol, de fiskers fan kiezers
de iene seit: de mist sakket ôf
de oare seit: nee,

De beammen komme omheech!

We sweve stadichoan fierder
de kop even leegje, de romte yndwale

En we wolle wol dale, mar
wêr is de boaiem, en fan wa is de grûn
En meie we dêr wol komme

Wat is ús lokale stim wurdich
as tiid en romte kopketommelje
en it sa rommelet achter de hoarizon?

It gedicht 'Sierlik waar' is makke foar 'Gedichtendag' op 27 jannewaris 2022

Sierlik waar

Plantsje in wurd, in idee, in gefoel
achter yn de holle of
ûnder de hûd.

Tink oan potgrûn, tink oan de rein, myld
yn it hôf, wyld yn de bosken.
Tink oan de dei
datsto mei sliten knibbels
en modderfingers
oan de râne fan de simmer leist.

Wachtsje op in trein, wachtsje op in dream.
Wachtsje op de winter en
lit it allegear foarbygean.

Hoe ljocht kinsto sjen, hoe sacht kinsto hearre?
Kom mei in koer nei it hôf fan de stjerren.
Doch in âlde broek oan en
nim skjinne sokken mei.

Untdek dyn gedicht yn de djipte fan it fjild.
Kom mei in mûle, kom mei in skrift.
Do hoechst net te rymjen op wat der al is.

It gedicht 'De reis werom' is makke foar en foardroegen by it weromkommen fan it skûtsje Nooit Gedacht yn Koatstertille op 1 oktober 2021.

De reis werom

Skûtsje kwyt, Noait Gedacht, weromfûn yn Parys
Komt no werom en fart nei hûs as yn in dream,

mei in fracht fol oantinkens
as it sjongen en it flokken yn de taal
fan feart en kanaal, fuotstappen
achterlitten yn it âlde hout.

Never noait nea tocht, sa't it stoarme, nei de oarloch
en it bern moast fêstbûn oan de mêst,
mar syn boartersguod waaide fuort,
oer de rânen fan de ierde, en as it waar
him deljoech, mocht heit der om sykje.

Wat in dream om kwyt te wêzen
en mekoar werom te finen yn Parys,
ûnder frjemde seilen, de Seine skitterjend,
film yn swart-wyt.

Op hûs oan, as yn in fantasy, yn it tempo fan in oare tiid,
oer Dokkumer Nije Silen, lâns keunstkafee en galery,
mei syn skilders en dichters en bakte fisken.

En sa troch, nei Koatstertille, mar ek hjir is it feroare.
Stil hat it noait west. De nachten wienen wyld.
De takomst is djip.

Reizgje nei de memmeskoat, bring wat oer is fan dyn tiid
nei de werf yn it wâld dêrst út snien bist.

It gedicht 'Swimme' is makke foar it nije swimbad De Kûpe yn Bûtenpost.

Swimme

kin ik wetterfûgel wêze, of fisk mei earms en skonken, master fan it bad,
stream fan gedachte, en tink ik dan - hoe djip lit ik de sinne troch,

wannear dimje golven lûden, wêr begjint de oseaan
en wat as ik myn azem ynhâldt, stiet der steil fan glês en hout
in toerwurk dat my yn de gaten hâldt

(        de waarmte in sliepkeamer troch simmernacht
yn myn bêding ferdamp ik hast        )

heart ien de plons dy't ik achterlit, kreas opteard by myn handoek
oan de râne, sjocht ien hoe't ik sakje as in skip achter
de hoarizon

(        it flitterjen fan seefonk, kometen
dûke kopke onder        )

dein ik tin of licht as algen troch it sulver fan de romte
brek ik yn stikjes, dwarrelje omleech en
watfoar tsjuster slokt my op

of bin ik fan binnen lucht, swim ik mei longen fan ballon
nei ljocht werom

en begjint it leven op 'e nij?

It gedicht 'Oan tiid' is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2021.

Oan tiid

Wêr bliuwt de tiid?
Yn de omkriten fan it hert miskien,
dêr’t it nacht wêze kin
en dochs de sinne skynt;
en tiid, mei syn betelle en ûnbetelle oeren
wurdt werklik in rivier.
It wetter is waarm
en draacht ús as is alles mooglik.

Is it no it libben sels, dat yn ien beweging
langhalzet nei it suden?
It is nacht en de sinne skynt.
In hovenier docht syn ronde
troch de dreamen
fan it doarp.
Der is te drinken, der is te iten.
Sjauffeurs, swijsume ambassadeurs
fan ferbining, ride en ride.

Tiid dript, tiid floeit, tiid weaget.
Helpende hannen, warber,
skeppe har eigen oeren
út de stream.

Ut de ierde
groeit in hast fergetten tún werom.

Beswieren, sa fol gewicht,
sinke nei de boaiem ta.
Kânsen, al te licht,
driuwe einleas fier.

It gedicht 'De Kûlizen' is makke foar en foardroegen by de Startgearkomste Kultuernota op 26 jannewaris 2021.

De Kûlizen

Lytse muze, myn leafste leafste, hjir kom ik wei:
De elzebeammen yn strakke linen
It lân oanklaaid as in teater

Mar sis hjir in wurd, as 'fanfare'
En der sil in 'trûdeboer' wêze
Dy skilderet in singel mei kûpletten
Slingerjend as modderpaden

Mei alles hjir bin ik fergroeid
Sels mei de dykswâlen en de elzen
Mei it byldhouwurk yn de bolstiennen sels
En turfstookte ferhalen yn bûsen en laadsjes

Ik dream fan dy, ik hâld fan dy, hjir, hjir,
Fergroeide ik mei de lichtste melodyen
Fergonklik, op it finster, as it reinde

Quickstep, lockstep, lytse muze, út de kûlizen
Dit djipgrien poadium op      

Sjoch, dêr wynderet it libben
Tusken de elzebeammen troch.

It gedicht ‘As oer in wurge see fleane de ûlen’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de lintsjes foar de brânwacht op ferskate mominten yn 2020.

As oer in wurge see fleane de ûlen

Flammen meitsje dei fan de nacht
Smook makket nacht fan de dei

De kazerne ropt en
Immen springt út de dream wei daliks yn 'e klean
De bern yn bêd rjochtoerein
Set gau de doarren iepen en de auto klear

Net om 'e nocht
Sjongt it en swaait it oer de slomjende doarpen
Kwyt! Kwyt! As in ûltsje
Heech op yn sulveren moanneljocht

Yn it waarm fan de gloede
Rize skerpe kontoeren:
In famke klimt op pake syn skouders
In jonge sit op de nok fan syn oandacht

Wat en wa is der te rêden?
In âldershûs yn flammen op
In auto oer de kop, en immen harket
-Neefkes en flinters tikjend tsjin it finster-

Smook makket nacht fan de dei
Flammen meitsje dei fan de nacht.

It gedicht ‘Minsken’ is makke foar en foardroegen by de de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 3 july 2020.

Minsken

Kom wat tichterby, minsken
en wês in freon myld as storein,
tear as snie
wês in freon, as hasto gjin namme
wês in ûnsichtbere hân dy't helpt
in mûle dy't betrouwen jout
tonge dy't suver sûnder bewegen
seit, 'de ierde draait'.
Kom tichterby, en wês in streamke
troch in gea dat út it sicht leit noch
wês de boarne dy't de maitiid fuorret
wês it wetter
wetterfluch en wettersêd
dat om ús hinne
troch ús hinne
guorrelet, slacht en sjongt.
Kom tichterby en wês
yn de stilte it leven
yn de romte tusken minsk en minske
it longerjen.
Kom en draach in tekken
wês fan in tekken
de waarmte, it sêfte,
it stiksel tusken de lapen.
Kom los fan pronk en los fan klagen
krekt as de earms dy't drage
ek as net ien dat yn de gaten hat.
Minsken, kom wat tichterby.

It gedicht ‘De Brêge’ is makke foar de betinking fan de Slach by Blauforlaet op 14 april 2020.

De Brêge

dû bist frij as in bern
yn de grutte fakânsje fan it libben
frij bern op in glimmende fyts
yn in foarjierswyk
allinnich bûten
de paden iepen
glêd, hurd en swart
yn flugge linten om it doarp
en dan foarby de hûzen
dû bist los
in kealtsje út it hok
it is in blau ferlitten dei
sjonge mei
wyn mei
alles mei!
en astû by de brêge komst
it oer kanalen, oseanen en generaasjes
strekken beton
bonken draaie en spieren pompe
dy omheech
pûstend en blazend
oer it wetter swevende flakte
sjoch hoe't de wolken skommelje
de grûn wol dy werom!
hast oan de top stiest suver stil
bist even op,
ien mei de loft,
it kin mar krekt,
dan troch, omleech
sûnder traapjen
hurry, hurry, troch de skaden
dêr't it koel is
ûnder de beammen
dyn hier as in flagge te wapperjen
dyn wangen as parasjuten, klapperje
omleech, de djipte yn
sa fluch
sa licht
dû hast amper yn de gaten
hoe frij ast bist.

It gedicht ‘Hjir No’ is makke foar 'Nationale Gedichtendag'op 30 jannewaris 2020.

Hjir, No

Poezij,
it wyt tusken dyn rigels
fol geheim,
dyn romte as in tropysk strân
tusken dyn klanken krûpe de oeren
en ferwaaie,
myn pupillen lyts, dan wiid,
nee, soms begryp ik neat fan dy,
mar yn de nuverste ferskiningen
fyn ik dy werom
of fynsto my?

Oan de achterkant fan dit gedicht
is in finster dêr't ik graach sit,

teminsten, as der tiid foar is.
Altyd hâld ik dêr in plakje foar dy frij.

It gedicht ‘De kantine’ is makke foar en foardroegen by de iepening fan de kantine fan SC Twijzel op 19 oktober 2019.

De Kantine

Alde wenkearnen driuwe net samar oanmekoar
In sportklup klimt net as fansels
Ut de kelder fan de kelder
En in nije kantine ploft
Net as in wûnder
Ut de wolken

Dêr komme waarme sponsors oan te pas, en hannen,
Hannen by de rûs; safolle hannen op de klup,
Safolle oeren fan hûs

Dochs liket it as skowe hjir de wâlden
Hieltyd fierder ynmekoar

Troch de nagelnije finsters, sjoch,
Hoe’t Twizel baait yn hjerstich ljocht …
Lyts doarp ûnder wylde wolken
Jou ús wat te dwaan en we dogge

Meimekoar, op it fjild, tsjin de oaren
En yn de kantine, gewoanwei, meimekoar.

It gedicht 'Yn modern bedriuw' is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de Undernimmerspriis Achtkarspelen op 15 oktober 2019.

YN MODERN BEDRIUW

O, elektryk
O, romte
O, fabryk

O groei, o grien, o sinnepaniel

Dû, ûndernimmer
De wrâld is no dyn winkel
De ûnhandelbere takomst dyn foarnaamste winst èn ôfnimmer

Dyn skip driuwt op wynkrêft
Troch de ôfsetkanalen fan de nacht
It is de rock & roll fan konteners op it dek
En yn de búk de neismaak
Fan skipbrek - it is net altyd priis

Undernimmer, dû, fabryksberider,
Dû krûpst yn de hûd fan dyn klandyzje
En makkest dêr dyn thús
Mei sinnepanielen op de plasse
En teannen, woartelsjittend, djip
Yn de lokale ierde

Undernimmer, dû, moter yn de mienskip,
Mei de hannen silst it meitsje
En mei de kop net minder
Sa kinst dyn eigen romte tusken bod en fraach slingerje
De blik foarút, gatten yn de merke sjitte
En witte, witte, witte – net altyd is it priis

O, elektryk
O, romte
O, fabryk

O sites, o shops, o apps
Snij de tiid op maat

Knip de ôfstân lytser

Dyn ambysjes, wosken yn reinwetter, hingje wyt en wiet te wapperjen
oan biologyske produksjelinen.

It gedicht ‘Dach, simmer, nacht’ is makke foar en foardroegen by de Midsimmermoeting op 19 juny 2019.

DACH, SIMMER, NACHT

fan de skilder Caravaggio, mei syn eagen as swarte oliven, hinget
in masterwurk yn it koele oratoarium fan de Sint-Janskatedraal, hert
fan de beamleaze stêd Valetta
nacht is it kanvas, mar yn de fynste sprank fan ljocht slûpt de boal nei
foarren en snijdt mei it swurd Jehannes de Doper syn holle ôf - yn sok
libben detail, dat gefoelige sjoggers it gjin fiif minuten úthâlde en
kokhalzjend, by de kaartsje-scanners del, nei bûten ta stroffelje

yn de bakstiennen hitte sit ik tusken de terrassen te bekommen
en betink, yn dit eksoatysk fort, midden yn in see, yn de nâle fan
de wrâld, wenje presys likefolle minsken as yn Surhústerfean

sûnder parasjute donderje ik út dizze dream
en fal werom yn it griene waaien fan de Wâlden

't is middei, de loft tilt en trillet, in gersmeaner slalommet om wat
jonge beamkes hinne, der stiet in buske mei in hytwetterspuitmasine
fan it merk HYTSIED ...
soene froulju mei in poppewinsk hjir noch altiten op midsimmernacht
de klean útstrûpe en Sint-Janskrûd plukke? Sint-Jehannes sûnder holle,
woldiedige hillige fan midsimmer, krijt se allegear yn ferwachting

dan stap ik hast ûnder twa foarbysjezende hurdfytsers, ien draait har
om en ropt 'wêr sitstû mei de kop?'

nacht, o, stjerrende nacht,
fan’t winter ha we dy de hals ôfsnien
en op it hôf mei ritueel bedobbe
skielk komstû werom
fan de nekke oant de teannen
yn it swart, komstû werom
mei modder ûnder de neils

simmer leit op de rêch
ûnder hege beammen krijt se de sliep
en wurdt wekker tusken opljochtsjende wolken

mei de hollen fol beslommerings, komme de minsken, dimmen
as dieren, út de skaden tefoarskyn en besykje mekoar,
al wie 't foar ien nacht, yn de mjitte te kommen.

It gedicht ‘Opslokt’ is makke foar en foardroegen by de Hackathon Respijtzorg op 13 juny 2019.

Opslokt

der is in soad yn it libben datsto foar even
oan in oar oerdrage kinst
mar wannear't ien dy noadich hat
partner, bern, buorlju, heit of mem
al wie it mar foar in dei
wa nimt dyn leafde oer,
dyn soarch
dyn fertroude gesicht?

freegje my net:
wêr leit de grins
hieltyd fierder sko ik him
foar my út
myn grins fan elastyk
dochs wurdt de wrâld lytser

mei bleate hannen, sterke skouders, koarte lyntsjes,
adempauzes: ja, ik soargje goed foar mysels
mar freegje net hoe't it mei my giet

(in oar ferhaal, foar stillere dagen)

sels yn dreamen driuw ik yn in wurge see
eilânleas en sûnder kym
dochs lûke de weagen har werom
see wurdt mar
wurdt in puozze
in dripke wetter yn in glês
op de keukentafel

it komt allegear goed
ik bin hjir
al gean ik kopke ûnder yn in drip
al barst it glês
en kreaket it tafelblêd
ûnder it gewicht fan safolle leafde.

It gedicht ‘Wolken op glês’ is makke foar en foardroegen by de deadebetinking yn Bûtenpost op 4 maaie 2019.

Wolken op glês

Wannear't de dea ferskynt
sweevje mei de geast nei hûs werom
en pûst dyn lêste adem
tsjin ús finster

wy wachtsje dêr
oant de hûnen net mear bylje
we wachtsje yn in útklaaide keamer

mei har fingerkes oer it glês
tekenje de bern, skriks en skrank,
krúskes yn dyn ademwolk
in tydlik, trochsichtich hôf

we sjogge hoe’t it stadich oplost en ferdwynt.

It gedicht ‘Ridders sûnder harnas’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2019.

Ridders sûnder harnas

In minskehert is yn wêzen net grutter as in fûst
jim ha herten mânsker as wâldhûskes

jim binne de gearwurkers, helpjouwers, muorrebrekkers,
hânútstekkers, brêgebouwers

yn it skaad fan knapte beamkes
yn de neibroei fan útbrânde autowrakken
yn de stilte tusken hûzen
sette jim, frijwillich, net frijbliuwend, al it goeie
op de wrâld, oan ta bloeien

hertferwaarmers, stik foar stik,
grif beskieden, tè, miskien, binne jim de earsten
om de eare te dielen of leaver noch: troch te ferwizen

mar, tink derom, de ynset op de achtergrûn,
it is sjoen, it is oanjûn, it is ferwurke
oer alle amtlike skiven

april no, wolken fan saharasân skommelje it lân oer
kleurje jûns en moarns de loft oranje

en it eazet linten, ynsynjes en medaljes
foar ridders sûnder harnas, bewapene
mei fyzje, lef en ynset

dat lit hjoed ús grutskens bloeie
yn dy romme, ljochte keamers fan jim hert.

It gedicht ‘Smook yn ‘e Wâlden’ is makke foar en foardroegen by de ynstallaasje fan Oebele Brouwer as nije boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen op 7 febrewaris 2019.

SMOOK YN ‘E WÂLDEN

By in knip yn de âlde dyk tref ik Froukje Justitia, te kuierjen
mei har i-phone foar de snút en in golden retriever oan it rolsnoer.
Se draacht de winterkraach omheech, rûch strûst it waar har
troch de sulvergrize krollen.
Wat om ús hinne oan bebouwing stiet, jout gjin beskutting tsjin
in kjeld dy't, sa't it liket, fan alle kanten komt.
Ik stek de hân op, rop ahoy, en freegje,
wêr bliuwt hjoed it ljocht?

Ljocht waarmer as fjoer,
ljocht yn it ljocht, ljocht dat fielt dat wy besteane,
ljocht dêr't we yn wenje kinne.

Se sjocht my net, sjocht noait wat, hat altyd drokte en
is ek net sa'n prater.

De âlde Friezen hienen in wurd foar it flústerjen
fan wyn troch beammen en it ratteljen fan bledsjes.
In wurd dat rikke as fjoer.
De neiklank flammet as in spoek, útklaaid,
troch de kûle fan it lân, jout him del
yn in knetterjen en blazen dat minsken as hûnen
op 'e tocht hâldt.

No waait it oan en ôf.
Te betiid krûpt de skimer yn de keamers.

Sto-snie, fyn as smook, skoot ús nei de Foarstrjitte.
Utstoarn is it, suver stil, de foardoar fan The Point stiif ticht.
O, Froukje, ik sjoch mysels, in blauwe jas, yn it finster, nippend,
skippersdrankje oan de lippen, en nochrisom,
stek ik de hân omheech, en freegje,
wêr bliuwt hjoed it ljocht?

Ljocht waarmer as fjoer,
ljocht om dy oan fêst te hâlden,
ljocht dat om ús ropt, tusken de beammen troch,
as in fjoertoer yn it wâld, fan blaaspartijen los,
boppe âlde stoarmen út, in beaken fan komsa,
kom hjir, kom thús.