Mear ynformaasje oer de keunst, it lânskip, it Jeltingahûs en de Wâldsang. 

Keunst

Keunst yn it gemeentehûs

Yn de hal fan it gemeentehûs yn Bûtenpost kinne jo ûngefear fjouwer kear yn it jier in eksposysje besjen fan amateur- en profesjonele keunstners. Der komme ferskate techniken oan bod, lykas akwarel, akryl- en oaljeferve, keramyk en foto's. Stichting Keunstkrite Twizel organisearret de eksposysjes yn it gemeentehûs. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei stichting Keunstkrite www.keunstkrite.nl(externe link).

Keunst yn de iepenbiere romte fan Achtkarspelen

Yn elts doarp yn 'e gemeente kinne jo ien of mear keunstwurken besjen. Foar in oersicht fan de keunstwurken kinne jo nei de webside fan Keunstwurk(externe link)

'Rondje Kunstzinnig Achtkarspelen'

Elts jier organisearret stichting Keunstkrite út Twizel yn gearwurking mei keunstners en galeryhâlders yn 'e gemeente it 'Rondje Kunstzinnig Achtkarspelen'. It prachtige kûlisselânskip fan Achtkarspelen is in grutte ynspiraasjeboarne foar de keunstners dy't hjir wenje en wurkje. Mei de auto of op 'e fyts kinne de besikers fia pittoreske binnendiken de eksposysje fan ferskate keunstners berikke. Foar mear ynformaasje sjoch de webside fan Keunstkrite(externe link).

Simke Kloosterman

Simke Kloosterman (1876-1938) wie in bekende Fryske skriuwster dy't yn Twizel wenne hat. Yn it Simke Kloostermanhûs (Tsjerkebuorren 27) is ien keamer ynrjochte as letterkundich museum en dat is nei ôfspraak te besichtigjen. Ut Simke's bondel 'Spreuken' fine jo hjirûnder in gedichtsje of spreuk fan sawat alle moannen fan it jier.

Jannewaris = Foarmoanne

Jannewaris! Nijling!
Wat hastû mei ús foar?
Mar krekt yn ‘t kear stiet noch de doar,
En alles moat noch komme,
Is ‘t leed of lok, wy witte it net,
Mar yn Desimber is ‘t beret.

Febrewaris = Sellemoanne

Op âld iis friest it fûl.
As it frieze wol, dan friest it mei alle winen.

Maart = Foarjiersmoanne

Praat my net fan Maart!
Njoggen dagen sinneskyn,
Tweintich dagen Noardewyn,
En ‘t oare is ek fenyn!

April = Gersmoanne

April!
De titelroazen bloeie
De wyn dy sit yn ‘t súd,
En al wat libbet poarret,
Ta hule en wynsel út!

Maaie = Blommemoanne

De maitiid te rûken oan gers en krûd en blomt;
It grien rint oan de tûken, it grien rint oer de romt.
De hôven pronkje bûten roai!
Natoer wat bistû wûndermoai.
(út: Te maaie fan D.H. Kiestra, Fryslân Sjongt)

Juny = Simmermoanne

It seineharjen klinkt oer it fjild,
De ripe raaien bûge,
Strak wurdt de nije risping bliid,
Yn ‘t lege fek oploege!
Hoe stiestû no yn folle toai,
O Junyjonkheit, pril en moai!

July = Heamoanne

No sjongt de rogge de simmersang!
De dagen binne hjit en lang!
en d’ierde har dracht is lok en liet,
O wat is no ‘t libben oeribele swiet...
July! dû kening fol trêft en fol swier,
No ha wy de heechste hichte fan ‘t jier!

Augustus = Rispmoanne

In swiere wolkenfracht,
Fol skaad, fol ljacht,
Kruit oan in einder op,
Stil wurdt de fûgelrop...
Ien fleach...gesûs...in slach,
Wrâld leit yn stil ûntsach,
Augustus is ‘t,
Dy ‘t jier syn lot beslist.

Septimber = Hjerstmoanne

No geane de earrebarren fuort,
En de swellen wurde wei,
Hoe’n apels blinke der read yn ‘t hôf!
Hoe koart wurdt al de dei!
En de 18e set mei stoarm en rein,
De hjerst fan Septimber wyld út ‘e ein!

Oktober = Wynmoanne

Strak bloeit de lêste blom,
En seit de nachtfroast ‘kom’,
Ik brek dyn tear libben ta slom,
De mist, dy weeft ‘r ‘t hinnekleed om,
De keale beammen steane stil en stom,
De dauwe, dy hinget syn kralen der om...
Oktober, dead mei dyn doffe trom,
Wat dochstû ús sear mei dyn martljend gebrom!

Novimber = Slachtmoanne

No is ‘t de moanne fan de deaden.
En fan ‘e libbenen, dy’t de dead en djippe sliep wol wytgje,
Mar noch net witte...
De deastriid fan natuer is dien,
En o! har slomme djip.
Op d’ útein fan in rûch beferzen tûkje,
Dêr sit in fûgeltsje,
Syn reade boarstje,
Is fûlread yn deadlikheid,
Fan mist en skiere loft,
Hy sjongt! o my, hy sjongt aloan!
Dead is mar tydlikheid,
Opstanning ivichheid!
Novimber!

Desimber = Wintermoanne

‘t Is Krysttiid, wyt en stil,
De swiere klokken letten,
No is it libben binnendoar,
Besletten,
Blide berte,
Ut hill’ge skerte,
En winnend ljocht,
Hastû ús earm ferbûke minskdom brocht,
Desimber,
Heilbringer!
Nachtbetwinger!

(Alles út: Simke Kloosterman, Spreuken)

Lânskip

Kûlisselânskip

It kûlisselânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden ûnderskiedet him troch in netwurk fan smelle beplantingseleminten yn ‘e foarm fan dykswâlen en elzesingels. De grutte fan it gebiet, de relatyf lytse stikken lân en de tichtens fan it netwurk fan dykswâlen en elzesingels jouwe it gebiet grutte kultuerhistoaryske, lânskiplike, ekologyske en rekreative wearden, dy’t unyk binne foar Nederlân.

Dykswâl

In dykswâl is in langhalige ierden wâl mei beplanting oan ien stik mei in ferskaat oan beammen en strewiel, lykas in iik, bjirk, koetsekraal, hagedoarn en kryk. Meastentiids leit oan beide siden in groppe, fan wêr út it wâllichem foarme is. Dykswâlen waarden brûkt as wyld-, fee en wynkearing, as eigendomsmarkearring en as leveransier fan hout.

Elzesingel

In elzesingel bestiet meastentiids út in twasidige begroeiïng fan beammen, strewiel en krûden by de wâlen fan sleatten en wiken lâns. De begroeiïng komt spontaanwei op op it nivo dêr’t it wetter yn ‘e winter it heechste peil berikt hat. In kwalitatyf goede singel bestiet út in laach beammen, in laach strewiel en in krûdlaach.

Dobbe

In dobbe is in poel dy’t de minsk oanlein hat as drinkplak foar it fee. Hjirtroch binne se meastentiids net sa grut. In dobbe leit faak yn in hoek fan in stik lân.

Pingo

Pingo’s, einliks pingoruïnes, binne yn de iistiid ûntstien troch it teien fan iishichtes. It tek fan boaiemmateriaal fan de iishichtes glied by de râne del nei ûnderen. Sa ûntstie nei it teien in wetterplasse mei in ringwâl der om hinne. Hjir en dêr is dizze struktuer noch werkenber, mar meastentiids is dizze ringwâl egalisearre. Pingo’s binne folle grutter as dobben en lizze meastentiids midden yn in stik lân.

It Jeltingahûs

De namme Jeltingahûs is ûntliend oan de famyljenamme Jeltinga. Dy famylje wenne om 1600 hinne oan de dyk nei Kollum. It hûs is boud yn opdracht fan Jacob Kuipers (1841 – 1906). Jacob wie in heareboer, dy’t as rintenier yn 1877 it Jeltingahûs bouwe liet. Fan it mânske kompleks mei koetshuzen en stâlen is no allinne noch mar de wenning oer. Dy koetshuzen en stâlen ha yn de jierren 1914 – 1918 noch tsjinst dien as opfangsintrum foar Belgyske flechtlingen.

1914-1921

Nei it ferstjerren fan de widdo fan Kuipers, Antje Siccama, waard it hûs yn 1914 yn in publike ferkeaping kocht troch de hear P.S. Bakker. Hoewol’t der yn de keapakte stie dat it Jeltingahûs ôfbrutsen wurde moast, waard nei famyljeberie besletten dat net te dwaan. De hear J.A. Zaalberg (âld-gemeentesekretaris fan Zaandam) hat fan 1916 – 1921 it Jeltingahûs bewenne. De hear Zaalberg hat as direkteur fan it Nederlands Registratuurbureau fan grutte betsjutting west foar de argyffoarming fan gemeenten.

1921-1962

Boargemaster P. Eringa fan Achtkarspelen (1917 – 1945) waard yn 1937 eigner fan it Jeltingahûs. Yn 1959 kocht de gemeente it Jeltingahûs fan de âld-boargemaster. Dêrnei waard it Jeltingahûs yngripend ferboud. Yn de riedsgearkomste fan 17 april waard it hûs mei direkte yngong ferklearre ta “huis der gemeente”. By it wurkbesyk fan Keningin Juliana op 21 april 1961 waard it gebou foar it earst offisjeel brûkt. Tenei waarden de riedsgearkomsten yn it Jeltingahûs holden, de earste op 26 juny 1961. Tenei waarden der ek houliken sletten en gearkomsten holden. Yn 1962 waard oan it Jeltingahûs in wenning foar de gemeenteboade boud. 

Ferbining mei it gemeentehûs

It gemeentehûs sels siet destiids yn it gebou Nijenstein oan de Foarstrjitte yn Bûtenpost. Op 17 febrewaris 1976 joech doetiidsk boargemaster H. Ottevanger it startsein foar de bou fan it gemeentekantoar by it Jeltingahûs. Yn 1977 waard dat nije kantoar yn gebrûk nommen. Op 17 april 1998 joech boargemaster B. Schmidt it offisjele startsein foar de nijbou en renovaasje fan it gemeentehûs.

De nijbou waard dêrby streekrjocht ferbûn mei it Jeltingahûs. Dêrfoar wie it nedich dat de boadewente oan it Jeltingahûs ôfbrutsen waard. Dat barde yn april 1998. Op 6 april 1999 waard út ein setten mei de renovaasje fan it Jeltingahûs. Op 25 maart 1999 waard de lêste riedsgearkomste holden yn de riedseal yn it hûs. Fan 29 april 1999 ôf wurde de riedsgearkomsten holden yn de nije riedseal yn de nijbou fan it gemeentehûs. Nei de ferbouwing bleau it Jeltingahûs wol yn gebrûk as troulokaasje.

Op sneon 25 septimber 1999 waard it fernijde en renovearre gemeentehûs yn gebrûk nommen. Der is no ien foarplein mei dêroan de yntree fan it gemeentehûs en it Jeltingahûs. Der is in gearhingjend gehiel ûntstien.

De Wâldsang

Moai, sûnder wjergea binne de Wâlden:
Smûk skaadzjend beamtegrien oeral yn't rûn;
Blier laitsjend boulân, tierige greiden,
sjongende fûgels, sânich de grûn,
sjongende fûgels, sânich de grûn.
Moai, sûnder wjergea binne de Wâlden:
Smûk skaadzjend beamtegrien oeral yn't rûn.
Oeral yn't rûn, yn't rûn, oeral yn't rûn.

Maaimoanne' pronkseal binne de Wâlden:
't Hôf klaaid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht;
Kijkes yn't finlân rinne te weidzjen,
't nôt weag't it fjild oer, swiid is de pracht,
't nôt weag't it fjild oer, swiid is de pracht.
Maaimoanne' pronkseal binne de Wâlden:
't Hôf klaaid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht,
geal sjongt en slacht en slacht,
geal sjongt en slacht.

Fryske bewenners hawwe de Wâlden:
Hja libje froed en from, sljocht binn' se en rjocht,
eang fan útwrydskens, gol en ienfâldich,
altyd deselde, wêr't men se sjocht,
altyd deselde, wêr't men se sjocht.
Fryske bewenners hawwe de Wâlden:
Hja libje froed en from, sljocht binn' se en rjocht,
sljocht binn' se en rjocht en rjocht,
sljocht binn' se en rjocht.

Harmen Sytstra
(1817-1862)