Fergees Frysk boek foar bern yn groep 5

Alle bern út groep 5 yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel hawwe fergees in Frysk boek krigen út namme fan it projekt ‘Jou in bern in boek’, dat dit jier foar de 19e kear organisearre waard. Freedtemoarn 14 novimber wie de útrikking fan it boek ‘Paula en de weirekke spegel’ fan skriuwster Marije Sennema. De útrikking waard dien troch wethâlder Wiebe Strikwerda en berneboargemaster Luuk de Bruin yn De Klyster, yn Damwâld. Skoallen út de gemeente Dantumadiel wiene hjirby oanwêzich.

Paula en Geeske de goes

It boek ‘Paula en de weirekke spegel’ is skreaun troch Marije Sennema en de yllustraasjes binne makke troch Tijana Lukovic. Marije wie by de útrikking oanwêzich en hat ferteld oer it skriuwen fan it boek, sa as it eilân Amrum wêr’t it ferhaal him ôfspilet. ‘Paula en Geeske de goes’ ferrasten de bern en oare oanwêzigen mei in toanielstik. 

Gearwurking tusken 4 gemeenten 

It projekt ‘Jou in bern in boek’ is in gearwurking tusken de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Elts jier is de útrikking yn in oare gemeente. Fansels wiene by it startmomint ek de wethâlders fan de oare gemeenten: Hanneke Jouta, Jan Pieter van der Velde en Tjibbe Brinkman. 

Alle bern út groep 5 krije yn boek

De kommende wiken sille de lêskonsulinten fan Biblioteken Noard Fryslân en fan Tytsjerksteradiel op alle skoallen yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen del mei de boeken foar groep 5.

Oer ‘Jou in bern in boek’

It projekt ‘Jou in bern in boek’ is 19 jier lyn úteinset yn de gemeente Ferwerderadiel, oernommen troch gemeente Noardeast-Fryslân en sûnt de 16e edysje hat ek de gemeente Achtkarspelen har hjir by oansletten. Letter binne dêr ek gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel bykaam. It projekt slút oan by in aktyf Frysk taalbelied. De wurkgroep bestiet út Joke Scheffer, Jan Jarig van der Tol, Tjitske van der Velde, Wietske Poelman en Tineke Witteveen.

F.l.n.r.: Marije Sennema (skriuwster), Brann Walstra (de goes), Wiebe Strikwerda, Hanneke Jouta, Luuk de Bruin (berneboargemaster), Jan Pieter van der Velde, Tjibbe Brinkman en Yvonne Soepboer (Paula). Foto makke troch Wietske Poelman