De yn Burgum wenjende sjonger en lietskriuwer Marcel Smit (1977) is ‘Wâldsjonger’ fan Achtkarspelen. Marcel wie al op jonge leeftyd dwaande mei muzyk en brocht yn 2011 syn earste folslein (Wâld)Frysktalige album út. Yntusken steane der trije albums op syn namme en hat er as lietskriuwer in ferskaat oan ferskes skreaun foar oare artysten. Marcel stiet neist syn solo-optredens ek wol mei oaren op it poadium. Foar it teaterprogramma Frisicana bygelyks, dêrmei toert er no troch de provinsje mei Gurbe Douwstra en Piter Wilkens. Yntusken binne de lietsjes fan dizze Wâldpyk-ambassadeur ek net mear wei te tinken út de jierlikse Fryske Top 100. Marcel fynt it in hiele eare om Wâldsjonger te wêzen en wol as echte Wâldpyk de Wâlden mei syn ferskes noch mear promoatsje.

Gedichten en lieten

Om it kulturele en literêre libben te stimulearjen ha wy in doarpsdichter beneamd. De doarpsdichter (Wâlddichter of Wâldsjonger) skriuwt sa’n fjouwer Frysktalige gedichten of lietteksten it jier. Hy of sy draacht de gedichten of lieten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten/lieten wurde pleatst yn De Feanster.


It liet ‘De oare wei’ is makke foar en songen by it ôfskied fan de riedsleden fan gemeente Achtkarspelen op 31 maart 2026.


De oare wei

Op de platte karre fan it libben 
Nimst elke ûnderfining mei dy mei
En jimme hiene noch romte op ‘e karre
Al nimt dy karre no in oare wei

Hy bliuwt hjir fêst yn dizze kontreien
Dêr’t jim jim ynset hawwe foar behâld 
Foar minsken, foar it lânskip, foar de diken
Sadat in karre ‘t hjir noch lang úthâldt

Foar elke karre heart in goeie trekker 
Dy’t giet troch djippe spoaren mei wyn tsjin
Mei in bestjoerder en in eigen rûte
En mei in hege sit om alles te oersjen

En dy sit is net om rêstich yn te sitten 
Heechút even foar in ljocht yn ’t ferkear
De oare kant fan sitten is beweging 
En dat krijst allinne mei in sit hjir klear

Foar sa’n sit moatst de nekke wol útstekke 
En neat jaan om drek as om in tichte doar 
En dêr’t ien slút giet faak ek ien wer iepen 
Mei in trekker hast dat ek sa foar elkoar

Op de platte karre fan it libben 
Nimst elke ûnderfining mei dy mei
Jim krije no wer wat romte op ‘e karre
In hiel soad wille op dy oare wei

© Marcel Smit
 

It liet ‘De Ferbining’ is makke foar en songen by de ynstallaasje fan Jouke Douwe de Vries as nije boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen op 30 jannewaris 2025.

De Ferbining

Oer de Trekwei is ’t mar in stikje 
Fan Dokkum om nei Bûtenpost 
Krekt lang genôch om ris te tinken 
Hokker amt it bêste by dy past

Op elk krúspunt kinsto beslisse     
Hokker rjochting as’t útgean silst
Oer de dyk en ek yn it libben 
Salang as’t dyn eigen paad mar giest

En hast de hannen goed oan it stjoer
Dan komme der kânsen foar it ljocht 
Gryp se, want dy binne allinne 
Foar dyjinge dy’t de kânsen sjocht

Ast foarút wolst dan litst ek efter 
De iepen romtes fan Noard-East 
De stêd dy’st sels noch besongen hast
Faaks mist dy aanst noch wol it meast

Lit dan de smoutte fan De Wâlden 
Dy no mar passe as in jas 
Al komt it nochtere fan de klaai 
Dy hjirre fêst noch goed fan pas

En mocht de Trekwei lûken bliuwe
As in ferbinende symbolyk 
Sjoch der dan nei as brêgebouwer
Dy fynst nearne mear as yn dy dyk

Oer de Trekwei is ’t mar in stikje 
Fan Dokkum om nei Bûtenpost 
Krekt lang genôch om ris te tinken 
Dat boargemaster wol by dy past

© Marcel Smit

Alvedoarpetocht 

Makke troch: Bente, Jelly, Jelliena en Eline (CSG Liudger Burgum)

It is echt mei in lyts idee begûn
Troch freonen op in moaie jûn
In kuiertocht en Burgum is as earste
De skiep en har laam steane yn it lân 
Ja troch dat lân rinne wy moarn
Om mei te dwaan hoege wie net it measte

Refrein: 
Dit hat de Wâlden ús moai brocht
In nije alvedoarpetocht 
Dêrfan kinne wy wol in tradysje meitsje
De hynsteblommen sjochst dêr stean
De wille bliuwt altyd bestean
It lânskip hjirre sil elke rinner reitsje

In rûte meitsje dat wie frij rap dien
Nei Burgum noch in doarp as tsien
Dêr rint elk mei in soad wille troch hinne
Wy haw al wille fan it meitsjen hân 
De sinne skynt hjir op it lân
Sa’n doarpetocht wol elkenien wol rinne

Brechje: 
Wy binne hast klear mei de tocht
Wy komme yn de lêste bocht
De brêge oer en dan bin wy ek binnen 
It bierke komt no út de tas 
Dy komt oan’t einde goed fan pas
In goeie priis sûnder echt wat te winnen

It liet ‘Underweis’ is makke foar de nije edysje fan it boekje ‘Doarpskuierkes yn Tytsjerksteradiel’ en songen by de presintaasje fan it boekje op 25 april 2024 yn Stania State yn Oentsjerk.

Underweis

Wolkom yn it hert fan de Wâlden 
Yn de doarpen fan Tytsjerksteradiel 
Al bin se hjir soms wat behâlden 
De krite hjir hat noch in siel     

Dy siel sille jo fêst fiele 
Hokker rûte jo hjir ek gean 
It lânskip dat sil jo each striele 
Op de grins fan sân en it fean

Lit jo lâns in greide liede 
Wat troch in beamwal is omheind
Wêr't earder noch heide ’t lân sierde
Hat de tiid de siel noch net skeind

De wyn bringt jo de ferhalen 
Lâns it wetter ek op jo wei 
Mearkes om yn te ferdwalen 
En dat yn elk doarp wer opnij

Pluk de fruchten lâns de paden 
Gean ris in slach troch iepen fjild 
Troch in bosk om te ûntladen 
Sjoch hoe’t it ien en ‘t oar sa ferskilt

De sinne sil hjirre altyd skine
Op it moaiste stik Fryske grûn 
As jo dat by oankomst ek fine 
Dan hat de siel jo ûnderweis fûn

© Marcel Smit

It liet ‘Frijdom wie de heechste wet’ is makke foar en songen by de betinking fan de Slach by Blauforlaet op 11 april 2024.

‘Frijdom wie de heechste wet’

It is hast net mear foar te stellen 
Dat hjir foar frijheid fochten is
Sy dy’t de brêge no passearje 
Stean net stil by dy gebeurtenis

Passanten hoege net te flechtsjen
Net te fjochtsjen foar harren bestean 
Sy kin’ gewoan de brêge brûke
Om der oer of ûndertroch te gean

Lit de brêge in foarbyld wêze 
Foar wat it ien mei it oar ferbynt               
As doel om nei inoar ta te kommen
Sadat elke foarm fan haat ferdwynt

Der is hjir fochten foar de brêge 
En krekt dêrnei binne wy befrijd 
Men kin de heechste wet berikke 
As der earst mar ris in brêge leit

© Marcel Smit
 

It gedicht ‘De Sport’ is makke foar en songen by de huldiging fan de sportkampioenen yn Tytsjerksteradiel op 5 maart 2024 yn it gemeentehûs yn Burgum.

De Sport

Falt de krante op de matte op in moaie simmermoarn 
Dan it leafste dy fan moandei en dan set ik de kofje oan 
Wylst de geur him hjir ferspraat fan dat earste bakje treast 
Lis ik it wrâldnijs oan ‘e kant want de sport dat komt hjir earst

By it lêzen fan de koppen meitsje ik foar mysels in kar 
Hokker stik nim ik earst troch, tsja wat komt it earst oan bar
De Premier League, de Tour de France as de Formule 1 
Myn foarkar dat leit meastentiids wat tichter by it hiem

Hoe soe ‘t mei Jelmar wêze, hat it wykein him wat brocht 
Modesto, Thijs en DFS har wûn dat hie ‘k wol tocht  
Dy Nina en Koerina dogge wat oars as GVV
Mar sy giene allegear wol nei hûs mei in trofee

Sa bliuw ik op ‘e hichte fan it regionaal talint  
En helje ik it maksimale út myn abonnemint 
It oare nijs dat lês ik wol mar mear as in roman 
Fan sport en sportprestaasjes dêr wurd ik pas fleurich fan

Wylst de sporters al wer dwaande binne mei nijer doel 
Wurdt der hiel lokaal noch sjoen nei wat foarich jier opfoel
Want dêrfoar haw wy hjir in priis en dy is relevant 
Want troch sa’n stimulâns bliuwt myn krante ynteressant

© Marcel Smit

It liet ‘Nocht en Wille’ is makke foar en songen by de útrikking fan de Undernimmerspriis Achtkarspelen op 9 novimber 2023 yn de Lantearne yn Surhústerfean.

Nocht en Wille

Nocht en wille kin’ in soad tille         
Ja dat hâldt in minsk oerein            
Nim wat wille en wat nocht             
Dêrmei komst al in hiel ein             
Mar kinst it oer as fierder sjen        
Fynst dysels hieltyd opnij            
Dan giet de wrâld pas iepen             
En giet nocht en wille mei             

Komsto troch ynsicht en hurd wurkjen     
Einlings boppe ’t meanfjild út             
Dan wurdst dêr grif wer ôfmeand        
Mar dat bringt ek guon foarút        
Al wurdt de hûd dan wol wat dikker    
It gefoel feroaret net  
Dat nimt sels noch earder ta 
Tsjinslach jout ek nij ferlet

Kearsankje:
Nocht en wille kin’ in soad tille         
Ja dat hâldt in minsk oerein            
Nim wat wille en wat nocht             
Dêrmei komst al in hiel ein     

Doarsto in earste stap te setten 
Yn in ûnbekende wrâld
Dan skriuwst dyn eigen wetten 
En dan lit krityk dy kâld
It dwaan en doare wurdt beleanne  
Mei respekt mear noch dan jild   
It is ek dy wurdearring 
Wat de ien krekt heger tilt 

Al is’t mei nocht en wille makke 
Der is gjin priis dy dat dekt 
De grutste priis fan dizze jûn 
It is wurdearring en respekt 

©Marcel Smit

It liet ‘Lêze en skriuwe’ is makke foar de Wike fan lêzen en skriuwen fan 8 o/m 15 septimber 2023, mei as doel it bewust wurden en better werkennen fan letterswakkens (laaggeletterdheid).

Lêze en skriuwe

Hy stie noch midden yn it libben 
Hy die it wurk, syn frou de rest
Hy waard wol bypraat troch syn maten
Troch grutskheid nea in oar ta lêst

It gat is djip nei har ferstjerren 
Hy hat de hannen yn it hier
Hy wol har útfeart begeliede
Mar sit te stoarjen nei ’t papier

Kearsankje
Do sjochst it net oan hoe ‘t se rinne
Do sjochst it net oan harren klean 
Sy sille der sels net oer begjinne
It skamjen foar kin bêst fier gean 
Gewoantes kinst altyd trochbrekke
En ek al binne se min te sjen 
Rik in hân ast wat fermoedest 
Sa’n hân is faaks in nij begjin 

Har grutte bek dat wie har wapen 
Sy sloech har troch har skoalletiid 
Al is sy krekt drûch oer de sleat kaam
Sy wist eins net wat sy ferliet 

Pas doe’t se ynseach dat har libben
Dochs wol wat mear as wille wie 
Wie sy bliid dat ien har frege 
Wêrt sy no eins ferlet fan hie 

(Kearsankje werhelje)

Lang om let kin heit en dochter 
No lêze en skriuwe mei elkoar

©Marcel Smit

It liet ‘Winners’ is makke foar de útrikking fan de kultuerprizen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, op 24 maaie 2023 yn Bûtenpost en op 30 maaie yn Burgum.

Winners

Der is altyd ien de bêste 
De ien is sterker as de oar   
De ien kin fierder as syn grinzen
Wy kin noch fierder mei elkoar 

Der is altyd ien de earste 
De ien is flugger as de oar 
De ien kin heger as syn latte
Wy kin noch heger mei elkoar 

Foar elke einstreek stiet in priis 
En dat is faaks ek wol goed 
Al is de priis fan hjoed wol oars 
Dy giet fierder as dy noed 
De einstreek is hjirre nea it doel 
En it winnen like min 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Sy meitsje ‘t oaren nei it sin

Der is altyd ien de moaiste 
De ien is tûker as de oar
De ien kin djipper as wy tinke 
Wy kin noch djipper mei elkoar

Der hat altyd ien it measte 
De iene doart mear as de oar
Al hat in priis echt wearde 
Ast wat dochste foar elkoar 

Foar elke einstreek stiet in priis 
En dat is faaks ek wol goed 
Al is de priis fan hjoed wol oars 
Dy giet fierder as dy noed 
De einstreek is hjirre nea it doel 
En it winnen like min 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Sy meitsje ‘t oaren nei it sin

©Marcel Smit

It liet ‘Yn it sintsje’, is makke foar de lintsjerein yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel op 26 april 2023.

Yn it sintsje 

Sy stean it meast ferskûle  
Tusken gers of beamtegrien 
Yn de lijte fan in beamwâl 
Earne op in rêstich hiem 
 
Krekt heger as it meanfjild
It leafst net yn ’t folle ljocht 
Dêr komme sy ta waaksdom 
Dêr wurdt goed om oaren tocht

Sy bloeie yn de winter 
Yn de simmer yn de hjerst 
Sy bloeie yn it foarjier 
At sy foar gean oan de rest 
Sy bloeie troch yn stoarmen 
Krekt as hat it nea oars west 
Sy krije wol gau in kleur  
Ast se yn it sintsje setst

Harren risping is ferneamd 
En wurdt faak fergees ferdield 
As in soarte fan medisyn 
Dat al hiel gau hiel goed fielt

Wy moat’ der goed op passe
Mar foar wa’t de soart net kin 
Is in lintsje faaks wol handich 
Sa kin elkenien se sjen 

Sy stean it meast ferskûle  
Tusken gers of beamtegrien 
Mar sjochst ynienen in lintsje 
Dan witsto dat is der ien 

©Marcel Smit
 

Argyf mei eardere gedichten en lieten

Sytse van der Werf

Sytse van der Werf Wâlddichter / Wâldsjonger

Sytse van der Werf, âld-ynwenner fan Achtkarspelen, is op 20 maart 2009 keazen as earste doarpsdichter fan Achtkarspelen. Ien fan de gedichten dy’t Sytse van der Werf foardroegen hat, is it liet ‘Wolmoed fan Bouwekleaster’. It gedicht is ynspirearre op in personaazje út ‘It Jubeljier’, in roman fan Simke Kloosterman (1876-1938), skriuwster út Twizel.

Wolmoed fan Bouwekleaster

Fan de Lits nei Hamsherne

oer de Mûntsegroppe

by de bulten nei boppe

oer it skeanpaad nei de Pein.

Oan de reed op nei Stynsgea

tusken bosk en strewellen

efter de Krûme Elle,

wêr't it Bouwekleaster lei.

Ik haw har dêr sjoen

hja kaam fan de heide

op my ta oer de greide

en ik rekke betsjoend.

Refrein

Ek al fleane gjin flinters mear oer it Bouwekleaster

fljocht de rêst yn de drokte foarby.

Ek al falle de beammen en ferdwine de blommen

Wolmoed komt hjir wei

en ik moat Wolmoed efternei.

Har hier song it liet

fan rûzjende rogge

en sa't oaren net dogge

sa die hja mei my.

Hja brocht my it swiet

as fan de kamperfoelje

mar ek de reboelje

en de striid naam hja mei.

 

Refrein

Spoekriders ride

no efter de Mûntsegroppe

en de klokhúsklokken roppe

in liet fan fertriet.

It liket ferlern

in hiel fier ferline

mar ik sil har wer fine

ik sil har wer sjen.

 

Refrein

It gedicht ‘Stêdetrip’ is op 20 maart foardroegen by de ferkiezing ta doarpsdichter fan Achtkarspelen. It gedicht ‘Stêdetrip’ giet oer in busreis nei Praach. 

Stêdetrip

ik gie ris mei in Dalstrareis nei Praach

hie noch wat snipperdagen en ik reizgje graach

de stêdetrip wie foar in breed publyk

de minsken wienen dêrom wakker ûngelyk

foaryn de bus hiest de lju mei it wat drege praat

efteryn de stamgasten fan it kafee fan Blauferlaat

kealle it by de iene helt wat swier

de stamgasten sieten hast de hiele reis oan it bier 

âlde Knilles fan goed santich jier

in suterige pet op syn grize prûkje hier

maskotte fan it kafee en lytse boer

sloech gjin inkel rûntsje oer

wy sieten yn in net te djoer hotel

kroaden deis by alle monuminten del

de dregen bearden oer de kulturele pracht

de stamgasten wienen mear nei sûvenirs op jacht

en jûns gie it iene part nei de opfiering fan de opera

de oare helt nei in foarstelling yn de nachtklup ta

âlde Knilles rekke dêr sels oan de faam

dy’t net sasear op him as wol op syn pensjoen ôfkaam

sadat de ferkearing krekt salang bestie

oant se syn beurs yn har taske hie

Theresienstadt stie op it program fan de lêste dei

it konsintraasjekamp dat net sa fier fan Praach ôf lei

en yn dy stiennen barakken by it  ‘Arbeid macht frei’ 

foelen it ferskil op slach tusken de minsken wei

elkenien spruts dêr samar deselde taal

skruten fertelde de iene de oar syn ferhaal

âlde Knilles wie djip mei wat hy seach begien

en hie út stil respekt de pet ôf dien

no sitte wy yn dit lân mei in resesje

miskien as yn de jierren ‘30 is ’t wol in depresje

guon roppe driigjend: “in oarloch kin sa wer begjinne, 

tink mar net dat de minsken no folle better binne”

fansels is it in drege fraach, wa kin soks witte 

mar yn myn antwurd sil ik net sa gau de reis nei Praach ferjitte

en al wurdt it langer wurkjen, hege lesten en in leger pensjoen

dan moat’ wy krekt as âlde Knilles mei de pet mar rûn.

Dichter

(mei tank oan Descartes)

ik bin in dichter, ik doch oan poëzij

ekonomysk sprutsen bin ik in lytse ûndernimmer 

yn de sektor fan de ferbale djipdollerij

 

myn arbeidsomstannichheden bin' net botte bêst.

ik ferslyt hiel wat oeren, krij net in soad rêst.

want in fers of in liet, it keallet faak swier

foardat it fêstleit op blank papier

Lykwols inkeldris falle wat fleagen

fan it grutte ljocht yn myn eagen.

komt mei faasje 

de ynspiraasje

dy’t krekt

as in finzene

út myn tinzen brekt

sit myn produkt dan lang om let yn elkoar

is der eins amper in merk foar

mar

al smoar ik tûzen kear yn myn eigen pinne

moat ik, lyk as jim

mannich krisis oerwinne 

as dichter sil ik altyd opnij

wer begjinne

want 

it is myn grutste gewin 

dat ik dichtsje

en dus bestean


 

It gedicht ‘Lintsje’ is makke foar de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 29 april 2009.

Lintsje

Dyn stribjen sprút út idealen

Dyn dwaan komt út it hert

Sjochst net op in oere

jild dat telsto net

Soarch, sport, ûnderwiis of tsjerke

Wynst dy der net foar wei

Kwetsberen en earmen

altyd hast in plakje frij

Semint tusken de stiennen

Basis foar ‘t gehiel

Litst de mienskip groeie

joust dysels alhiel

Ferbûn en belutsen

In lintsje komt dy ta

De keninginne hat sprutsen

al wolst it sels sa mâl net ha

It gedicht ‘bêst genôch’ is makke nei oanlieding fan de ferkiezing bêste wurkjouwer 2009. 

bêst genôch

Al is dit gea fan puolgatten, petten en pingo’s

op himsels al hiel skoan,

Achtkarspelen krige ek noch de earetitel

‘bêste wurkjouwer fan it hiele lân’.

“Wurk” sei de wurkleaze, “myn baas joech my dien,

oars hie ik no noch op de steiger stien.

Al is der om dizze ûnderskieding hiel wat te dwaan

it helpt my fuort net oan in nije baan”.

“No” sei in ûndernimmer: “dit komt ús yn de mjitte.

Je moatte net ferjitte,

dat wy hjirmei grutte bedriuwen

as Ahold en Achmea fier efter ús litte

en dat wy yn dit gea fan kamperfoelje en brem

like heech fleane as de KLM”.

“Ja”, sei de deskundige mei nochal wat fieling

foar de weryndieling,

“sa wurde de Wâlden gau ien gehiel.

Dit befoardert de gearwurking mei Tytsjerksteradiel.

Wêrom sil je der lang oer stinne,

as je mei sa’n bêste wurkjouwer fierder kinne”. 

 “Och”, sei in AOW-er, dy’t it hearde, 

“sy moatte dy amtners

yn Bûtenpost oars net te bot bedjerre.

Hoe mear fan sokke prizen as sy dêr helje,

hoe mear belesting wy straks betelje”.

“Wa wit” sei lytse Kees, altyd yn tou,

mar goed ûnder de plak fan syn bazige frou,

“wa wit ferbettere ik myn posysje

as ik har ek ris opjoech foar dizze kompetysje”.

Sa binne de mienings mar wat ferdield,

wurdt der tusken puollen petten en pingo’s

fierder oer redendield.

Docht de ien der wat by

en de oar der wat ôf,

mar bliuwt it fansels 

“bêst genôch”.

It gedicht ‘De Wâlden’ is makke nei oanlieding fan Sytse syn nachtlik ferbliuw yn in spitkeet op ‘e Harkema, yn augustus 2019.

De Wâlden

 

do bist it gea fan griene tinten
en fan lytse kampkes lân
it sânpaad oer de heide
koetsekralen yn de brân

tsjoenst my mei de giele kleuren
fan de brem de maitiid yn
litst de sulveren bjirken sjonge
op de iere foarjierswyn

do dûnsest foar my út de petten
jûns mei de wite wiven mei
ljochtest my mei spoekeblommen
yn tsjustere nachten by

‘k sjoch yn de brûnzen simmer
dyn waarmte triljen boppe ‘t paad
bringst my de strielen fan de sinne
de koelte fan it skaad

as de hjerst mei lulke flerken
om him hinne slacht
yn de smoute fan dyn singels
ferliest de stoarm syn macht

de tiid hat dy feroare
geheimen binn’ ferdwûn
as de kleuren dy’t ferblikke
yn de lange winterjûn

al swalkje ik oer de ierde
bin ‘k langer rûnom thús
wêr’t myn paden hinne liede
dit bliuwt tusken ús

It gedicht ‘Harkemase Boys – Feyenoord’ is makke nei oanlieding fan de histoaryske fuotbalwedstriid op 24 septimber 2009

Harkemase Boys - Feyenoord

(24-9-2009)

De sensaasje trillet troch it doarp,

behearsket dagenlang de sfear.

Mei man en macht is wurke.

De Harkema is der op klear.

De dei is as in dream,

ballonnen dûnsje yn de sinne

as tûzenen yn lange rigen

nei de Bosk ta rinne.

Ferskûle efter hast elke beam

fynst in ‘stille’.

Rûnom steane plysjes op ’e dyk,

dy’t grif by ‘rellen’ yngripe sille.

Mudfol sit it stadion,

dêrsto lykwols gjin wanklank hearst,

mar wol de heldere noaten klinke

fan it fleurich dweilorkest. 

Mei in readwite konfettyrein

wurde de spilers ûnthelle op it fjild,

dêr’t nei it messkerp’ fluitsinjaal

de  bekerwedstriid begjint.

De boys tikje in aardich potsje mei,

mar jouwe earst wol wat te nuet partij,

al ropt in supporter : “Come On Harkema,

wy gean’ op in ferlinging en penaltys ta”.

Nei in healoere ‘fuotbalballet’ op it griene lekken,

witte de gasten de tsjinstân te brekken.

Yn fiif minuten is it trije kear rekke,

kin’ se mei in ‘wereldgoal’ de winst yn de bûse stekke.

Mei noch in oere op de klok is de striid fansels net dien,

wa wit skoare de Harrekieten sels noch ien.

Spitigernôch sil dat net mear barre,

al bliuwe dûbele sifers har ek besparre.

Elk hat wûn op dizze bysûndere fuotbaljûn,

dy’t net as oerwinning fan de boys yn de boeken stiet,

mar wol mei de moaiste goal fan it jier 

út De Harkema wei, de hiele wrâld oergiet.


It gedicht ‘De classic fan Pieter’ is makke nei oanlieding fan de fytstocht dy’t alle jierren ferriden wurdt fanút Surhústerfean wei.

De classic fan Pieter

troch myn fakânsje liet ik de classic fan Pieter sjitte

moast it ek by de ‘profronde’ yn it Fean ôfwitte litte

ik wie yn Frankryk, hie in campinkje fûn

yn it plak dêr’t Pieter Weening earder in tour-etappe wûn

Gerardmêr, der sieten meast Nederlanners om ús hinne

sadat je dêr eins amper yn it bûtenlân binne

rikjende barbecues, alle nachten wit hoe let

en Sonja Bakker kenne se dêr net

efter my siet Henky út de Achterhoek

knap kreas karavantsje, tagelyk in iepen boek

ûnder in kleedsje yn de foartinte stie in djoere Gazelle

dêr’t de baas yn de bergen nije rekords mei helle

no mei ik ek graach fytse en al bin ik net sa’n held

yn  de bergen mei ik ek wol oer in bytsje geweld

sa rekke ik mei Henky oer syn aventoeren oan de praat

dy’t doe ornearre: “wy moasten tegearre ris op ’en paad”

sloech ik de classic troch it lân fan Pieter dit jier dus oer

mei Henky fytste ik syn winnende etappe út de tour 

en wylst de lêste campinggast syn bêd opsocht

setten wy, moarns ier, út ein foar dy grutte tocht

mei strakke spieren, spande pezen

rikken wy tegearre oer de Vogezen

 ‘oerend hard’ kraaide Henky ‘mien auto ken niet sneller’

‘net normaal’ rôp ik mei mear as sechstich op ’e teller

it gie bêst en ek de lêste Col (de la Schlucht) makke ús net kjel

remmen los en doe gûlden wy der by del

dat hie net sa wêze moatten, efterôf is dat wol wis

want healweis by de Duvelsrots gie it alhiel mis

yn 2005 pakte Pieter mei in bândikte ferskil syn kâns

sa wûn hy de etappe yn de Tour de France

foar Henky en my rûn de finish even oars

mei skeinde knibbels en in blomkoalnoas

‘t is goed beteard, al wie der hiel wat te bepraten

Henky en ik, wy binne no foar it libben maten

de djoere Gazelle fûn it fierder ûnder it kleedsje wol best

en wy ha elke dei braaf mei it wyfke te winkeljen west

it oare jier sille wy mei Henky en dy op fakânsje

de froulju gienen allinne akkoart ûnder strikte garânsje

dus wurdt it Appelskea, fierder gjin gesoademiter

en fytse wy tegearre de classic troch it platte lân fan Pieter.
 

It gedicht ‘Bijzonder gewoon’ is skreaun foar de jûn foar nije ynwenners fan Achtkarspelen op 18 november 2009.

Bijzonder gewoon

 

Refrein:

Ervaar het en bewonder,

noem het onbedorven schoon,

wij zijn hier heel bijzonder,

maar ook weer heel gewoon.

U hebt voor ons gekozen,

dat doet ons veel plezier.

Bij ons in de wouden,

‘Van harte welkom hier.’

Wij hebben weinig drempels,

houden niet zo van gezeur

en komen bij de buren

graag door de achterdeur.

Wij houden van de handel,

dat zit ons in het bloed,

niet van te strakke regels,

nou ja, behalve als het moet.

Refrein: Ervaar het en bewonder…

De Spitkeet en de Kruidhof

gaan van mond tot mond,

in dit coulisselandschap

met zijn kleine lapjes grond.

Vlakbij Kootstertille

ligt, eenzaam ver van huis,

een vreemdeling begraven

onder een aarden kruis.

Wij zijn in het verleden

soms niet zo braaf geweest,

maar dat is lang geleden,

‘Wees maar niet bevreesd’

Refrein: Ervaar het en bewonder…

Drogeham, de gondelvaart,

daar kunt u elk jaar heen,

net als het fietsspektakel

in Surhuisterveen.

Rijk is de traditie

van het concours hippique,

wij houden van de Wâldsang,

die maakt hier muziek.

Harkema is voetbal

van een hoog niveau,

dat krijgt u in Achtkarspelen 

allemaal cadeau.

Refrein: Ervaar het en bewonder…

Wij spreken hier graag Fries,

dat is geen probleem,

wij slepen u er samen

hier vast wel doorheen,

 

Want, u heeft voor ons gekozen,

hier staat nu uw huis,

bij ons in Achtkarspelen

voelt u zich vast thuis !

Refrein: Ervaar het en bewonder…

Wy wenje hjir foar wûnder

en noch sa ûnbedoarn,

wy binne hiel besûnder,

mar ek wer sa gewoan

Sytse van der Werf wie yn 2010 werstellende fan in beroerte. Syn sitewaasje hat er fêstlein yn it gedicht ‘Maitiid’. 

Maitiid

sa sûn as in fisk 

fan de ien op de oare dei

útteld en foar in part ferlamme

die ik oan it libben net mear mei

as hie der koartsluting west

yn myn kop sûnder it te witten

kamen myn hân en myn foet

sûnder stroom te sitten

mei in tonge as lear

sadat ik amper prate koe

moast ik de sikehûssuster freegje

 oft hja myn bôle snije woe

gjin baas mear oer eigen liif

ôfhinklik as in bern

hie ik alhiel de macht

oer it libben ferlern

de dagen wienen griis

dreech en sûnder faasje

waarden folslein behearske

troch de revalidaasje

de winter gie foarby

in lange striid efter de ruten

mar rêst en terapy dienen

mei de tiid fertuten

no mei it foarjier 

yn blêd en blom

kear ik stap foar stap

nei it libben werom

noch wat ferdôve troch de klap

mar bliid dat ik der noch bin 

is dizze maitiid foar my

mear as in nij begjin


 

It gedicht ‘Simke’ is makke nei oanlieding fan it berjocht dat de Stichting Iepenloftspul Harkema yn septimber 2011 it stik ‘Simke’ oer it fuotljocht bringe sil. It stik giet oer it libben fan de skriuwster Simke Kloosterman. De ynspiraasje hat Sytse van der Werf opdien by syn ferbliuw yn de wenwein yn Twizel, syn lange fyts- en kuiertochten yn dy omjouwing, syn besite oan it Slotsje fan Simke Kloosterman en it lêzen fan har skriuwwurk.

Simke

in blaugriis waas leit oer de greiden

wytgouden sinneljocht betsjoent it gea

mansheech stiet it mais te rypjen

krûdich rûkt it lêste hea

toarnbeien glimme oan de strûken

wetterjuffers dûnsje oer de feart

drôgjend stean’ de elzesingels

 ferwile ta harsels ynkeard

tusken de âlde reade iken 

klonk eartiids dyn liet 

skildere mei dyn pinne

fol hertstocht, lok en fertriet

do songst fan de simmer 

fan de griengiele fjilden 

dêr’t flinters fan leafde

dy de kimen oer tilden

brûzjende wieling

 fan ûnrêst, langstme en pine 

wylde fûgel, iensum en frij yn de loft

do koest dy net bine

dyn leedsang is lang lyn ferstomme

de wrâld is de stilte foarbij

it drokke ferkear oerstimt no

it lûd fan dyn poëzij

dochs binne dyn leasten hjir net ferdwûn

is dyn bestean net allinne ferline

mar sil dyn lied en dyn striid

altyd opnij wjerklank fine
 

It gedicht ‘Domus Democratae - hûs foar de Demokrasy’ is makke nei oanlieding fan de weriepening fan it gemeentehûs fan Achtkarspelen.

Domus Democratae

hûs foar de Demokrasy

de âlde Griken út Athene

brochten ús de demokrasy

al koste it ús wol ieuwen striid

en in protte enerzjy

wrakseljend mei earmoed

waard de frijheid swier befochten

dochs krige lang om let

elk in stim, deselde rjochten

wy bouden en bewarren

yn in tsjerke of politike partij

al rêden wy hjir yn de Wâlden

der séls it leafst mei

de tiid brocht ús wolfeart

de frijheid is no maksimaal

mar de mienskip fersnippere en lit him

net mear liede troch in grut ferhaal

keapje en konsumpsje

de ekonomy stiet sintraal

mei tefolle regels en burokrasy

op in ûnpersoanlik grutte skaal

de takomst jout betizing

de kleau fan twadieling liket in feit

wy sykje yn in globale wrâld

hieltyd mear de eigen identiteit

rûnom wurdt fochten

frijheid is op ierde faak in utopy

mar yn Achtkarspelen iepenje wy yn frede

 hjoed it nije hûs foar de demokrasy

lit dit hûs it moetingsplak wêze fan alle boargers

dêr’t nimmen him hoecht te ferbrekken

net in paleis foar pommeranten 

mei drompels om frijút te sprekken

lit dit hûs in plak wêze dêr’t wy it debat fiere

dêr’t wy brêgen slaan en bine

lit dit hûs in plak wêze dêr’t wy altyd opnij

de demokrasy wer útfine


 

It gedicht 'Dwaande' is foardroegen op de nijjiersbyienkomst fan de gemeente Achtkarspelen op 4 jannewaris 2012. It tema fan de nijjiersbyienkomst wie ‘Dwaande’. 

Dwaande

Yn dizze gemeente fan 

bodders, boerkes en boufakkers 

wrakselen wy ús eartiids al dwaande

mei skreppen en hanneljen 

 troch de earmoed hinne

en lieten foar de hjeldagen fansels

in fette hazze yn de Mieden net rinne.

Yn dy tiid wienen

de kavia cobs noch net paraat

mar in unifoarm makke ús 

wol altyd wat opsternaat.

Wy stienen hjir 

alhiel net op de kaart

mar dêr waard eins

 nea oer praat.

Wy lieten ús yn it kafee gauris gean,

hearden nei de sterke ferhalen

fan Jan Hepkes Wouda út Surhústerfean

en Siebe Snor die oan it Knillesdjip alle war

de snoek te fangen, dy’t sa grut wie

dat er swaaie moast yn de Burgumer mar.

Jan de Roas galme yn de strjitten syn liet

wylst Aan Rus omkeard op ’e fyts

yn de bleate bast oer de leuning ried

fan de brêge op Blauforlaet.

Oer dy libbenskeunstners

wurdt noch altyd praat, 

mar se setten ús hjir 

net echt op de kaart.

Mar sûnt ferline jier is dat oars;

no is elke krystmerk, elke winterkuier

of snertloop fuort in skot yn de roas.

Troch de promoasjekampanje Dwaande

wurdt rûnom oer ús praat

en steane wy definityf en 

ynteraktyf op de kaart.

Wy fokusje, fermerkje en

witte de hiele streek te ferglêzjen, 

leare alle ûndernimmers 

om ambassadeur te wêzen.

Twitterjend is de hiele wrâld no ús gast

 en sa kaam Achtkarspelen 

al dwaande út de kast. 

Lokkich gienen we net alhiel oan de haal

mei dy ûnbegryplike turbotaal.

Wy iepenen it nije hûs foar de demokrasy

en de amtners dy’t har yn it ferline

altyd behelpe moasten mei yn in suterige kantine

krigen har eigen brassery. 

Pieter Weening ried dagenlang yn de rôze trui

fan de Giro d’ Italia yn it rûn

wylst Droegeham mei

‘Doch it foar dyn doarp’ 10.000 Euro wûn.

Hiel Fryslân stie massaal foar de wedstriid 

it Hearrenfean – de Harkema yn de rige 

en it iepenloftspul ‘Simke’ waard sa’n sukses

dat it sels in gouden Gurbe krige. 

Rûnom waard oer ús praat. 

Sadwaande stie Achtkarspelen yn 2011

stevich op de kaart.

Wol frege ús nije boargemaster de âlden

de bern fan de drank ôf te hâlden.

Ek liet deputearre Schokker ús noch wat skrikke

mar oer in fúzje mei Tytsjerksteradiel

kinne wy sels wol beskikke.

It jier 2012 is frij wat ûnwis, 

wy witte hjir yn de Wâlden 

mar al te goed wat earmoed is.

Wy binne hiel wat mânsk,

elke krisis jout ek wer in kâns,

As wy gewoan yn ússels leauwe 

en dwaande bliuwe

sille wy yn 2012 

de tsjinslaggen wol heine:

 ‘folle lok en seine’.

It gedicht ‘Nea ferjitte’ is makke nei oanlieding fan de deadebetinking.

Nea ferjitte

(deadebetinking 2011)

de krisis hie dy tramtearre

de oarloch fierde dy mei

balling, wurkje of stjerre

flechtsjen wie der net by

do hast alles oerlibbe

seachst leafst net efterom
God de frijheid is machtich

nei jierren kaamsto werom

doe bruts de krint út syn keale tûken

stuts de prunus de wrâld yn it nij

nachts kamen de dreamen

nea gie de oarloch foarbij

Yndie, Bandoeng op Java

dêr’t de ierde skoddet en trillet

stean ik foar dyn krúske

op it grut wite earefjild

do hast amper libbe

freegje net nei it werom

God de frijheid is machtich

de oarloch is wreed en dom

al brekt de krint út syn keale tûken

stekt de prunus de wrâld yn it nij

fier fan it lân fan dyn dreamen

naam de oarloch dy mei

noch altyd wol men it witte

giet men de striid wer oan

mei wapens elkoar yn de mjitte

gûlt de heit om syn soan

ik wol dyn namme neame

sjoch mei my efterom

God de frijheid is machtich

mar draait dyn dea net werom

brekt de krint út syn keale tûken

stekt de prunus de wrâld yn it nij

nea wol ik ferjitte

jou dy net oan de oarloch mei

It gedicht ‘Romte’ is foardroegen by de iepening fan it ‘Rondje Kunst Achtkarspelen’ yn Twizel op tongersdei 11 augustus 2011.

Romte

yn in wrâld dy’t behearske wurdt

troch de wetten fan ekonomy en kommersy

dêr’t minsken har bestean foar in grut part bepale litte

troch de keapgoaten fan de konsumpsje

stjoerd troch ûnpersoanlike persoanen

dy’t it as manager foar it sizzen ha

yn in wrâld dy’t in protte eigenheid ferlern hat

sykje wy faak om ’e nocht nei wat ús bynt

of flechtsje út eangst foar de frijheid

of út frustraasje maklik yn in fijânsbyld

yn de wrâld dy’t rûnom ferhurdet

kin de keunst wat romte biede

al wurdt dy faak besjoen

as in saak fan de elite 

dêr’t minsken 

har gjin ried mei wite

 

ek al wurdt hieltyd mear praat

oer de eigen kulturele identiteit

by besunigings hat keunst

gjin inkele prioriteit

en leit it yn dit lân

sûnder mis ôf

tsjin de elitêre fillabystân

yn stee fan noch mear groei

en ekonomyske prestaasje

giet it yn de keunst net sasear om jild

mar om ferwûndering en ynspiraasje

gefoel, adem, ûnderfining

en miskien op ‘e nij ferbining

lit de keunst ús op dit rûntsje

troch Achtkarspelen

liede

lit dit rûntsje keunst

ús benammen

romte biede

Twislum

in dize wâlet oer de fjilden

de dei is nei himsels op syk

it Learzepaad is fochtich fan de dauwe

yn de fierte bromt de autodyk

stil ferroere swiere reiden

har ferwile plommen op de wyn

it heimich wetter fan in pingo

spegelet yn de sinneskyn

nei de hazzegrize loften

mei ûnwaar en mei kûgelrein

leit it wurge lân no te bekommen

is de lêste stoarm ferflein

ús fuotprint op de ierde

is fierste grut en ken gjin grins

yn de Mieden lâns de Sânsleat

sykje ik op in bankje efkes lins

finzen yn ús eigen drokte

fine wy mar min de rêst

moatte altyd noch mear groeie

al ha wy it noch sa bêst

in mins hat mar in bytsje nedich

in protte jild makket net ryk

de brûnzen blêden binne fallen

rôlje kroljend oer de dyk

it hout stiet neaken op de wâlen

de grûn is klam en kâld

de winter lûkt al oan de Mieden

it jier wurdt stadich âld

it Learzepaad is ferlitten

de natuer is ta himsels keard

in lêste wite flinter wjukkelt

hjir lâns it bankje oan de feart

(Twislum betsjut twasprong en is de âlde namme fan Twizel)

It gedicht ‘Wat no Tjeerd?’ is makke nei oanlieding fan it berjocht dat boargemaster Tjeerd van der Zwan foardroegen is as nije boargemaster fan It Hearrenfean.

Wat no Tjeerd ?

do wurdst op hannen droegen

giest de problemen net út de wei

betellest parkearbonnen út eigen bûse

spilest sels yn it iepenloftspul mei

do wiest gau thús yn de Wâlden

strikje los net te formeel

wiest tagelyk ek de boargemaster

ket om de nekke en offisjeel.

dyn entûsjasme wurket hiel oansteklik

altyd yn in ûntspannen sfear

sport en kultuer hat dyn hert

en watsto wolst krijst samar klear

dyn fuortgean sloech yn as in bom

net ien hie it foarsein of yn ’e gaten

wy hearden it doesto op kursus wiest

nei Skylge om better Frysk te praten

it Hearrenfean, hegerop, it Fryske Haachje

mei dyn ambysje bist hjir net te hâlden

al is der neffens ús gjin moaier promoasje

as in nije amtsperioade yn de Wâlden

it ‘Athene fan Fryslân’, neamdesto Achtkarspelen

om de sportprestaasjes dy’t dy bekoarden

wat is hjir sa bot feroare datsto no falst

foar de ‘Sportstad van het Noorden’?

och, wy kinne it ek wol begripe

wy hawwe in goede tiid mei dy hân

al komt der wat ús oanbelanget

wol fierste gau in ein oan

foar de simmer giesto fuort

as ús wegen aanst yn maaie skiede

sille wy yn it nije hûs fan de demokrasy

ús mei-inoar oer dyn opfolging beriede

Ate Grypstra

Ate Grypstra  Wâlddichter Achtkarspelen

Ate Grypstra út Bûtenpost is yn de perioade 2012-2014 doarpsdichter fan Achtkarspelen. It earste gedicht fan de nije Wâlddichter is makke nei oanlieding fan de offisjele iepening fan it seizoen fan botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost op 6 april 2012. It gedicht is ek te besjen op in tegel yn De Kruidhof.

ik bin de tún

ik flústerje ferhalen

twiljocht-teltsjes

en mearkes fan it paradys

myn tsjoenderskrûden

bringe libben, bringe dea

ik bin de tún

harkje nei my

ik ben de tuin

ik fluister verhalen

schemervertellingen

en sprookjes van het paradijs

mijn toverkruiden

brengen leven, brengen dood

ik ben de tuin

luister naar mij

It gedicht ‘Ynkantaasje’ waard pleatst op de webside fan it literêre tydskrift Farsk.

YNKANTAASJE

it swurk hinget swier as fertriet oer it fjild

it ivige griis kringt hjir gûlend yn ’t grien

de blêdleaze beammen sy bidde yntins 

mei útstrekte klauwen en smeke om kleur

druide wol ’k wêze, bedwelmje de wrâld

mar spreuken fan simmer dy noaskje my net

gjin magyske maitiid lit ’k los op dit lân

ik slach it mei sniejacht, beklaai it mei kjeld

o Noardlike Naasje, hear goed nei myn lûd

myn Fryslân befries wer, wurd Winterryk hjoed

It gedicht ‘Diggelfjoer’ is part fan in gedichtebondeltsje mei as tema 'ferlies'. Dat gedicht giet spesifyk oer in slim ûngemak en hoe't dêr yn in doarpsmienskip op reagearre wurdt ('it gie as diggelfjoer troch it doarp').

DIGGELFJOER

hast it heard?

hast heard fan dy heit

dy't syn dochter net mear sjen woe

dy't har de bonken brekke soe

at se ea wer in poat by him

oer de drompel sette soe?

hast it heard?

hast heard fan dat famke

waans bonken brutsen waarden

troch stiel op stiel dat heislik raasde 

om't se oer de drompel stappe woe

nei in wrâld dy't har wol ferneare koe?

hast it heard

hast heard

hast

en de flamkes dûnsje fierder

belúnje efkes, boazje oan

wat is wier

wa sil it sizze

wat gie der yn de hollen om?

It gedicht ‘Op in fluitsjende moarn’ giet oer de natuer.

OP IN FLUITSJENDE MOARN

 

op in fluitsjende moarn

yn de noardlike wâlden

dompelje wy ús hollen 

ûnder yn de stream

fan wetterloft

drinke troch de noasters

en fernuverje ús oer

de hommelse ferromming

yn it beneare boarst

harkje dogge we

nei de wyn dy't de see

neidocht 

yn ús leafste beam

blêden yn de brâning

flústerest en ik

stim it dy 

swijend mei

It gedicht ‘De Tilster Grinzen’ giet oer Koatstertille, it doarp dêr't Ate Grypstra in part fan syn jeugd trochbrocht hat.

DE TILSTER GRINZEN

 

hjir

hold alles op

hjir

begûn it mystearje

hoeden taastest de grinzen ôf

stutst ris in wifeljende tean 

oer de skiedsline hinne

dêr leinen de skimerbosken

wei wurdend yn spoeke-azem

dêr dûnse it duvelfolk

stykjend om dyn hert

mar de justerjierren ferfleagen

en de swetten waarden ferlein

de wûnderwrâld fan doe

hat hjoed de dei gjin heimnis mear 

Ek poëten ûntkomme der net oan om sa no en dan wat oan harren sûnens te dwaan. Foar Wâlddichter Ate Grypstra draait it alle wiken spitigernôch op in swier gefal fan 'memento mori' út.

REAHEL

twa kear yn 'e wike 

draaf ik nei reahel

om te fjochtsjen tsjin myn duvels

de striid is fûl en fel

djip fan binnen wit ik

dit witten makket kjel

myn wiere fijân wachtet

dêr echt net yn reahel

myn wiere fijân folget

en wifket net in tel

noch altyd komt syn klau net

op myn skouder del

en oant dy tiid draaf ik dus

hymjend nei reahel

It gedicht 'Grytmannen' is makke foar en foardroegen by de presintaasje fan it boek 'Achtkarspelen rond de tweesprong van Lauwers en Oude Ried' op 9 novimber 2012. It boek is skreaun troch Simon Hoeksma út Droegeham.

GRYTMANNEN

grutte grytmannen

wêr binne jimme bleaun?

boelens, de schepper en haersma

statebouwers en parkoanlizzers

herbranda, jeltinga, mejontsma

wêr wurdt jim rêstplak fûn?

wêr fine wy hâldfêst

no't it ferline ús as sân troch de fingers glidet?

wêr ús fuotten te pleatsen

no't jim skouderbonken fermôge binne?

jim pracht en preal ferwaard ta pún

gjin statestien stiet noch op statestien

allinne jimme nammen 

sweve hjir noch om

as fuortstjerrende wjerlûden

as deldwarreljende jiske

grutte grytmannen

wa makke jimme

lytsmannen?

It gedicht ‘Gjin kennis fereaske’ is makke nei oanlieding fan de offisjele iepening fan it seizoen fan botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost op 5 april 2013. It gedicht is ek te besjen op in tegel yn De Kruidhof.

 

gjin kennis fereaske

gjin drompels fynst hjir

meist komme by ús

sa ast bist

mar troch alle skientme

dy'tst sjochst om dy hinne

bist riker

ast ús wer ferlitst

It gedicht ‘Kom nei de Wâlden’ is makke foar de byienkomst foar nije ynwenners fan Achtkarspelen op 26 oktober 2013. 

Kom nei de Wâlden

 

Kom nei de Wâlden 

Sei master Sytstra

Jo witte wol, de dichter fan

Smûk Skaadzjend Beamtegrien

Yn de Wâlden moatst wêze

Sei master Sytstra

Benammen yn de maaimoanne

Trefst hjir dan in pronkseal oan

Ja, kom nei de Wâlden

Wannear't de sinne skitteret

Wannear't alles iepenbarst

Wannear't de elzesingels jubelje

En de rook fan krekt meand gers

Jin de holle dwyl makket

Mar okkerdeis ried ik 

Fan Bûtenpost

Troch Stynsgea

Bouwekleaster foarby

Nei Droegeham

En fierder, al mar fierder

En de rein bûke my tsjin de kop

En de wolkens jagen troch de loft

En de tûken waarden fan de beammen ropt

Nee, master Sytstra, haw ik doe tocht

Moatst hjir wêze wannear't it hjerst is

Wannear't de pronkseal oan barrels blaasd wurdt

Atst werklik in keardel of in frommes bist

Kom dán nei de Wâlden!

It gedicht ‘Lintsjesrein’ is makke foar de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2013. 

LINTSJESREIN

Lit it lintsjes reine hjoed

Wy earje dy't ús tsjinne ha

Al sjogge sy dat sels net sa

Sy dienen werklik mear as goed

De flagge mei der wol by út

Jim gienen fierder as jim plicht

Jim dienen saken fan gewicht

Seit ek it Keninklik Beslút

En wy befêstigje it lûd

It komt jim mear en mear as ta

De majesteit wol't sels sa ha

Dus lit it lintsjes reine hjoed!

It gedicht ‘Octo Parrochiae’ is makke foar de start fan it projekt ‘Achtkarspelen – Octo Parrochiae: 675 jaar’ op 14 septimber 2013 yn ‘e herfoame tsjerke yn Gerkeskleaster. 

OCTO PARROCHIAE

Octo parrochiae

Us Latyn sit hjir noch net sa bot yn potsjes

Dat wy net witte soenen

Dat soks om ACHT parochys giet

Want in oktopus hat ek ACHT poaten, is it net?

Wêrmei't wy mar sizze woenen

Dat it wier allegear wol wat tafalt

Mei dy fermiende ACHTerstân

Op it noardlike plattelân

Mar goed, wêr wienen we?

Octo parrochiae

Jústem, yn ACHTkarspelen dus

Myn bernebrein tsjoende my eartiids

'ACHter-de-kar-spelen' foar eagen

Dat is stjerrende wier, heite

Wat letter tocht ik oan

De klokkespullen

Yn 'e tsjerketuorren

En ek dêr is net in wurd fan liigd

Wilens wit ik better

Karspelen

Bin'

Kerspelen

Bin'

Tsjerk'distrikten

Bin'

Parochys

En dêr wienen we fan 'e weromstuit

Wer

By

Octo parrochiae

Al sûnt de fjirtjinde ieu

Al sûnt tretjin-ACHT-en-tritich

Ik jou it jo te dwaan, hear

Yn dizze jACHTige, flechtige

Tebrizeljende tiden

Bliuw dan as organisaasje

As mins, as doarp, as stêd, as naasje

Mar ris oerein

Bliuw dan mar ris bestean

As de izeren tosken fan de tiid

Jo oan alle kanten ferfrette

Mar hjir

HJIR

Ha wy soks oprêden

Al sawat sân ieuwen lang

Op nei de ACHT, soe ik sizze

Want dat rêde wy hjir yn ACHTkarspelen

Meiïnoar wol op

Hjir te uzes

HJIR

Yn

Octo parrochiae 

It gedicht 'Transysje' is makke foar en foardroegen by de ynstallaasje fan Gerben Gerbrandy as nije boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen op 14 jannewaris 2013.

TRANSYSJE

 

achtenearre Gerbrandy

jo rom giet fier foar jo út

renomearre riedslid

fraksjefoarsitter

en Alde Feane-man

Grutte Gerben Gerbrandy út Gau

of faaks

gewoan Germ?

boeresoan en 

biolooch

bestjoerder fan

de boerepream

wethâlder

fan Wymbrits

de learaar wurdt no 

boargerfaar

ferlit dat Gau mar gau, hear Gerben

wês wolkom hjir by ús

wês wolkom hjir, Gerbrandy

wurd wâldman hjir mei ús

Hjirnei in gedicht oer de winter. 

WINTERSANKJE

 

flokjes falle

wol se alle-

gearre heine

yn myn hân

wriuwt dêr soms in

grutte ingel

tûfkes wolken

hielendal fyn?

fan 'e palmen

fan syn hannen

falle flokjes

flintertin

en de wrâld wurdt

oe sa rêstich

sûnder siken

sels de wyn

It gedicht ‘Drompeltinzen’ is makke foar de nijjiersresepsje fan de gemeente op 6 jannewaris 2014.

DROMPELTINZEN

 

Wy?

Wy bringe mar

Al te graach

Grinzen oan

Markearrings

Mylpeallen

Skiedslinen en soks

Mar de Tiid?

De Tiid 

Lûkt 'm dêr 

Neat fan oan

De Tiid streamt gewoan

Sa't er dat altyd al die

Sa't er dat altyd dwaan sil

Wier, it sil de Tiid woarst wêze

Oft it no 31 desimber

Of 1 jannewaris

Of 32 oksimber is

Oft it no it jier 2014

Of 1436

Of 5774 is

Oft it no it jier fan de slange

Of dat fan it hynder

Of faaks it jier fan de swartwite ko is

Oft ús 8 (of 11) karspelen

No al 675

Of 676 jier besteane

Echt, de Tiid fynt it allegear wol bêst

It sil ommers

Syn tiid

Wol duorje

Suzan Bosch

Suzan Bosch Wâlddichter Achtkarspelen

 

Suzan Bosch út Bûtenpost is yn de perioade 2014-2016 doarpsdichter fan Achtkarspelen. It gedicht ‘Sprektiid’ is makke foar it ôfskied fan de âlde riedsleden op 25 maart en de ynstallaasje fan de nije riedsleden op 27 maart 2014.

Sprektiid

Dit binne myn wurden

dit is myn tiid

Lit my myn lûd jaan

de stim fertolkje fan myn eigen oaren 

oerlizze ús belang

Ik gean as in kriger

troch it fjoer fan 'e ferdigening

foar dejinge dy 't my

myn stim jûn ha

Sy litte my

betsjûgje en betsjoene

ferklearje en ferkundigje

rieplachtsje en roppe

swarre, en: swije

En as it dan op stimmen oankomt

it replyk ferstomt

de arguminten oerlein 

de eagen nei elkoar gean

wa 't it sizze mei

Dan is it yn hannen fan 'e mearderheid

de oerienstimming of it kompromis

beriede wy ús mei-inoar

en sprekt ús stilswijen boekdielen

Lit my no hjoed myn lûd jaan

jûchje oer myn wapenfeiten

puollemûlkje oer myn belies

orearje oer myn idealen

flústerje oer myn langstme

bliuw mei my op 'e tried

bliuw by my te riede gean

Dit binne myn wurden

dit is myn tiid

It gedicht ‘Krêft is as sied’ is makke nei oanlieding fan de offisjele iepening fan it seizoen fan botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost op 4 april 2014.

Krêft is as sied

ûntkimet op eigen tiid

-kent in protte stalten, mar jimmer

ienfâldich,

fanSels 

Yn ‘e kwetsbere belofte

is wêr’t har kreazens skûlet

leit klear om iepen te gean

krêft ís, altyd.

Kracht is als zaad

ontkiemt op eigen tijd 

-kent vele gedaanten, maar immer

eenvoudig,

vanZelf 

In de kwetsbare belofte

is waar haar schoonheid schuilt

ligt klaar om open te gaan

kracht ís, altijd. 

It gedicht ‘De ekonomy fan it romme hert’ is makke foar de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 25 april 2014.

De ekonomy fan it romme hert

 

Hjoed giet it in kear net oer jild

hjoed wurdearje wy in oar fermogen.

Hjoed toaie wy ús talinten 

mei it lyts juwiel fan 't kostbere 'om neat'.

Hjoed eare wy

de liuwen en de ridders fan it omtinken

en fersulverje

it wrachtich kapitaal fan stil útdielen.

In lintsje om jo ynset

in lintsje om jo romme hert;

dat jo it drage meie

yn in strielekrâns

fan rykdom

It gedicht ‘Het water van vernieuwing’ is makke nei oanlieding fan it ienjierrich bestean fan it Innovatiehuis Lauwersdelta.

Het water van vernieuwing

 

Huis van innovatie

waar Druppels tot rivier worden

en stenen verlegd

Niemandsland

waar de Lauwers van vernieuwing

-voorzichtig nog- stroomt

waar eens het slik van oude richtingen was

kiemt nu klein groen

in de delta 

van veelbelovend blauw

De Lauwers 

Grensgebied

Rafelrand

Zal eens de Lauwers

overstromen tot buiten haar oevers?

Wat vernieuwing vermag

is aan de verbeelding

nog onzichtbaar voor het vluchtig oog

en toch -gedeeld aanwezig

It gedicht ‘Doarpskom’ is makke nei oanlieding fan in slim ûngelok op de sportfjilden yn Twizel op 21 maaie 2014.

Doarpskom

 

Net te dragen wie de lêst

dy't op dy del kaam

op dy oermjittich

simmerske maitiidsdei.

Do, jong en kwetsber

lykas blossem foar Swartehagekjeld

Swier as lead is de lêst

foar dyjingen om dy hinne

bedobbe binne ek sy;

oerladen, oerfallen

Beton is net te tillen

fertriet miskien

as oare skouders helpe te dragen

Dorpskom

Niet te dragen was de last

die op je neer kwam

op die uitbundige

zomerse lentedag.

Jij, jong en kwetsbaar 

zoals bloesem voor IJsheiligen

Loodzwaar is de last

voor degenen rondom jou

bedolven zijn ook zij;

overladen, overvallen

Beton is niet te tillen

verdriet misschien

als andere schouders helpen dragen

It gedicht ‘Buorlju yn ‘e fierte’ is makke foar de Burendag yn Stynsgea op 27 septimber 2014.

Buorlju yn ‘e fierte

 

It paadsje nei ús buorlju 

hat blommen yn ‘e maitiid

en yn ‘e simmer, as alles wekker is

rûke wy harren bûtenfjoer.

Us paad is ek harren paad.

It paadsje nei ús buorlju

leit fol brún grien yn ‘e hjerst

oant de wyn komt en it fuortblaast

om romte te meitsjen foar de snie

dy 't wy dan tegearre oan ‘e kant skowe.

Us paad is ek harren paad.

Rjochte leanen, koarte rûtes

mar moetsje wy inoar?

Wy sjogge harren hast alle dagen

mar wêr komme wy inoar temjitte?

Us paad is ek harren paad,

tichtby is net fansels. 

It gedicht ‘Distiid is dieltiid’ is makke foar de nijjiersresepsje fan de gemeente op 5 jannewaris 2015.

Distiid is dieltiid

 

Yn 'e earste nacht fan nije seine

lei sy wer klear, mei skjin en iepen antlit 

it bliere nije jier 

Oan my om stikken te brekken 

yn protsjes tiid om út te jaan 

as in grutte skaal mei snobbersguod 

net goed witte wat earst en lêst

Wa wit wêr't it begûn

dat spultsje

fan foarút oerfloedich lykje

en ûnderwyls

it glûpen en slûpen

fan de dingen dy't foarby gean

mei flok en sucht

samar fan maitiid yn krysttiid

Dit is hoe't it giet

Elts nij jier set fyn kâld en priemmich útein

as smelle jonge tûken fan 'e wylgebeam:

Omheech, omheech

... om dêrnei yn it sânglês

út te glydzjen

yn sleauwe rigen 

fan weismiten wiken

Dit is hoe't it giet

Dizze kear

meitsje ik mysels

in eilân fan tiid

tiid om te hâlden

tiid om nei om te sjen

Dizze kear diel ik har 

mei al myn oandacht

nim ik har tewacht

meitsje ik my in oarder fan stadige mominten

mei wierhaftichheid fan wêzen

O ûnfolsleine tiid

do leave tiid

It gedicht ‘Het geluk van Gerkeskloaster-Stroobos’ is makke nei oanlieding fan de gelokspetearen yn Gerkeskleaster-Stroobos op 6 maart 2015 en foardroegen by it LCGW-kongres. Dit lanlik kongres foar gemeentlik wolwêzenwurk wie op 12 en 13 maart 2015 yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. It gedicht is yn it Kloasters oerset troch Wietske Poelman út Gerkeskleaster.

Het geluk van Gerkeskloaster-Stroobos

 

Solang hier ut water stroomt,

breed langs de kades van Sikma en Barkmeijer

en lieflijk onder de brug van Kerkeboern’

solang al staan de minsen hier ien de goeie stand

Water beweegt,

lucht stroomt.

Minsen bliem’ willn’

Tot ut seer doet

Solang ut soete water brouwn’

en ut solte keerd wordt

solang al kin men hier droomn’

de horizon altied te siien

Water beweegt,

lucht stroomt.

Minsen bliem’ willn’

Tot ut seer doet

Solang men inander noadig het

solang al is ut saamn’spel

wèrst om de beurt

nije lucht blaast

ien de lange toon’ van verbeelde tied

Water beweegt,

lucht stroomt.

Minsen bliem’ willn’

Tot ut seer doet

Droomn’ is een ambacht

It gedicht ‘Ithaka Frysia’ is foardroegen yn it ramt fan it TREK-festival op 28 en 29 maart 2015 by De Frysling yn Twizel.

Ithaka Frysia

 

Als je straks van hier gaat

val, vlieg, vaar en dwaal

weet de wereld zonder vinden

zoals vroeger in je achtertuin

Als je straks van hier gaat

dwaal lang

met buitelend onwennige ogen

van toen je nog je jonge lege venster had

een slootkant als je wereldzee

Vaar, in de wachtkamer van nieuwe wijsheid

een einder vermoedend die zich niet laat zien

Als je straks van hier gaat

val dan, stel je streven uit

en zie je madelief in edelwit

Val, vlieg, vaar en dwaal

zo breed als je vleugels kunnen dragen

breng je schatten thuis

zaai uit je zeldzaamheden

en wortel in nieuwe aarde

It gedicht ‘Moed is in grut wurd’ is makke foar en foardroegen by de deadebetinking op 4 maaie 2015 yn Bûtenpost.

Moed is in grut wurd

Moed is in grut wurd

moed wie yn tiden fan striid 

op 'e fuotten bliuwe en stean

foar wa't himsels net steande hâlde kin

moed wie net ophâlde lûd te jaan

út namme fan de stimleazen

Dizze wike seach ik

yn deselde tún 

in oermjittich bloeiende prunus

neist in keal knobbe wylch 

en ik tocht oan al dyjingen

dy't doetiids longeren

nei it nije grien 

en it nea wer seagen

Moed is in lyts wurd

moed is alle dagen

ússels byskave

oant kwetsberens 

hiel bliuwe sil

It gedicht ‘Kloppend hart / klopjend hert’ is te besjen op in tegel yn botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost.

Kloppend hart

 

Niet aanharken!

Wees van natuur

warm je wereld

Je aard

wil

wild wezen

Klopjend hert

Net oanklauwe!

Wees fan natuer

waarmje dyn wrâld

Dyn aard

wol

wyld wêze

It gedicht ‘Ode aan de bij, in zes haiku’s’ is makke foar en foardroegen op de keunstmerk en ymkerijdei yn botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost.

Ode aan de bij, in zes haiku's

 

Zachtjes zoemt de bij

achterin de stille tuin

zij zoemt zich zoetig

Bestuift en deelt uit

herderin van duurzaamheid

op tere vleugels

Imker bijenboer

past op ons zoet erfgoed

stil rookt hij zijn pijp

Zoetig zoemt de bij

gracieus door bloemenveld

voor haar koningin

Zonder haar geen ons

zij vliegt voor variatie

bouwt nog altijd

Wees stil voor haar zang

en volg haar, voor eeuwigheid

zachtjes zoemt de bij

It gedicht ‘Nieuwe mens’ is makke foar de byienkomst foar nije ynwenners fan Achtkarspelen op 12 septimber 2015.

Nieuwe mens

 

Behalve een plek

om in te wonen

leef ik

in mijn gesmeed verleden

al wat ik opgaf

neem ik mee

Behalve mijn huis

is er de straat van samen

leg ik van kiezelstenen een pad

blaas ik los zand tot glas

deel ik mijn adem

in woorden naast de deur

In mijn straat

ontmoet ik het verschil

al wat ik opgaf

vervlecht ik in een nieuw geheel

It gedicht ‘Levende stenen’ is makke nei oanlieding fan it Kom erbij-Festival op 1, 2 en 3 oktober 2015 yn Bûtenpost en is mei ta stân kommen troch ynspirearjende bydragen fan de besikers oan dit festival.

Levende stenen

 

Wat zie je

als je 'eenzaam' zegt

Welke kleur

heeft grenzenloos ontmoeten

behalve het zachtroze

van gewoon welkom zijn?

De glans van licht

op nachtelijk water,

even niet de uitzondering te zijn;

tenslotte zijn wij allen

verenigd in een warmbloedig stil verbond

van enkelingen

De klank van aanrakend hart

voor de komeling die vluchtte voor het donker

als hij net zo anders is

is dan niet iedereen ook net zo gelijk?

Wat zie je

als je 'gemeenschap' zegt

anders dan ontmoeting van verscheidenheid

Wie dan is de glazen brug

die geslagen wordt

met eerste stappen

behalve wij zelf?

It gedicht ‘Chemie van het idee’ is makke foar de útrikking fan de ûndernimmerspriis Achtkarspelen op 25 novimber 2015.

 

Chemie van het idee

 

Ondernemen is wagen

elke hartklop 

een ontstekingsmogelijkheid

een kans

om licht te stelen van de goden

Zie je het nog?

Het kleine dappere doosje

met de zwaluw

elke korte vonk

de potentie van een wereldbrand

Dat je niet meer stilstaat

bij elke streek

van zwavel langs fosfor

betekent niet dat het 

geen wonder van vooruitgang is

Vernieuwing is geen tondeldoos

maar aandacht 

voor het kleine idee

als de espensplinter

met haar rode zwavelkopje

Vuur dat vaart kan maken

It gedicht ‘Ljochtfal’ is makke as nijjiersgedicht 2016.

Ljochtfal 

 

Sa‘t alle koalljocht fan it fjoer komt

hawwe wy as minsken it spektrum fan ‘e sinnestrielen

yn ús bloed; ús ferjitten dat wy byinoar kleurje kinne, liket no

de winter fan ús tiid

Juster seach ik swart-wyt foto's

fan Nederlanners mei ferskaat folk yn ‘e ieren

harren foarâlden kamen lang ferlyn

doe‘t it thús net mear om te wêzen wie,

hja flechten om net yn blekens 

teloar te gean

sy fûnen skruten harren plak

makken nije timbres 

yn ‘e ljochtingen fan ‘e earste dage

se sizze, kleuren binnen de bern fan it ljocht

en oeral skynt deselde Mem

No't it tsjuster ús hieltyd mear oandocht

komt it op ús aller kleurechtens oan

litte wy behâldend it fermidden keal

of siedzje wy hoedsum in nij blommefjild

en dan, hjoed 

strielet de snie 

de wrâld

mei lytse wite spegels

en it falt my yn: wa’t betrout 

kin it ûnsichtbere sjen: net ien fan ús is

mear blank, en dat is de rykdom

fan ús tiid

It gedicht ‘Sinnen en zinnen’ is te besjen op in tegel yn botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost.

Sinnen

Priuw my mei dyn hannen

hear fan myn swart ûnder de snie

yn echo fan de stille grize keamer

dêr't it langstme sliepend wie

Rûk dan, mei sletten eagen

oan flewielsêft griene titelroas

en wit: yn nij en iepen fielen

sjoch ik no wer, sa oars

Zinnen

Proef mij met je handen

hoor van mijn onder sneeuw 

bedolven zwarte diep

in echo van de stille grijze kamer

waar het verlangen ernstig sliep

Ruik dan, met gesloten ogen

aan fluweelzacht bloeiend akoniet

en weet weer: in open voelen

ben ik het, die opnieuw jou ziet

It gedicht ‘Spylromte’ is makke foar en foardroegen by de deadebetinking op 4 maaie 2016 yn Bûtenpost.

Spylromte

Frijheid is as asem

pas as it net mear streamt

is de wearde suver te witten

Lykas talint 

ûnsichtber foar de hâlder

te fernimmen by ferskil en tekoart

en, as ien kear ferjûn

fersmoard, sa't

de sinne ynienen sakje kin

op in foar ivich achte

waarme simmerjûn

Ja, it kin stikken

om't wy net heal witte

hoe't wy de wearde fan ús frijheid 

útdrukke sille as in sêft besit.

Fan wat net sels befjochte is

ûntgiet ús alle priis

Lit ús dêrom ús romte diele

sadat it oandiel groeie kin

dit is wat wy ommers, 

sûnder útsûndering,

wol kenne:

in frij hert kloppet,

net benaud 

mar iepen en rêstich       

It gedicht ‘Lijstwerk’ is foardroegen by it iepenjen fan it ‘Rondje Kunstzinnig Achtkarspelen’ op 27 maaie 2016.

Lijstwerk

Waar het thuis is

warm je je voeten

weet je je veilig

waan je je volledig

achter je wand

Zonder steen geen venster

geen omlijsting van wortel en tak

maar wat is een dak

als het niet ook open kan?

Schraap de verf van oude deuren

scheur het stof van je velours

maak los vergeefse sloten

wrik de blinden van de muur

Laat de wind door brede kieren

licht het kabinet in vol ornaat

en laat geen kans verlegen

zodat je geest het fort verlaat       

It gedicht ‘Simmerferske’ is makke foar en foardroegen by de ‘Fammejûn’ op 30 july 2016 yn Bûtenpost.

Simmerferske foar de Bûtenposter froulju 

 

Fjoer

Fammen

Brimzefammen

Sudewyn sulverskyn

It leafste fan 'e Wâlden

Leaver noch as

it swarte goud

op 'e earste woansdei 

fan 'e rispmoanne

Fiere fammen

berne yn harren smoute 

elzekeammerkes,

waarme fammen

Fjoer

Fammen

Brimzefammen

Sudewyn sulverskyn

It leafste fan 'e Wâlden

It gedicht ‘Raad’ is makke nei oanlieding fan de swierrichheden yn de polityk fan Achtkarspelen.

Raad

Waar anders

dan in je midden

huist het ware kiezen

beslissen 

gaat met je hoofd

schiften en prefereren

broeden

met het hele lijf

doorwaakte woelnachten

proeven en wegen

kiezen, niet alleen

de snelle impuls van ja

of nee, pak of laat gaan.

Ook het weloverwogen beste

of minst fout:

als het goed is

klopt het met je hart

It gedicht ‘De schoonheid van de trouw’ is makke foar en foardroegen by de babsedei op 6 oktober 2016 yn Bûtenpost. De babsedei is in gearkomste fan houliksamtners út de provinsje Fryslân.

De schoonheid van de trouw
(een spiegelliedje)

 

Trouw is teer
trouw is kracht
teer is mijn lief
die op mij wacht

Trouw is zacht
trouw is licht
zacht is de liefde
licht op mijn gezicht

Zacht is de liefde
licht is mijn trouw
liefde is keerkracht
van mij door jou

Meindert Talma

Meindert Talma Wâlddichter / Wâldsjonger Achtkarspelen


Gedicht fan doarpsdichter Meindert Talma

Meindert Talma út Zuidhorn, en âld-ynwenner fan Surhústerfean, is yn de perioade 2017-2018 doarpsdichter fan Achtkarspelen. It gedicht ‘Klaske en Jan’ is syn earste liet makke as Wâlddichter / Wâldsjonger fan Achtkarspelen. Meindert makket de kommende twa jier Frysktalige gedichten / lietsjes oer bekende en minder bekende ynwenners út de gemeente Achtkarspelen fan likegoed hjoed de dei as út it ferline.

Meindert Talma:
‘Ik wie oardel jier doe’t we, fanwege de ûnwennigens fan ús mem, ferhuzen fan de gemeente Medemblik nei de gemeente Achtkarspelen. Us heit en mem wenje noch altyd yn it Fean. Mar ik hie dus ek samar in West-Fries wêze kind, en dan wie ik nea Wâlddichter / Wâldsjonger wurden.’


KLASKE EN JAN

Jan Talma is in fleurige boeresoan 
út Kollumersweach fan krekt tweintich jier. 
Op in sneintemiddei yn Sumar 
hat er de frou fan syn libben yn it fizier.
It is in kreaze boeredochter út de Tike 
en har namme is Klaske Couperus.
Jan seit tsjin syn maten: ‘Dy is fan my, 
sjoch wat in prachtich moai frommes!’
Klaske is frij ferlegen, Jan mei graach prate. 
Sa folle se inoar moai oan.
Ien kear makket Jan de ferkearing út, 
mar de oare deis is it al wer oan.
Yn ’66 trouwe Jan en Klaske 
en komme op ’e Sweach te wenjen
yn it hûs fan Jan syn âldste broer 
mei allinnich de heechst nedige dingen.

Klaske en Jan, boeredochter en boeresoan.
Se binne sa fereale op inoar, se kinne de hiele wrâld oan.  

Nei in jier is it foar Jan safier. 
Hy wurdt ûnderwizer yn Opperdoes.
Klaske is tige ûnwennich yn Noard-Hollân.
It fielt foar har as in kâlde brûs.
Op in kear smyt de jeugd kluten modder 
tsjin Jan en Klaskes ruten.
Jan fljocht er fuortendaliks efteroan, 
en syn aksje docht fertuten.
Jan krijt ien te pakken, in kop grutter as him. 
Hy smyt him thús yn it hok.
De jonge gûlt: ‘Meester, ik doe het in m’n broek!’ 
Jan seit: ‘Je doet maar en haal nu de rest op.’
Eefkes letter stiet de hiele kloft foar it hûs 
dêr’t hja skruten harren spyt betoane.
Se witte dat se sokke keunsten 
net mear by Jan Talma hoege te fertoanen.

Klaske en Jan, boeredochter en boeresoan.
Fuort út it heitelân en se binne noch sa jong.

Trije moannen leit Klaske op bêd,
mar dan is it einlings safier.
‘In soan!’ ropt Jan, en hy hat gelyk; 
in hiel grutte poppe mei in bulte swart hier.
Se jouwe him de namme Meindert 
nei syn pake út ’e Kollumersweach.
It foarjier fan ’70 is in datum 
dêr’t Klaske al hiel lang nei útseach.
Einlings werom nei Fryslân, 
de fertroude Wâlden en wol Surhústerfean, 
dêr’t Jan oan de slach kin as master 
oan basisskoalle de Hoekstien.
Meindert wurdt mar leafst fjouwer wiken 
by pake en beppe Kollum ûnderbrocht.
As de ferhuzing klear is, moat er nei it Fean.
Mar Meindert wol yn Kollum bliuwe en spuit  
fan de alteraasje oer pakes sneinske klean.

Klaske en Jan, boeredochter en boeresoan.
Se binne gelokkich wer yn Fryslân werom. 

Meindert Talma:
‘De stichting Historische Kring Gerkesklooster-Stroobos hat fan 5 maart ôf op de boppeferdjipping fan de herfoarme tsjerke yn Gerkeskleaster in dokumintaasje- en tentoanstellingsromte ynrjochte. De skiednis fan it kleaster en it doarp litte hja hjir sjen. Ik tocht fuortendaliks oan in eardere doarpsbewenner út Strobos dy’t, lykas de eartiidske kleasterlingen, syn libben wijde oan de spirituele wrâld. Tweintich jier lyn kaam ik yn de Feanster faak in advertinsje tsjin fan ‘Medium Johan’ út Strobos. Ik skille him oft we him ek ynterviewe mochten foar ús tydskrift De Blauwe Fedde. Dat mocht en sa kaam ik yn maart 1997 yn ‘e kunde mei dit heldere mantsje.’

MEDIUM JOHAN

Medium Johan is heldersjend, 
helderhearrend, helderfielend. 
Medium Johan is in kaartlizzer 
en paranormaal genêzer.
Medium Johan is 16 
en echt wat oars as oars.
Guon sizze: 'Dy Johan Lindeman
nimt de minsken by de noas.'

Refrein:
Buorfrou seit: 'Der is by him in stekje los.
Tsjoenders ha we net nedich yn Strobos.'
Mar de measten binne bliid mei wat Johan docht.
Johan sjocht dingen dy't in oar net sjocht.
As Medium Johan in wanhopige 
doarpsbewenner fan syn pine ferlost,
is dat wer in moai lyts wûnder, 
in moai lyts wûnder yn Strobos.

Hy wennet tegearre mei syn mem,
in folslanke frou mei lang hier.
Hy hat ek in gids, syn namme is Karim. 
Hy kent Karim sûnt syn sechsde jier.
At syn âlders wer ris rûzje hiene,
flechte er nei syn keamer en dan kaam Karim.  
Hy hold hiele petearen mei dizze wite 
gedaante, hy fielt him noflik by him.

Refrein

Brêge:
As beuker seach er al ferstoarne minsken.
Earst hie er dat hielendal net troch.
Want se seagen der krekt sa út as de libbene 
minsken dy't hy tsjinkaam yn Strobos.
'It is hjir soms krekt in disko,' seit syn mem. 
'Allegear jongfolk dy't wat fan him wolle: 
"Johan, ik moat dy wat freegje!" 
En dy jonge hat al safolle oan 'e holle.'

Johans mem hat it sels ek. Mar se hâldt 
har mar wat rêstich op 'e eftergrûn.
Har mem hie it en har suster ek, 
dat, sy stean der hielendal net frjemd tsjinoer. 
Har mem hat der nea wat mei dwaan kind. 
Oars wie se fuortynienen nei Frjentsjer tabrocht.
Dus, dat har soan it no ek hat,
is se bliid om en hie se ek wol tocht.

Refrein
Meindert Talma:
‘Botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost is wer iepen. It tema fan De Kruidhof is dit jier ‘feroaring / verandering’. Myn nije Wâldsjongersliet ‘Roggeblommen’ (Korenbloemen), dy’t ek te sjen binne yn De Kruidhof, past goed by dit tema. Yn april 1996 kaam ik yn de Feanster in artikel oer de yn Koatstertille wenjende  Harrekyt Willem Wijngaarden (22-8-1944 - 12-2-2014) tsjin. Nei 20 jier wie it him einlings slagge om as sanger in plaat te meitsjen: in cd mei dêrop 3 nûmers fan syn grutte held Heino, yn in Nederlânske oersetting mei ‘De Korenbloem’ (Blau blüht der Enzian) as bekendste nûmer. Ik skille him oft we him ek ynterviewe mochten foar ús tydskrift De Blauwe Fedde en sa seach ik de Friese Heino foar it earst yn it echt.’

Arjan Hut

Wâlddichter Achtkarspelen

Gedicht fan doarpsdichter Arjan Hut

Arjan Hut út Ljouwert, en âld-ynwenner fan Surhústerfean, is yn de perioade 2019-2023 doarpsdichter fan Achtkarspelen. It gedicht ‘Smook yn ‘e Wâlden’ is makke foar en foardroegen by de ynstallaasje fan Oebele Brouwer as nije boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen op 7 febrewaris 2019.

SMOOK YN ‘E WÂLDEN

By in knip yn de âlde dyk tref ik Froukje Justitia, te kuierjen

mei har i-phone foar de snút en in golden retriever oan it rolsnoer.

Se draacht de winterkraach omheech, rûch strûst it waar har 

troch de sulvergrize krollen. 

Wat om ús hinne oan bebouwing stiet, jout gjin beskutting tsjin 

in kjeld dy't, sa't it liket, fan alle kanten komt.

Ik stek de hân op, rop ahoy, en freegje, 

wêr bliuwt hjoed it ljocht?

Ljocht waarmer as fjoer, 

ljocht yn it ljocht, ljocht dat fielt dat wy besteane, 

ljocht dêr't we yn wenje kinne.

Se sjocht my net, sjocht noait wat, hat altyd drokte en 

is ek net sa'n prater.

De âlde Friezen hienen in wurd foar it flústerjen 

fan wyn troch beammen en it ratteljen fan bledsjes. 

In wurd dat rikke as fjoer.

De neiklank flammet as in spoek, útklaaid, 

troch de kûle fan it lân, jout him del 

yn in knetterjen en blazen dat minsken as hûnen

op 'e tocht hâldt.

No waait it oan en ôf.

Te betiid krûpt de skimer yn de keamers.

Sto-snie, fyn as smook, skoot ús nei de Foarstrjitte.

Utstoarn is it, suver stil, de foardoar fan The Point stiif ticht.

O, Froukje, ik sjoch mysels, in blauwe jas, yn it finster, nippend, 

skippersdrankje oan de lippen, en nochrisom, 

stek ik de hân omheech, en freegje,

wêr bliuwt hjoed it ljocht?

Ljocht waarmer as fjoer,

ljocht om dy oan fêst te hâlden,

ljocht dat om ús ropt, tusken de beammen troch,

as in fjoertoer yn it wâld, fan blaaspartijen los,

boppe âlde stoarmen út, in beaken fan komsa, 

kom hjir, kom thús.

It gedicht ‘Ridders sûnder harnas’ is makke foar en foardroegen by de de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2019.

Ridders sûnder harnas

In minskehert is yn wêzen net grutter as in fûst

jim ha herten mânsker as wâldhûskes

jim binne de gearwurkers, helpjouwers, muorrebrekkers, 

hânútstekkers, brêgebouwers

yn it skaad fan knapte beamkes

yn de neibroei fan útbrânde autowrakken

yn de stilte tusken hûzen 

sette jim, frijwillich, net frijbliuwend, al it goeie 

op de wrâld, oan ta bloeien

hertferwaarmers, stik foar stik,

grif beskieden, tè, miskien, binne jim de earsten 

om de eare te dielen of leaver noch: troch te ferwizen

mar, tink derom, de ynset op de achtergrûn, 

it is sjoen, it is oanjûn, it is ferwurke 

oer alle amtlike skiven

april no, wolken fan saharasân skommelje it lân oer

kleurje jûns en moarns de loft oranje

en it eazet linten, ynsynjes en medaljes

foar ridders sûnder harnas, bewapene 

mei fyzje, lef en ynset

dat lit hjoed ús grutskens bloeie 

yn dy romme, ljochte keamers fan jim hert.
 

It gedicht ‘Ridders sûnder harnas’ is makke foar en foardroegen by de deadebetinking yn Bûtenpost op 4 maaie 2019.

Wolken op glês

 

Wannear't de dea ferskynt

sweevje mei de geast nei hûs werom

en pûst dyn lêste adem

tsjin ús finster

wy wachtsje dêr

oant de hûnen net mear bylje

we wachtsje yn in útklaaide keamer

mei har fingerkes oer it glês

tekenje de bern, skriks en skrank, 

krúskes yn dyn ademwolk

in tydlik, trochsichtich hôf

we sjogge hoe’t it stadich oplost en ferdwynt      

It gedicht ‘Opslokt’ is makke foar en foardroegen by de Hackathon Respijtzorg op 13 juny 2019.

Opslokt

der is in soad yn it libben datsto foar even

oan in oar oerdrage kinst

mar wannear't ien dy noadich hat

partner, bern, buorlju, heit of mem

al wie it mar foar in dei

wa nimt dyn leafde oer,

dyn soarch

dyn fertroude gesicht?

freegje my net:

wêr leit de grins

hieltyd fierder sko ik him

foar my út

myn grins fan elastyk

dochs wurdt de wrâld lytser

mei bleate hannen, sterke skouders, koarte lyntsjes,

adempauzes: ja, ik soargje goed foar mysels

mar freegje net hoe't it mei my giet

(in oar ferhaal, foar stillere dagen)

sels yn dreamen driuw ik yn in wurge see

eilânleas en sûnder kym

dochs lûke de weagen har werom

see wurdt mar

wurdt in puozze

in dripke wetter yn in glês

op de keukentafel

it komt allegear goed

ik bin hjir

al gean ik kopke ûnder yn in drip

al barst it glês

en kreaket it tafelblêd

ûnder it gewicht fan safolle leafde

It gedicht ‘Dach, simmer, nacht’ is makke foar en foardroegen by de Midsimmermoeting op 19 juny 2019.

DACH, SIMMER, NACHT

 

fan de skilder Caravaggio, mei syn eagen as swarte oliven, hinget
in masterwurk yn it koele oratoarium fan de Sint-Janskatedraal, hert
fan de beamleaze stêd Valetta
nacht is it kanvas, mar yn de fynste sprank fan ljocht slûpt de boal nei
foarren en snijdt mei it swurd Jehannes de Doper syn holle ôf - yn sok
libben detail, dat gefoelige sjoggers it gjin fiif minuten úthâlde en
kokhalzjend, by de kaartsje-scanners del, nei bûten ta stroffelje

 

yn de bakstiennen hitte sit ik tusken de terrassen te bekommen
en betink, yn dit eksoatysk fort, midden yn in see, yn de nâle fan
de wrâld, wenje presys likefolle minsken as yn Surhústerfean

 

sûnder parasjute donderje ik út dizze dream
en fal werom yn it griene waaien fan de Wâlden

 

't is middei, de loft tilt en trillet, in gersmeaner slalommet om wat
jonge beamkes hinne, der stiet in buske mei in hytwetterspuitmasine
fan it merk HYTSIED ...
soene froulju mei in poppewinsk hjir noch altiten op midsimmernacht
de klean útstrûpe en Sint-Janskrûd plukke? Sint-Jehannes sûnder holle,
woldiedige hillige fan midsimmer, krijt se allegear yn ferwachting

 

dan stap ik hast ûnder twa foarbysjezende hurdfytsers, ien draait har
om en ropt 'wêr sitstû mei de kop?'

 

nacht, o, stjerrende nacht,
fan’t winter ha we dy de hals ôfsnien
en op it hôf mei ritueel bedobbe
skielk komstû werom
fan de nekke oant de teannen
yn it swart, komstû werom
mei modder ûnder de neils

 

simmer leit op de rêch
ûnder hege beammen krijt se de sliep
en wurdt wekker tusken opljochtsjende wolken

 

mei de hollen fol beslommerings, komme de minsken, dimmen
as dieren, út de skaden tefoarskyn en besykje mekoar,
al wie 't foar ien nacht, yn de mjitte te kommen

It gedicht ‘Yn modern bedriuw’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de Undernimmerspriis Achtkarspelen op 15 oktober 2019.

YN MODERN BEDRIUW

 

O, elektryk
O, romte
O, fabryk

 

O groei, o grien, o sinnepaniel

 

Dû, ûndernimmer
De wrâld is no dyn winkel
De ûnhandelbere takomst dyn foarnaamste winst èn ôfnimmer

 

Dyn skip driuwt op wynkrêft
Troch de ôfsetkanalen fan de nacht
It is de rock & roll fan konteners op it dek
En yn de búk de neismaak
Fan skipbrek - it is net altyd priis

 

Undernimmer, dû, fabryksberider,
Dû krûpst yn de hûd fan dyn klandyzje
En makkest dêr dyn thús
Mei sinnepanielen op de plasse
En teannen, woartelsjittend, djip
Yn de lokale ierde

 

Undernimmer, dû, moter yn de mienskip,
Mei de hannen silst it meitsje
En mei de kop net minder
Sa kinst dyn eigen romte tusken bod en fraach slingerje
De blik foarút, gatten yn de merke sjitte
En witte, witte, witte – net altyd is it priis

 

O, elektryk
O, romte
O, fabryk

 

O sites, o shops, o apps
Snij de tiid op maat

 

Knip de ôfstân lytser


Dyn ambysjes, wosken yn reinwetter, hingje wyt en wiet te wapperjen
oan biologyske produksjelinen

It gedicht ‘De kantine’ is makke foar en foardroegen by de iepening fan de kantine fan SC Twijzel op 19 oktober 2019.

DE KANTINE

 

Alde wenkearnen driuwe net samar oanmekoar

In sportklup klimt net as fansels 

Ut de kelder fan de kelder

En in nije kantine ploft 

Net as in wûnder 

Ut de wolken

Dêr komme waarme sponsors oan te pas, en hannen,

Hannen by de rûs; safolle hannen op de klup, 

Safolle oeren fan hûs

Dochs liket it as skowe hjir de wâlden 

Hieltyd fierder ynmekoar

Troch de nagelnije finsters, sjoch, 

Hoe’t Twizel baait yn hjerstich ljocht … 

Lyts doarp ûnder wylde wolken

Jou ús wat te dwaan en we dogge

Meimekoar, op it fjild, tsjin de oaren

En yn de kantine, gewoanwei, meimekoar.

It gedicht ‘As oer in wurge see fleane de ûlen’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de lintsjes foar de brânwacht op ferskate mominten yn 2020.

As oer in wurge see fleane de ûlen

Flammen meitsje dei fan de nacht

Smook makket nacht fan de dei     

De kazerne ropt en 

Immen springt út de dream wei daliks yn ‘e klean

De bern yn bêd rjochtoerein

Set gau de doarren iepen en de auto klear

Net om ‘e nocht

Sjongt it en swaait it oer de slomjende doarpen

Kwyt! Kwyt! As in ûltsje

Heech-op yn sulveren moanneljocht

Yn it waarm fan de gloede

Rize skerpe kontoeren:

In famke klimt op pake syn skouders

In jonge sit op de nok fan syn oandacht

Wat en wa is der te rêden?

In âldershûs yn flammen op 

In auto oer de kop, en immen harket

-Neefkes en flinters tikjend tsjin it finster-

Smook makket nacht fan de dei

Flammen meitsje dei fan de nacht

It gedicht ‘Hjir, No’ is makke foar ‘Nationale Gedichtendag’ op 30 jannewaris 2020.


Hjir, No

Poezij,
it wyt tusken dyn rigels
fol geheim,
dyn romte as in tropysk strân,
tusken dyn klanken krûpe de oeren
en ferwaaie,
myn pupillen lyts, dan wiid,
nee, soms begryp ik neat fan dy,
mar yn de nuverste ferskiningen
fyn ik dy werom, 
of fynsto my?

Oan de achterkant fan dit gedicht
is in finster dêr't ik graach sit,

teminsten, as der tiid foar is.
Altyd hâld ik dêr in plakje foar dy frij.


It gedicht ‘Minsken’ is makke foar en foardroegen by de de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 3 july 2020.


Minsken


    Kom wat tichterby, minsken
    en wês in freon myld as storein, 
    tear as snie
    wês in freon, as hasto gjin namme
    wês in ûnsichtbere hân dy't helpt
    in mûle dy't betrouwen jout
    tonge dy't suver sûnder bewegen
    seit, 'de ierde draait'.
    Kom tichterby, en wês in streamke 
    troch in gea dat út it sicht leit noch
    wês de boarne dy't de maitiid fuorret
    wês it wetter
    wetterfluch en wettersêd
    dat om ús hinne
    troch ús hinne
    guorrelet, slacht en sjongt.
    Kom tichterby en wês
    yn de stilte it leven
    yn de romte tusken minsk en minske
    it longerjen.
    Kom en draach in tekken
    wês fan in tekken 
    de waarmte, it sêfte,
    it stiksel tusken de lapen.
    Kom los fan pronk en los fan klagen
    krekt as de earms dy't drage
    ek as net ien dat yn de gaten hat.
    Minsken, kom wat tichterby.

It gedicht ‘De Kûlizen’ is makke foar en foardroegen by de Startgearkomste Kultuernota op 26 jannewaris 2021.


De Kûlizen


    Lytse muze, myn leafste leafste, hjir kom ik wei:
    De elzebeammen yn strakke linen
    It lân oanklaaid as in teater

    Mar sis hjir in wurd as 'fanfare'
    En der sil in 'trûdeboer' wêze
    Dy skilderet in singel mei kûpletten
    Slingerjend as modderpaden

    Mei alles hjir bin ik fergroeid:
    Sels mei de dykswâlen en de elzen 
    Mei it byldhouwurk yn de bolstiennen sels
    En turfstookte ferhalen yn bûsen en laadsjes

    Ik dream fan dy, ik hâld fan dy, hjir, hjir,
    Fergroeide ik mei de lichtste melodyen
    Fergonklik, op it finster, as it reinde

    Quickstep, lockstep, lytse muze, út de kûlizen
    Dit djipgrien poadium op

    Sjoch, dêr wynderet it libben 
    Tusken de elzebeammen troch



 It gedicht ‘De reis werom’ is makke foar en foardroegen by it weromkommen fan it skûtsje Nooit Gedacht yn Koatstertille op 1 oktober 2021.

De reis werom

Skûtsje kwyt, Noait Gedacht, weromfûn yn Parys
Komt no werom en fart nei hûs as yn in dream,

mei in fracht fol oantinkens
as it sjongen en it flokken yn de taal
fan feart en kanaal, fuotstappen
achterlitten yn it âlde hout.

Never noait nea tocht, sa’t it stoarme, nei de oarloch
en it bern moast fêstbûn oan de mêst,
mar syn boartersguod waaide fuort,
oer de rânen fan de ierde, en as it waar 
him deljoech, mocht heit der om sykje.

Wat in dream om kwyt te wêzen 
en mekoar werom te finen yn Parys,
ûnder frjemde seilen, de Seine skitterjend, 
film yn swart-wyt.

Op hûs oan, as yn in fantasy, yn it tempo fan in oare tiid, 
oer Dokkumer Nije Silen, lâns keunstkafee en galery, 
mei syn skilders en dichters en bakte fisken.

En sa troch, nei Koatstertille, mar ek hjir is it feroare.
Stil hat it noait west. De nachten wienen wyld. 
De takomst is djip.

Reizgje nei de memmeskoat, bring wat oer is fan dyn tiid 
nei de werf yn it wâld dêrst út snien bist.

It gedicht ‘Oan tiid’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2021.


OAN TIID

Wêr bliuwt de tiid?
Yn de omkriten fan it hert miskien,
dêr’t it nacht wêze kin
en dochs de sinne skynt;
en tiid, mei syn betelle en ûnbetelle oeren
wurdt werklik in rivier.
It wetter is waarm
en draacht ús as is alles mooglik.

Is it no it libben sels, dat yn ien beweging
langhalzet nei it suden?
It is nacht en de sinne skynt.
In hovenier docht syn ronde
troch de dreamen
fan it doarp.
Der is te drinken, der is te iten.
Sjauffeurs, swijsume ambassadeurs
fan ferbining, ride en ride.

Tiid dript, tiid floeit, tiid weaget.
Helpende hannen, warber,
skeppe har eigen oeren
út de stream.

Ut de ierde
groeit in hast fergetten tún werom.

Beswieren, sa fol gewicht,
sinke nei de boaiem ta.
Kânsen, al te licht,
driuwe einleas fier.


It gedicht ‘Swimme’ is makke foar it nije swimbad De Kûpe yn Bûtenpost.

SWIMME

kin ik wetterfûgel wêze, of fisk mei earms en skonken, master fan it bad,
stream fan gedachte, en tink ik dan - hoe djip lit ik de sinne troch,

wannear dimje golven lûden, wêr begjint de oseaan
en wat as ik myn azem ynhâldt, stiet der steil fan glês en hout
in toerwurk dat my yn de gaten hâldt

(    de waarmte in sliepkeamer troch simmernacht
yn myn bêding ferdamp ik hast     )

heart ien de plons dy’t ik achterlit, kreas opteard by myn handoek 
oan de râne, sjocht ien hoe’t ik sakje as in skip achter
de hoarizon

(    it flitterjen fan seefonk, kometen 
dûke kopke onder    )

dein ik tin of licht as algen troch it sulver fan de romte
brek ik yn stikjes, dwarrelje omleech en
watfoar tsjuster slokt my op

of bin ik fan binnen lucht, swim ik mei longen fan ballon
nei ljocht werom

en begjint it leven op ‘e nij?


It gedicht ‘Sierlik waar’ is makke foar ‘Nationale Gedichtendag’ op 27 jannewaris 2022.


Sierlik waar

Plantsje in wurd, in idee, in gefoel 
achter yn de holle of 
ûnder de hûd.

Tink oan potgrûn, tink oan de rein, myld 
yn it hôf, wyld yn de bosken.
Tink oan de dei 
datsto mei sliten knibbels
en modderfingers
oan de râne fan de simmer leist.

Wachtsje op in trein, wachtsje op in dream.
Wachtsje op de winter en 
lit it allegear foarbygean.

Hoe ljocht kinsto sjen, hoe sacht kinsto hearre?
Kom mei in koer nei it hôf fan de stjerren.
Doch in âlde broek oan en
nim skjinne sokken mei.

Untdek dyn gedicht yn de djipte fan it fjild.
Kom mei in mûle, kom mei in skrift.
Do hoechst net te rymjen op wat der al is.


It gedicht ‘Bewolke Wâldlânskip’ is makke foar en foardroegen by it listlûkersdebat op 8 maart 2022 yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.


Bewolke Wâldlânskip
        (oan de swevende kiezer)

Guon fan ús, wy sweve noch en … dêr ha we rjocht op!
lit ús no lekker as skieppewolkjes
oer de doarpen dobberje
sûnder beswieren
los fan de ierde 
we struie skaden oer de Dempte Feart
en oer de Warmoltsstrjitte, oer Minnes paadsje en 
de Mûntsetille

We sweve en meitsje in bewolke wâldlânskip
sûzjend as in wynrêd draaie we ús nochris om
mei de rêch nei de mieden
mei de snút nei de sinne

We hearre se wol, de fiskers fan kiezers
de iene seit: de mist sakket ôf
de oare seit: nee,

De beammen komme omheech!

We sweve stadichoan fierder
de kop even leegje, de romte yndwale

En we wolle wol dale, mar 
wêr is de boaiem, en fan wa is de grûn
en meie we dêr wol komme

Wat is ús lokale stim wurdich
as tiid en romte kopketommelje
en it sa rommelet achter de hoarizon?


It gedicht ‘Bewolke Wâldlânskip’ is makke foar en foardroegen by de âlde gemeenteried op 29 maart 2022 yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.

Farwol en oant moarn

In my dreams I am always saying goodbye and riding away
(Stevie Smith)

wie it mar wer sa as froeger
bromt in man op it terras
tsjin syn maat
krekt as ik de bus útstap 
heal leech klinke de glêzen
de middei is hast foarby
in flarde fan in petear
it iene ear giet it yn
en dan bliuwt it hingjen
as in elpee mei in kras derop

wie it mar wer sa as froeger
ik sjoch mysels
yn de bus
werom nei Surhústerfean
de sjauffeur ken ik net
mar dochs is hy deselde as 
yn alle oare bussen
dy’t ik my herinnerje
en op de radio
draait in klassike hit
dy’t my tagelyk 
yn de tiid reizgje lit

mar sels as ik útstap yn de Wâlden
en de melodyen fan it Frysk om my hinne sjonge
kin ik de Wâlden o sa misse

juster sprekt in frjemde taal tenei
net langer binne wurden fan gelok
streekrjocht oer te setten nei moarn

wat ik besykje te sizzen, is, kom, we geane, 
bliuw net hingjen yn wat west hat
reizgje fierder
ja, we sette de sokken deryn!
stappe net op de fyts, yn de bus, of de auto, nee, 
we klimme op hynders
en sykje âlde wegen 
dy’t stadich oplosse 
yn de mist
en krekt as yn in dream sizze we farwol
en noait komme we werom

no is de boarne, hjir is de stream 
ús hynders drinke
in soele wyn driuwt troch de greiden en de doarpen, oer brêgen en nachten

neat wolle we misse
oeral binne we by
 

It gedicht ‘Leave frede’ is makke foar en foardroegen by de betinking fan de Slach by Blauforlaet op 13 april 2022.

Leave frede

wêrom waaie de flaggen
frysk en frij
op de brêge by Blauforlaet?

net foar de eare en gloarje
fan lieder of lân
net om it sizzen: wy
binne better as oar folk

en gjin kolonne fan tanks
mar frachtweinen en trekkers
dinderje foarby

swier ronkje de motoaren
oer de sulveren skittering
net fan nasjonale grutskens
mar fan ljocht op boartlik wetter

tusken alle bruorren 
en alle susters
is frede in brêge
 

It gedicht ‘De Ferbining’ is makke foar en foardroegen by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedings op 26 april 2022.

De Ferbining
 

ús dagen wenje yn in tún fan ljocht
mei soarch oanlein
mei oandacht ûnderhâlden

sinne oranje, blauwe moanne
oeral leit it ljocht te plak
yn in hûs dat leafde makket

en al krimpt en waakst de wrâld
as in eilân op it waad

yn dit hûs falt de moarn
troch grutte finsters
en streamt troch romme keamers

en waarm is it, ljochtpatroanen hingje
as skilderijen oan de muorren

ús dagen, in hûs

sels yn de nacht, de noardernacht
as der gebeure moat
wat gebeure moat

it hûs, in thús

sels yn de nacht
in soele wyn slûpt troch de gongen
yn it hûs dat leafde makket


It gedicht ‘It Freugdefjoer’ is makke foar en foardroegen by de Midsimmermoeting op 22 juny 2022.

It Freugdefjoer

Nachts leit ús stêd oan see.
We kenne mekoar fan de doarpen en fan de skoallen.
We drinke en we dreame wat. Lampen oerstallich.
Heech is it balkon.

Sa lêze we de simmer. Sy is djip as fantasy.
Se skriuwt as de wyn sa licht. Slingers mei oranje flachjes
bynt se oan de toppen fan juny.

We lêze ek de nacht. Oait wie sy in see fan swart.
Sjoch har no--- tin, tsjuster toudûnsjen.
Se draacht it universum as in bodysuit.
Skitterjend soepel. Nau op de hûd.

Eartiids, altyd, op midsimmerjûn, bouden wy in freugdefjoer.
No witte we wol better. It waar slacht om en om en om.
Heech balkon. De nacht is koart, in knypeach
yn de simmer.

Drinke fan de nachtsee. By it earste teken 
fan frede, sakje we nei de dunen ôf.
We sjogge oer de wâlden nei it easten
en wachtsje op de sinne.



It gedicht ‘Fertrou op my’ is foardroegen by de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis 2022 en basearre op it priiswinnende boek ‘It Neidiel fan de Twivel’ fan I.E. Bloem.

Fertrou op my 
(foar Bas en Julia, Milaan, 2020)


no stean ik op it fleanfjild
en moat werom nei Fryslân ta
nei myn suske, nei ús mem
mar bin ik noch deselde Bas?

lichte wolk, sjongend sân …
de m-m-moanne weagjend yn myn hân …
dyn  wêzen trof my as in tongerslach
sa djip yn my ferdwûn de nacht
o, leave Julia, doe’t ik dy seach
do, myn sinne, foar it earst
ik wist it daliks, en daliks … wist ik neat

it hert dat trillet my, o net normaal
it sjongt amore mio yn de moaiste taal
ik kom ta libben yn Italia
o cara mia, dit lân, sa fier fan wa’t ik wie - 
dy stammerjende jonge … dy bleke Fries

m-mar myn nije maten (binne it wol maten?)
se  laitsje en se húnje, se laitsje as hyena’s
ha ik it mis? Se tinke datsto ‘wappy’ bist
en ik in domkop deropta (och Julia)

hjir stean ik op it fleanfjild 
en wat ik ek woe, sa goedbedoeld,  it misbetearde 
dochs  … stammerje doch ik amper mear

want as in firus diggelet it fjoer troch my!
in moardzjende koarts, oanstutsen troch dy
myn leafste, myn moaiste Julia!
hjir helpt gjin Pfizer, Jansen of Moderna
fertrou op my … De Nije Bas.


It gedicht ‘Droktemakker’ is makke foar en foardroegen by de presintaasje fan in meartalige poëzijrûte en leskiste op basisskoalle De Wâldiik yn Boelensloane op 13 jannewaris 2023.

Droktemakker

Sil ik oait leare gjin lûden te meitsjen?
Se flústerje: ssssssst
Mar as ik laitsje,
Dan laitsje ik lûd
As ik gûl
Dan gûl ik as in wolf, lûder as in wolf!
Sels as ik myn skatsje sjoch
Dan pompt myn hert bûdûm dûdûm dûdûm

Sil ik oait leare stil te wêzen?
Ik draai yn myn sliep
It bêd kreaket en pipet
Ik prommelje en foeterje
Trommelje en toeterje
En dream ik fan myn skatsje op de scooter, ju
Dan sjongt myn hert bûdûm dûdûm dûdûm

(Wannear’t myn skatsje snúft
‘It rûkt hjir net sa chill’
Kin ik neat ûntkenne ….
Sels myn sketen binne net stil)

Miskien is myn liif in soarte fan orkest
Hat alles wat ik doch in dikke soundtrack
Ik slok en ik smak
Ik ram mei in klap
Twa glêzen op tafel
En skodzje de kola
Dop fan de kola
Pssssssssssjjj!

En flústeret myn skatsje: ssssssst
Dan rop ik keihurd SORRY HEAR!!!
Dan gûl ik as in wolf, lûder as in wolf
En stamp de doar út bûdûm dûdûm dûdûm

Sa reizgje ik by de earen del
De grutte earen fan de ierde.