Berne-opfang Bommelstein fiert twatalich sertifikaat
Op moandei 3 novimber wie it feest by Kinderopvang Bommelstein yn Bûtenpost. Wethâlder Tjibbe Brinkman kaam del om it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ offisjeel te ûntbleatsjen. Bommelstein behelle it sertifikaat al op 5 juny, as erkenning foar harren wize fan wurkjen mei sawol it Nederlânsk as it Frysk.
By Bommelstein krije jonge bern folop de kâns om beide talen boartsjendewei te learen. De opfang wurket mei dúdlike taalôfspraken: elke meiwurker praat konsekwint Nederlânsk of Frysk. Sa ûntstiet in rike taalomjouwing dy't goed is foar de ûntwikkeling fan bern.
Under it feest lies de wethâlder earst in ferhaaltsje foar oer de stikelbaarch. Dêrnei telden de bern tegearre mei him ôf fan tsien nei ien en waard it sertifikaat ûntbleate. In famke út de groep holp him dêrby. Oanslutend genoaten de bern fan in fleurige poppefoarstelling oer Jurre en in mysterieuze skatkiste. De moarn waard ôfsletten mei in lekker gebakje.
De sertifisearring is begelaat troch SFBO, it kennissintrum foar meartaligens by jonge bern. Yn it rapport fan de fisitaasjekommisje wurdt Bommelstein priizge om de rêstige sfear, de goede gearwurking en it positive omtinken foar taal.
De gemeente Achtkarspelen lokwinsket Kinderopvang Bommelstein fan herte mei it moaie resultaat!
