Burgemeester Jouke Douwe bezoekt nieuwe locatie concours hippique Drogeham

"It gers is meand en it lân wurdt dizze wike noch even goed flak rôle. We binne der hielendal klear foar!" Aan het woord is Appie Alma, voorzitter van het concours hippique in Drogeham. Dit concours wordt volgende week zaterdag, 20 juni, voor de 47e keer gehouden. Op een nieuwe plek, aan de Westerein 3 in Drogeham, en daar hebben we deze middag afgesproken. We staan midden in het weiland waar het feest volgende week plaats zal vinden, omringd door het 'smûk skaadzjend beamtegrien' van Achtkarspelen.

"It is in prachtige lokaasje," zegt Alma. "We binne der tige wiis mei dat we it concours hippique hjir de kommende jierren hâlde kinne. Want op ús âlde plak wie in nije eigner kaam en dy woe gjin langjierrige ferplichtingen oangean. Lokkich woe de famylje Reinders dat wol. We kinne hjir minimaal de kommende fiif jier te lâne."

Trees Fokkinga is er deze middag ook bij. Zij zit al vele jaren in het bestuur van het concours hippique. "Ik kom net út de hynstewrâld, mar ik fyn it prachtich om ditsoarte fan eveneminten te organisearjen." In het dagelijks leven werkt zij in de managementondersteuning en communicatie. "En dat komt goed fan pas yn de hiele organisaasje," aldus Alma die zelf ook niet uit de paardenwereld komt. "De oaren yn ús bestjoer hawwe wol in soad mei hynders, hear," stelt hij mij gerust. "Ik kom sels oarspronklik út de horeka. Ik wit dus hoe't it is om gasthear te wêzen en minsken te fermeitsjen. Ik wurkje no al wer mear as tritich jier yn it betonstaal en it is gjin tafal dat we op it stuit in hiel soad sponsors út dy sektor wei hawwe," glimlacht hij.

'It is ien grutte famylje'

Want zo gaat dat bij het concours hippique in Drogeham. "It is ien grutte famylje," legt Fokkinga uit. "Frijwilligers komme foar in grut part út ús eigen freone- en kennissekring." Er zijn maar liefst 65 vrijwilligers actief bij het concours hippique. "Dit jier binne der al wer fiif nije by kaam," zegt Fokkinga. "De frijwilligersjûn dy't we elk jier nei in concours organisearje, fyn ik sels altyd tige gesellich. Dan is de spanning derôf en komme de ferhalen pas echt los."

Want spannend blijft het nog altijd. Ook na al die jaren. Het is bovendien een drukke tijd zo vlak voor het concours. "De lêste fjouwer wike foar it concours hawwe we eins deistich wol even kontakt," zegt Alma die nu zeven jaar voorzitter is. "Der moat in soad regele wurde." En dat wordt de laatste jaren, met alle nieuwe wet- en regelgeving, alleen maar meer. "We moatte sa stadichoan in hiel soad papieren ynfolle," zucht Alma. "Wy rêde ús dêrmei, mar ik kin my goed yntinke dat it oare minsken der ek fan wjerhâldt om noch in evenemint te organisearjen. It soe net ferkeard wêze as dêr fan de gemeente út wat stipe yn jûn wurdt."

Niet alleen door de regels, maar ook om andere redenen, is het concours in de loop van de jaren wel veranderd. "We binne ein jierren '70 begûn. Doe wie it allegear noch hiel lytsskalich. It is yn de rin fan de jierren hieltyd grutter en professioneler wurden. Mar we hawwe it acht jier lyn ek wer werombrocht. We hiene yn de jierren dêrfoar altyd in grut feest nei de tiid. Dat frege in hiel soad fan ús frijwilligers, want dy wiene faak fan moarns betiid ôf al yn it spier. Dêrom hawwe we besletten om mei dat feest nei de tiid te stopjen"

"We binne doe weromgien nei de oarspronklike doelstelling fan it concours hippique," vult Fokkinga aan. "We wolle de hynstesport promoatsje, benammen ek foar de jeugd. Sa wurdt der in grût striedoarp boud mei berneteater, springkessens, demonstraasjes, sminkers en, net te ferjitten, in iiskokarre. Boppedat jouwe we spesjaal omtinken oan de Young Riders (foar jonge ruters fan 16 oant 21 jier, red.)." En met succes, want dit jaar zijn er zoveel aanmeldingen onder de Young Riders dat er twee groepen moesten worden gevormd.

Het gaat sowieso erg goed met de aanmeldingen, aldus Alma. "Alle programma's sitte hielendal fol. We hawwe mar leafst 27 rubriken en 250 dielnimmers en dêr binne we tige grutsk op." Het belooft dan ook weer één groot paardenfeest te worden, waarbij tuigpaarden centraal staan en waarbij het publiek kan genieten van Friese paarden, KWPN's (Koninklijk Warmbloed Paarden Nederland) en Hackneys.

"En dat allegear fergees," benadrukt Alma. "Want ek dat maakte ús concours hippique unyk: we heffe gjin entree! En dat allegear mei grutte tank oan al ús sponsors en frijwilligers."

Zaterdag 20 juni vanaf 13.00 uur, Westerein 3 in Drogeham. Ik ben erbij! Jij ook?