Dorpskuier burgemeester De Vries met Willem Wouda

Willem Wouda: "Hâld pjutten safolle mooglik byinoar!"

Van kleutermeester in Harkema naar bestuurder van TIKO kinderopvang. De cirkel is rond voor Willem Wouda. Enthousiast ontvangt hij mij deze ochtend bij peuteropvang De Wâldpykjes in Harkema. 

Reden om elkaar te spreken is het nieuwe Integraal Huisvestingsplan (IHP) voor het onderwijs in Achtkarspelen. Daarin wordt ook de kinderopvang als belangrijke partner genoemd. Zo wil de gemeente de vorming van Integrale Kindcentra (IKC's) stimuleren; met kinderopvang en basisonderwijs onder één dak.

Bij de peuteropvang in Harkema raken we al gauw in gesprek met pedagogisch professional Angelique de Boer. Zij is niet tegen de vorming van IKC's, maar ze vraagt wel aandacht voor het eigen karakter van de kinder- en peuteropvang. "Bern yn de pjutteleeftyd binne faak noch hiel ûnwis en dat freget om in oare oanpak as beukers en âldere bern," zegt ze. "Se moatte fertrouwen krije en dat betsjut dat se soms wat ekstra oandacht en in krûpke noadich hawwe. Der is ek in grut ferskil tusken bern fan 2 jier en bern fan 2,5 jier. Wy krije se no al fan 2 jier ôf yn de peuteropfang, mar ik sjoch dat se pas fan 2,5 jier ôf wat yn de learstân komme. Dêr moatte we wol omtinken foar hâlden bliuwe. It is echt in fak apart." 

Er is nu ook al prima contact met het basisonderwijs en daarvoor is het niet per se nodig om binnen een IKC onder één dak te zitten,  legt de Boer uit, ook al kun je dan wel sneller even iets overleggen. "Dêrby moatte we wol wach wêze op fersnippering," vult Wouda haar aan. "As we in IKC foarmje, hâld dan de pjutten safolle mooglik byinoar. Sa hawwe we dat hjir yn De Harkema ek organisearre en dêrmei hawwe we moaie grutte groepen. Dêrmei is Voor- en Vroegschoolse Educatie (VVE), wêrby't bern yn lytse groepkes ekstra stipe krije, ek better te organisearjen. Dat slagget minder goed as de  pjutten en bern ‘jonger as twa jier’ op itselde stuit oandacht freegje fan ús kollega’s."

Wouda begon in 1989 als meester bij de kleuters in Harkema. Vorig jaar werd hij bestuurder bij TIKO. Daarvoor was hij tien jaar lang bestuurder van onderwijskoepel ROOBOL. In die rol is hij meerdere keren betrokken geweest bij de vorming van een IKC. "It moaiste fyn ik noch altyd De Tijstream yn Holwert. Dêr is in IKC foarme mei it kristlik en iepenbier ûnderwiis én de berneopfang yn ien gebou. In echte gearwurkingsskoalle dus. Ik soe dêr ek grut foarstanner fan wêze as it giet om de fierdere IKC-foarming yn Achtkarspelen."  

Bang voor het verlies van de eigen christelijke en iepenbiere identiteit is Wouda daarbij totaal niet. "Wat bliken docht, is dat der by in gearwurkingsskoalle hiel bewust omgien wurdt mei de ferskate identiteiten. By in gearwurkingsskoalle is miskien noch wol mear omtinken foar de identiteit as by in eigenstannige kristlike of iepenbiere skoalle." 

Na de peuters brengen we een bezoek aan de kinderopvang die in hetzelfde gebouw zit. Wouda maakt van de gelegenheid gebruik om de plannen voor gratis kinderopvang te belichten. "It liket der noch altyd op dat de berneopfang yn 2029 fergees wurdt," geeft hij aan. Sommige kinderopvangorganisaties zien dat als een bedreiging voor hun eigen bedrijfsvoering. "Ik sjoch it just as in kâns," zegt hij. "Yn de bekostiging sil net folle feroarje, ferwachtsje ik. En ik tink dat mear âlders gebrûk meitsje sille fan de berneopfang. Dat jout wer kânsen om de berneopfang fierder te ûntwikkeljen en út te bouwen. Sa wolle we op de berneopfang soargje foar in ryk oanbod op it mêd fan sport en kultuer. Mei fergese berneopfang kinne we dat mooglik meitsje foar alle bern en wurdt net ien bern bûtensletten."

Tot slot lopen we naar het naastgelegen gebouw van de korfbalvereniging in Harkema. TIKO verzorgt ook de buitenschoolse opvang (BSO) in Harkema en die kampt met ruimtegebrek. "Dêrom soene we graach gebrûk meitsje fan de kantine fan de kuorbalferiening. Dy stiet oerdeis leech, dus dat soe in moaie win-win wêze. Wy krije mear romte en de kuorbalferiening krijt ekstra ynkomsten. Alle seinen steane op grien, allinne de omjouwingsfergunning moat noch regele wurde, mar we hawwe der alle fertrouwen yn dat dy meikoarten rûn komt." 
Wouda kijkt wat dat betreft al naar de toekomst. "Dizze lokaasje by de sportfjilden biedt noch mear mooglikheden. Sa soe ik de BSO graach keppelje wolle oan allerhande sportaktiviteiten. En ek op ús oare lokaasjes wol ik nei dy keppeling sjen." 

Het geeft mooi weer hoe betrokken en enthousiast Wouda is in zijn nieuwe rol als bestuurder in de kinderopvang. We spreken af om binnenkort ook een kijkje te nemen bij de andere opvanglocaties in Achtkarspelen. Wordt vervolgd.