Kultuer op strjitte

Untdekke, ûndersykje en meitsje!
Yn it projekt ‘Kultuer op strjitte’ ûndersykje learlingen út Achtkarspelen it doarp dêr’t se nei skoalle ta geane. Wat komst oan kultuer tsjin atst de doar fan skoalle útstapst? Dat kin bygelyks in moai gebou of keunstwurk wêze of in bysûnder strjitnammebuordsje of lânskip. De learlingen dogge ûndersyk en meitsje fan dat ûndersyk wat moais op skoalle. Dat kin in fideo of in flog wêze. Of in stripferhaal, of in toanielstik. Mar bygelyks ek in ferske of in rap. Ek kin it in moai keunstwurk wêze.
Meidwaan? Klik op de knop hjirûnder en folje it formulier yn, dan nimme wy kontakt mei jimme op.
Besite boargemaster
Boargemaster Jouke Douwe de Vries komt graach by jimme del foar jimme presintaasje. Wol jimme skoalle in besite fan de boargemaster? Dat kin tusken maaie en desimber 2026!