Oebele Brouwer, burgemeester van Achtkarspelen, heeft besloten om na zijn eerste periode die stopt op 6 februari 2025, geen tweede periode aan te gaan. Hij heeft dit vorige maand al laten weten aan de vertrouwenscommissie en de Commissaris van de Koning. Vanavond heeft hij dat bekend gemaakt in de openbare raadsvergadering van Achtkarspelen. Door het nu al te melden kan de - vrij langdurige - procedure gestart worden om een opvolger te vinden.

Brouwer: it boargemasterskip is in prachtich amt, dêr't ik mei in soad wille ynfolling oan jûn ha. Benammen foar en tusken de minsken, op de foargrûn as it moast en troch de efterdoar as it koe. Yn de situaasjes fan leed en wille: alles foar de ynwenners en besykje dêr de ferbining te bringen. Gearwurkje mei amtners, wethâlders, riedsleden en kollega's, dêr't ik yn al dy jierren ek in bân mei krigen ha. 

Mar ik ha der ek nea in geheim fan makke dat dêrnjonken de juridyske ynhâld my boeien bleau: as âld-Offisier fan Justysje is dat ek net sa frjemd. Ik ha foar eagen om dêr it lêste part fan myn karriêre noch wat mei te dwaan en dêrom foar my gjin twadde perioade as boargemaster. Wy sille sjen wat der tsjin dy tiid op myn paad komt.