Survento Fanfare Festival en Alina Nemchenko & Anastasia Bortnikova winners kultuerprizen Achtkarspelen

It Survento Fanfare Festival út Surhústerfean en skriuwsters Alina Nemchenko út Bûtenpost & Anastasia Bortnikova út Droegeham, binne de winners fan de kultuerprizen 2025 yn Achtkarspelen. Dat waard tiisdeitejûn 27 maaie bekend makke yn it gemeentehûs yn Bûtenpost. ‘Wy fine it as gemeente fan grut belang om omtinken te jaan oan kultuerprizen, omdat se net allinnich talint sichtber meitsje, mar ek wurdearring en ynspiraasje bringe yn ús mienskip.’’, seit wethâlder Tjibbe Brinkman.

Kultuerpriis en Oanmoedigingspriis jong talint
De sjuery bestie út byldzjend keunstner Hetty Combs, Andries Renema, koördinator Cultuurcentrum de Wâldsang en Dictus Benedictus fan Teater Bûtenpost en Maskelyn út Bûtenpost. Foar beide kultuerprizen ha hja út de nominearren de winners keazen. Foar de ‘Kultuerpriis Achtkarspelen 2025’ wiene trije kandidaten nominearre.

  • Jan van der Velde (organisator muzykfeesten)- Surhuzum
  • Steyn Land (sjonger) – De Harkema
  • Stichting Survento Festival – Surhústerfean

De ferbinende rol fan muzyk, as kearnwearde fan de organisaasje, komt neffens de sjuery sterk nei foaren by it Survento Fanfare Festival.

Foar de ‘Oanmoedigingspriis jong talint Achtkarspelen 2025’ wiene twa kandidaten nominearre.

  • Freke Elzinga (muzikant) - Bûtenpost
  • Alina Nemchenko - Bûtenpost & Anastasia Bortnikova - Droegeham

De sjuery priizget de skriuwsters Alina Nemchenko út Bûtenpost & Anastasia Bortnikova út Droegeham foar it ferbinende karakter fan de ferhalen yn it Oekraynsk, Nederlânsk en Ingelsk foar de ferskillende folken en generaasjes.

Kultuerpriis Achtkarspelen

De ‘Kultuerpriis Achtkarspelen’ kent de gemeente ta oan in persoan of organisaasje dy’t de ôfrûne twa jier in weardefolle bydrage levere hat oan it kulturele klimaat yn de gemeente. De ‘Oanmoedigingspriis jong talint Achtkarspelen’ is bedoeld as oanmoediging foar jongerein dy ’t de ôfrûne twa jier in bysûndere prestaasje levere hat op it terrein fan kultuer. De winner fan de ‘Kultuerpriis 2025’ krijt in bedrach fan € 1.000 en de winners fan de ‘Oanmoedigingspriis jong talint 2025’ in bedrach fan € 500.

Op de foto:
Steand f.l.n.r.: Wethâlder Tjibbe Brinkman, Hans Postma, Klaas Groenwold
Sittend f.l.n.r.: Marieke van der Veer, Alina Nemchenko, Anastasia Bortnikova