OBS De Mienskip yn Bûtenpost hat as earste skoalle kultuer op strjitte ûntdutsen

Wat komst oan kultuer tsjin ast de doar fan skoalle útstapst? Dy fraach stiet sintraal yn it projekt Kultuer op Strjitte. Learlingen fan OBS De Mienskip yn Bûtenpost hawwe de ôfrûne tiid ûndersyk dien nei kultuer yn harren eigen omjouwing. Bysûnder is dat de hiele skoalle meidien hat oan it projekt. Op 2 septimber presintearren sy de resultaten. Ek wethâlder Jelle Boerema wie dêrby oanwêzich.

Wethâlder Jelle Boerema: "It is moai om te sjen hoe't learlingen mei nije eagen nei harren eigen omjouwing sjogge. Sa ûntdekke se de Fryske taal, kultuer en skiednis dy't om harren hinne te finen is. Dat past moai by ús Taalplan Achtkarspelen."

Ek oare skoallen binne mei it projekt dwaande. By kultuer kinst tinke oan gebouwen, keunstwurken, pleatsen, strjitnammen, lânskippen en stânbylden. De learlingen ûndersochten hokker foarmen fan kultuer yn harren doarp te finen binne. Dêrnei makken se in kreative presintaasje fan harren ûntdekkingen. Dat koe bygelyks in fideo, floch, stripferhaal, toanielstik, ferske, rap of keunstwurk wêze.

Projekt foar basis- en fuortset ûnderwiis

Kultuer op strjitte is bedoeld foar:

  • learlingen fan de boppebou fan it basisûnderwiis;
  • learlingen fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

It projekt slút oan by de nije kearndoelen foar Fryske taal en kultuer, dy’t sûnt 1 augustus 2026 jilde. Learlingen ûntwikkelje net allinne harren taalfeardigens, mar wurde ek bewuster fan de kultuer en it erfgoed yn harren eigen leefomjouwing.

Troch te wurkjen mei ûnderwerpen út de direkte omjouwing krije learlingen op in praktyske en kreative wize les yn taal, kultuer en boargerskip.

Kultuer op strjitte is yn it ramt fan Taalplan Achtkarspelen ûntstien yn in gearwurking tusken gemeente Achtkarspelen en Cedin.

Mear ynformaasje: Kultuer op strjitte | Gemeente Achtkarspelen