Mear ynformaasje oer de histoarje, wapen en flagge en doarpen. 

Histoarje

Yn 1338 hearre wy foar it earst wat fan it hjoeddeistige Achtkarspelen. It gebiet mei acht tsjerkedoarpen, kerspelen neamd, wurket as ienheid mei syn geastliken, foarname lju en grietmannen as de grietenij Octo Parrochiae. De acht kerspelen binne dan Tortwalda, Suderhusum, de Sancto Augustino, Asterham, Westerham, Optwijsel, Uppost en Lytsepost.

Kleasters

Neist de acht kerspelen binne der ek twa kleasters oanwêzich yn de grietenij. 'Jerusalem' by it hjoeddeistige Gerkeskleaster en 'Sepulchrum S. Mariae' (Buwekleaster) by it hjoeddeistige Droegeham. De kleasters bringe de ferfening op gong en sa wurde der in stikmannich nije delsettings kreëarre.

Fan 1500 tot 1800

Yn dizze tiid heart de grietenij ta it bisdom fan Munster, mar rûn 1500 hinne wurde kerspelen de sechde grietenij fan Oostergo. As yn 1580 it Roomske geloof ferbean wurdt, ferfalle de kleasters fluch. De oerbleaune turf wurdt ferkocht oan Utrechtse keaplju. Om 1800 hinne falle de ynkomsten út de turf wei en komt der in radikale ommekear. De oerbleaune heidefjilden sûnder turfûntginningsmooglikheden wurde útstjitgebieten yn in liberaal tinkend Fryslân. De lânbou kriget de kâns har te fêstigjen yn stevige strukturen op basis fan rjocht fan de sterkste. Hjirtroch falle in soad arbeiders bûten de boat en begjinne sels nije bedriuwsfoarmen yn de agraryske sektor.

Wapen en flagge

Op 25 maart 1818 nimt de ‘Hoge Raad van Adel’ it beslút om oan de ‘Grietenije van Achtkarspelen’ it wapen te jaan mei de neikommende omskriuwing: ‘Zijnde van zilver, beladen met een kerspelkerk met acht torens, staande op een groene grond gedekt met een gouden kroon’.

Dêr kin fierder noch oer sein wurde dat de karspeltsjerke griisread fan kleur is en de toerspitsen blau binne. Achtkarspelen hat in saneamd sprekkend wapen: der is in direkte relaasje tusken ôfbylding en namme. De acht tuorren slaan op de acht tsjerkedoarpen (karspelen) dy’t yn 1818 yn Achtkarspelen leine. Dat wiene: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, Koaten (no Koatstertille), Koartwâlde (tusken Surhuzum en Surhústerfean), Lutjepost (heart no by Bûtenpost), Surhuzum en Twizel.

Wapen en vlag van de gemeente Achtkarspelen

Flagge

De gemeenteflagge – in symboalyske werjefte fan it gemeentewapen – hat de Rie fêststeld op 28 april 1958. De flagge hat yn de breedte in middenbaan en oan de boppe- en ûnderkant in smelle baan. De trije banen hawwe fan boppen nei ûnderen de kleuren read (de kleur fan de tsjerkemuorren), wyt (de sulveren ûndergrûn fan it wapenskyld) en grien (de skyldfoet út it wapen). Yn de middelste baan is oan de linkerkant in achtpuntige blauwe stjêr te sjen (de acht tsjerketuorren).

Afbeelding met de wapens en vlaggen van de gemeente

Doarpen

Stynsgea

Stynsgea is it doarp mei de measte buorskippen, want ta dat doarp behearre ek Blauferlaat (mei in haven oan it Prinses Margrietkanaal), Reahel (in stripe mingde bebouwing by de noardkant fan it Prinses Margriet lâns) en Reaskuorre (de kant fan De Harkema út). Der wennen yn Stynsgea foarhinne nochal wat famyljes fan oansjen. Op âlde kaarten is te sjen dat der eartiids guon deftige hearehuzen (states) stien hawwe (Gaickema, Jensma en Siccama).

De nammen dêrfan binne werom te finen yn trije strjittenammen. Dat is ek it gefal mei de skilder Willem Bartel van der Kooi, yn 1768 yn Stynsgea berne, dy't ek bûten Fryslân namme makke. Wurk fan him hinget yn it Rijksmseum, ûnder oaren it bekende skilderij 'De minnebrief'. Hoewol't Stynsgea altiten in agrarysk doarp bleaun is, is der yn it doarp wat yndustry fan mear as lokale betsjutting lykas in fabryk fan keunstofkezinen. In diel fan de yndustry is om de haven by Blauferlaat hinne festige.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1233
Oantal wenningen: 504

Boelensloane

Dit doarp is ûntstien nei de ferfeaning fan it heechfean dat eartiids by Surhústerfean hearde. Yn de histoarje sil de dêrop folgjende perioade bekend bliuwe as ien fan grutte earmoed. Nei alle gedachten koe Boelensloane dêrom ek sa om ende by de ieuwiksel ferskate striders foar it sosjalisme. Underskate strjittenammen dogge dêroan tinken. Boelensloane hat syn namme ûntliend oan de wei dy 't troch it doarp rint, foarhinne in sânreed ûnder de namme Boelensloane.

Yn de 17e ieu hawwe leden fan de famylje Boelens grietman en siktaris fan Achtkarspelen west. Opmerklik yn Boelensloane hat altyd de omfang fan de metaalyndustry west. Spitigernôch is de wurkgelegenheid yn dy sektor troch it weromrinnen yn de ekonomy gâns minder wurden. Hoewol 't de út inoar lizzende bebouwing tekenjend is foar Boelensloane, hat de nijbou yn de rin fan de jierren dochs soarge foar de foarming fan in beskate doarpskûm.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1141
Oantal wenningen: 507

Bûtenpost

Bûtenpost leit healwei Grins en Ljouwert en dy lizzing hat fanâlds fan betsjutting west foar dat (grins)doarp. Yn eardere tiden hat Bûtenpost (bûtenste poart of wacht) nochal wat te lijen hân fan de striid tusken de Friezen en de Grinslanners. Stadichoan festigen him der leden fan foarname Fryske famyljes; roubuorden yn de Nederlânsk herfoarme tsjerke bringen soks yn it ûnthald. Yn de 19e ieu begûn Bûtenpost foardiel te krijen fan de lizzing tusken twa haadstêden.

It doarp waard pleisterplak foar de postweinen. De hynders ferdwûnen en trein (yn 1866 waard it spoar tusken Grins en Ljouwert iepene) en auto's kamen. Spoarlinen en rykswei hawwe in wichtige rol spile yn de ûntwikkeling fan Bûtenpost en de lizzing dêroan is noch hieltiten fan grut belang.

Yn Bûtenpost stiet it gemeentehûs. It goede foarsjenningsnivo (û.o. troch ünderwiisynstellings) en de oantreklike lizzing drage der ta by, dat der praat wurde kin fan in noch hieltiten groeiende wenfunksje fan Bûtenpost.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 5762
Oantal wenningen: 2448
Webside: www.binnenbuitenpost.nl(externe link)  

Droegeham

It doarp leit it meast westlik yn de gemeente op in hege sânkop. De namme is rjochtstreeks ôflaat fan de lizzing; in droege lântonge tusken it wetter. Ham betsjut ek in fan de dyk ynsletten stik lân. It karakter fan dit agrarysk doarp is hieltyd bewarre bleaun. In 'Droegehamster' is ek de beneaming fan in net al te fette ko.

Droegeham hat in aardich goed foarsjenningsnivo, ek wat de winkels ensafuorthinne oangiet. Wurkgelegenheid yn de yndustriële sfear wurdt bean troch ûndermear twa houtbewurkingsbedriuwen. It doarp is wiid en siid ferneamd troch de jierlikse 'Gondelvaart op wielen', dy 't yn septimber plakfynt.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1709
Oantal wenningen: 709
Webside: www.drogeham.com(externe link)

Gerkeskleaster-Strobos

De doarpen Gerkeskleaster en Strobos nimme yn ferskate dingen in bysûnder plak yn. Dizze doarpen lizze yn de noard-easthoeke fan de gemeente. Dat is in klaaigebiet, dat it typyske karakter fan de Wâlden mist; hjir gjin 'dykswâlen', mar in iepen lânskip.

De doarpen Gerkeskleaster en Strobos foarmje ien oaniensletten gehiel. Oant 1993 waard it doarp Stroobos trochsnien troch de grins mei de gemeente Gruttegast, dy 't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Omt soks allerhanne praktyske beswieren joech, is it Grinzer diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal is al hiel lang fan belang foar dizze doarpen. De yndustry krige dêrtroch al ier in kâns en yn dy twa doarpen binne dan ek guon grutte bedriuwen festige.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1144 (Gerkeskleaster: 812 / Strobos: 332)
Oantal wenningen: 477 (Gerkeskleaster: 354 / Strobos: 123)
Webside: www.gerkesklooster-stroobos.nl(externe link)

De Harkema

De Harkema is in doarp dat ferdwûn, mar wer werom kaam. Sawat healwei Droegeham en Stynsgea lei yn de 17e en 18e ieu oan wjerskanten fan de wei it âlde, lange streekdoarp 'Harkema-Opeynde'. Troch allerhanne oarsaken ferdwûn dizze boeremienskip as doarp, mar op de heidefjilden dy't yn it suden leine, ûntstie yn de folgjende ieu in nije bewenning yn de foarm fan hiel ienfâldige wenten en in bulte 'spitketen'.

Dy nije delsetting ûntwikkele him ta it heidedoarp Harkema-Opeinde. De doarpsnamme waard letter wizige yn Harkema. Foaral sûnt 1960 is it doarp in stik grutter wurden; dêrfoar koe der praat wurde fan in hiel fersprate bebouwing. De lêste jierren is der sprake fan in groei fan it oantal bedriuwen, benammen oan en tichtby de Betonwei.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 4295
Oantal wenningen: 1750
Webside: www.mooiharkema.frl(externe link)

Koatstertille

Oarspronklik wie Kooten in boeredoarp (Kooten is ôflaat fan it Fryske wurd koat of wol buorkerij). Trochdat yn 1571 de Spaanske offisier en stêdhâlder Casper di Robles opdracht joech ta it graven fan it Knillesdjip, sûnt 1945 Prinses Margrietkanaal neamd, setten mear Iju har nei wenjen yn de omkritenfan de brêge oer dat kanaal. Dy delsetting krige de namme 'De Tille' (Tille is it Fryske wurd foar hege brêge). Foaral om de ieuwiksel hinne ferrizen hjir ûnder oaren inkelde oaljemûnen, in jeneverstokerij en in skipstimmerhelling; in ier begjin fan yndustrialisaasje dus. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it kanaal om it doarp hinne laat, wêrtroch yn de foarme fan in dearinnendeearm in haven ûntstie, dêr't ferskate bedriuwen gebrûk fan makken.

Dat hie ta gefolch dat 'De Tille' it doarp Koaten efter him liet en dêrom waarden beide doarpen yn 1959 gearfoege ûnder de hjoeddeiske namme Koatstertille. As gefolch fan in feroaringfan it yndustrialisaasjebelied fan it ryk waard Koatstertille oanwiisd ta ûntwikkelingskearn. It die bliken dat de lizzing oan it grutskipsfarwetter in wichtige festingingsfaktor wie. Der festigen him sûnt dy tiid ferskate middelgrutte bedriuwen. Dy yndustrialisaasje hat foar it ûntwikkeljen fan Koatstertille wichtige gefolgen hân. Doe't de groei út ein sette, makke it doarp al gau in 'oerstapke' nei de 'oare kant' fan de Alde Dyk. Yntusken is hjirin frijwat grutte wyk ûntstien.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 2503
Oantal wenningen: 1003
Webside: www.plaatselijkbelang-kootstertille.nl(externe link)

Surhústerfean

De namme fan it grutste doarp fan de gemeente docht tinken oan de feankoloniale perioade. Surhústerfean ûntstie oan it ein fan de 16-de ieu as in festigingsplak foar turfgravers en turfskippers. In groep ûndernimmers út Utert hie yn 1576 in kontraktsletten mei it abt fan it kleaster 'Jerusalem' yn Gerkeskleasterom de hege feanen ûnder Surhuzum ôf te graven. De geastlikheid (mûntsen) hearde yn in noch eardere perioade ta de pioniers fan de ferfeaning. By dizze ferfeaners sletten harren al gau ambachtslju en winkeliers oan. Dizze minsken ha ynfloed hânop de fierdere (ekonomyske) ûntwikkeling fan Surhústerfean.

Surhústerfean is yntusken útgroeid ta in doarp wêrby it winkelsintrum in regionale funksje ferfult. De foar it doarp typearjendeûndernimmingsgeast komt lykwols ek ta útdrukking yn de yndustriële en tsjinstferlienende drokte yn en om it doarp. Surhústerfean biedt plak oan in breed skala fan bedriuwen, fan grut- oantlytsskalich en fan ynnovatyf oant tradisjoneel. De geunstige lizzing fan it doarp nei oan de A7 (Grins-Hearrefean) makket it doarp ta in geunstige útfalsbasis. De Fryske Rie fan de Heraldykhat it doarp Surhústerfean op 4 septimber 1986 de erkenning 'Vlecke' takend.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 5929
Oantal wenningen: 2584
Webside: www.surhuisterveen.com(externe link)

Surhuizum/Surhuzum

Surhuzum heart ta de typysk agraryske doarpen fan de gemeente. It grûngebiet is fry grut en rint oan de eastkant ta de grinsmei de provinsje Grinslân. Yn it ferline wie Surhuzum it grutstedoarp fan de grietenij Achtkarspelen; al it lân en fean dat besuden fan Styngea lei, behearde ta Surhuzum. It agraryske karakter fan Surhuzum komt ek ta utering tidens de jierlikse feestwikeyn augustus.

In yntusken fêst ûnderdiel is it wrâldkampioenskip seineharjen(it skerp meitsjen fan de seine). Foarhinne wie Surhuzum in streekdoarp mei in ôfwikseljende, foar it measte part agraryskebebouwing oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte. Yn de fyftigerjierren is in begjin makke mei in útwreiding fan it doarp yn de rjochting fan de wei Bûtenpost - Surhústerfean en sa hat Surhuzum yn de rin fan de jierren in doarpskûm krigen.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1302
Oantal wenningen: 514
Website: www.surhuizum-online.nl(externe link)

Twizel

Twizel is fan âlds in typysk streekdoarp; earst de lêste jierren is der sprake fan wat komfoarming. Eartiids hjitte it doarp Optwizel, wat betsjut: 'by de twasprong'. Twizel is in agrarysk doarpmei in soad -yn ferhâlding- grutte, soms monumintale pleatsen.

Lânskiplik binne de omkriten fan Twizel nijsgrjirrich. Noardlikfan de rykswei fynt men in kûlisselânskip mei de bekinde dykswâlen, mar ek ferskate pingo's. Súdlik fan de rykswei is in mearas minder moerassich gebiet binnen leechlizzende lannen (hjiris eartiids turf stutsen) mei in unike fûgel- en plantewrâld. 

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1081
Oantal wenningen: 457

Twizelerheide

Twizelerheide is fan âlds ien fan de heidedoarpen. Fanwege de lizzing oan de grins mei twa oare gemeenten (Dantumadiel en Kollumerlân c.a.) is de befolking ek 'noardlik' rjochte. Foar de wurkgelegenheid is men fierhinne oanwiisd op bedriuwen yn de omkriten en ek op Ljouwert. As heidedoarp hat Twizelerheidebûten de bebouwing by de haadwegen lâns eartiids oerwaagjend in fersprate bebouwing hân. Troch de útwreidings nei 1945 is yn de rin fan de jierren de foarming fan in doarpskom op gong kommen.

Gegevens per 1 jannewaris 2017:

Oantal ynwenners: 1796
Oantal wenningen: 733
Website: www.twijzelerheide.net(externe link)